Slach om Moskou
Part fan de Twadde Wrâldkriich
datum:2 oktober 194131 jannewaris 1942
plak:by Moskou, Sovjet-Uny
útkomst:oerwinning Sovjet-Uny
konfliktpartijen
Nazy-Dútslân Sovjet-Uny
befelhawwers
Fedor von Bock
Heinz Guderian
Albert Kesselring
Georgi Zjûkov
Alexander Vasilevsky
sterkte
1 oktober 1941:
1.183.693 - 1.929.406 soldaten
1 oktober 1941:
1.250.000 - 1.400.000 soldaten
ferliezen
174.000 - 400.000 slachtoffers 650.000 - 1.000.000 slachtoffers

De Slach om Moskou (2 oktober 19417 jannewaris 1942) wie in fjildslach oan it Eastfront yn de Twadde Wrâldkriich. It plan fan Dútslân, as ûnderdiel fan Operaasje Barbarossa, wie om de haadstêd fan de Sovjet-Uny, Moskou, yn te nimmen. Nei't de opmars de earste moanne flink fertrage wie troch it hjerstwaar (raspûtytsja) en de ûnferwachts sterke wjerstân, koe it offensyf goed twa wike letter trochsetten wurde. It twadde offensyf mislearre lykwols finaal, nei't op 5 desimber 1941 it Reade Leger in grutte tsjinoanfal begûn. Hitler seach gjin oare mooglikheid as it weromlûken fan syn striidkrêften op 15 jannewaris 1942. It doel fan it Reade Leger om de Heeresgruppe Mitte alhiel te ferneatigjen waard lykwols net berikt.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.