Slach by de Egadyske Eilannen
Part fan de Earste Punyske Oarloch

Kaart fan de Egadyske Eilannen
datum:10 maart 241 f.Kr.
plak:Egadyske Eilannen, westlik Sisylje
útkomst:Romeinske oerwinning
Ein fan de Earste Punyske Oarloch
Ferdrach fan Lutatius
konfliktpartijen
Kartago Romeinske Republyk
befelhawwers
Hanno de Grutte • Gaius Lutatius Katulus
• Kwintus Falearius Falto
sterkte
• 250 quinquiremes • 200 quinquiremes
ferliezen
• 50 quinquiremes ta sinken brocht
• 70 quinquiremes yn beslach nommen
• 10.000 manlju finzennommen
• 30 quinquiremes ta sinken brocht
• 50 quinquiremes skansearre

De Slach by de Egadyske Eilannen wie in seeslach en de beslissende slach yn de Earste Punyske Oarloch tusken it Kartaachske Ryk en de Romeinske Republyk en einige yn in Romeinske oerwinning. De slach waard op 10 maart 241 f.Kr. útfochten by de Egadyske Eilannen bewesten Sisylje.

Oanrin

Yn de jierren foar de slach wie it reedlik rêstich. De Romeinen wiene net hastich harren float op te helpen dy't skansearre rekke yn de Slach by Drepana en de dêrop folgjende stoarm. Kartago makke lykwols gjin gebrûk fan dy foardiel, om't de kriich almeast hjir en dêr op it lân yn Sisylje útfochten waard. Dêrby makke generaal Hamilkar Barka grutte winsten, sa't Kartago grutte kontrôle oer it eilân krige. Dat wie faaks ien fan de redens dat Rome besleat en help de float fannijs op, om de hearskippij op de see werom te bemachtigjen.

Nei 20 jier fan kriich wie de steatskas sa goed as leech. Rike lju, yn groepen of persoanlik, foar harren heitelânsleafde besleaten finansjeel mei te helpen, fansels mei de garânsje op dat se werombetelle waarden yn it gefal fan in Romeinske oerwinning op Kartago. Dat late ta it in float fan mear as 200 quinquiremes dy't boud en bemanne waarden sûnder oerheidsútjeften.

De nije float wie ree yn 241 f.Kr. Konsul Gaius Lutatius Katulus krige de lieding mei help fan praetor Kwintus Falearius Falto. De skippen wiene folle sterker en ek waarsbestindich boud.

Ek yn Kartago, dêr't men heard hat fan de warberens fan de Romeinen, mar dêr't ek in tekoart oan finansjele middels wie troch 20 jier kriich, waard oan in nije float boud fan 250 skippen, dy't alhiel oerbelêste waarden. Kartago hie gjin ferfierskippen mear en dêrfoar waarden ek kriichsskippen brûkt, dy't folle waarden mei in ûnbedreaune bemanning ûnder lieding fan generaal Hanno de Grutte dy't de Slach by Agrigentum en de Slach by Kaap Eknomus ferlern hie.

De slach

In ramstjûne fan ien fan de sonken Kartaachske skippen

Katulus sette útein mei de blokkade fan de havenstêd Lilybaion, hjoed-de-dei Marsala, yn westlik Sisylje om de ferbining mei Kartago en dus de oanfier foar Hamilkar Barka en syn leger yn Sisylje ôf te snijen. De Kartaachske float kaam der koart dêrnei ek oan en Hanno liet de float by de Egadyske Eilannen stopje, om op in geunstige wyn te wachtsjen. De float waard lykwols troch de Romeinen opmurken, dêrnei't Katulus de blokkade ophefte en him foar de fijân oer opstelde.

Op 10 maart moarns waaide de wyn yn de rjochting dy't Hanno hawwe woe, en hy joech it befel los te gean. Katulus stie no foar de kar yn de wyn te farren of Hanno frij paad te jaan om Lilybaion befrijen en it oanfierspaad foar Hamilkar frij te stellen. Nettsjinsteande de neidiel dy't Katulus hie, besleat er syn float yn de slachformaasje op te stellen en de Kartagers oan de lea te gean. It wie der op of derûnder foar de Romeinen. De geunstige wyn koe Hanno lykwols net helpe, want hy ferlear de slach. It is net alhiel wis, mar de ûnbedreaunens fan syn bemanning koe der oan bydroegen hawwe. Mear as de helte fan de Kartaachske float waard ta sinken brocht of yn beslach nommen. De rêst dreau fuort, doe't de wyn wer draaide.

Ein fan de Earste Punyske Kriich

Nei de slach sette Katulus mei de blokkade fan Lilybaion troch, en dêrmei waard Hamilkar Barka en syn leger yn Sisylje ôfsnien, dy't fêstige wiene yn de noch pear oerbleaune Kartaachske fêstings dy't der noch oer wiene. Sûnder de middels om in nije float te bouwen en it leger te fersterkjen, joech Kartago de striid op en ûndertekene it Ferdrach fan Lutatius mei Rome, dêr't de Earste Punyske Oarloch mei einige, en dêr't de Romeinen baas waarden yn Sisylje. Trije jier letter anneksearren de Romeinen Sardynje en Korsika om't dy gebrûk makken fan de tastân dêr't Kartago yn de hierlingekriich tangele wie.

Boarnen

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.