Slach by Hilligerlee (1536)
Part fan de Gelderske Krigen
datum:5 augustus 1536
plak:Hilligerlee, Ommelannen
útkomst:Boergondysk/Habsburchske oerwinning
konfliktpartijen
rand Habsburchske Nederlannen rand Gelre
befelhawwers
rand Georg Schenk fan Toutenburch rand Meindert fan Ham
sterkte
4.500 3.000
Dizze side giet oer de Slach by Hilligerlee yn 1536. Foar de Slach by Hilligerlee yn 1568, sjoch: Slach by Hilligerlee.

De Slach by Hilligerlee op 5 augustus 1536 wie in slach yn de Gelderske Krigen, dêr't Deenske bûnsgenoaten fan Karel fan Gelre, ûnder lieding fan Meindert fan Ham ferslein waarden troch Boergondyske troepen ûnder lieding fan de Habsburchske steedhâlder fan Fryslân, Georg Schenk fan Toutenburch.

Yn 1534 sloech de Deenske greveskeel oer nei de Fryske lannen en de Nederlannen, dêr't de Gelderske Krigen oan 'e gong wiene, doe't de Habsburgers Enno II fan East-Fryslân, dy't in bûnsgenoat fan Kristoffel fan Aldenburch wie, holp, en Karel fan Gelre holp Baltasar Oomkens fan Esens, dy't in bûnsgenoat fan Kristiaan III fan Denemark wie.

Yn maaie 1536 foel Meindert fan Ham, dy't troch Denemark en Gelre bystien waard, de Ommelannen yn. Hy drige Hollân oan te fallen, at de Habsburchske Nederlannen in float nei Kopenhagen stjoere soene en stean Kristoffel fan Aldenburch by yn de greveskeel dêre. Nettsjinsteande gebea de lânfâdes Marije fan Hongarije Adolf fan Boergonje in float 45 Nederlânske, Spaanske en Portegeeske skippen gear te stellen mei 3.000 seelju en 4.500 troepen ûnder lieding fan Freark II fan de Palts. Hja stjoerde Georg Schenk fan Toutenburch nei de Ommelannen en kom de driging dêr tefoaren.

De stêd Grins erkende Schenk fan Toutenburch as hear en hy gie troch nei Appingedaam. De twa legers moeten inoar by Hilligerlee en Meindert fan Ham waard ferslein.

Gefolch

Foar't de Habsburchske float úteinsette, foel Kopenhagen al yn hannen fan Kristiaan III fan Denemark, en waard de frede tekene. Karel fan Gelre moast belies jaan by de Frede fan Grave en Grins, de Ommelannen en Drinte oan Karel V oerjaan. Grins en de Ommelannen waarden gearfoege ta de Hearlikheid Grinslân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Israel, J.I.,The Dutch Republic; Its rise, greatness, and fall 1477-1806 (Oxford 1998), siden 63-64
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.