Slach by Dokkum
Part fan de Grutte Fryske Oarloch
datum:1418
plak:Dokkum en Iesumasyl
útkomst:Oerwinning Tom Brok
konfliktpartijen
Alliearden Skieringers
befelhawwers
Fokko Ukena, Sikke Sjaarda,
sterkte
± 1.000 manlju ± 1.000 manlju
ferliezen
ûnbekend ûnbekend

De Slach by Dokkum is in fjildslach út de Grutte Fryske Oarloch. De slach wie it gefolch fan in Alliearden oanfal op de Skieringers yn Dokkum, dy't dat plak brûkte om de Alliearden op see te bestoken. De gefjochten barden by Dokkum en Iesumasyl.

Oanlieding

Nei de nederlaach yn de slach by Okswertersyl stiene de Skieringers hiel bot ferswakke tsjinoer de Alliearden. De Roomske kening Sigismund hie har lykwols stipe tasein, mar stjoerde gjin militêre help. In part fan Keno II tom Brok syn leger wie nei de slach efter bleaun yn de Ommelannen en rjochting Westerlauwersk Fryslân gean dêr't sy yn Achtkarspelen oan it plonderje en rôve slein wie. De Skieringers koene dêr gjin folweardich leger tsjinoer stellen en moaste har beheine mei piraterij op see. Op alderlei wizen besochten sy de Alliearden te dwersbongeljen dêr't sy ek de Fiktaaljebruorren by ynskeakele. Dokkum wie strategysk lein en mei har festingswurken fan wichtich belang foar de Skieringers, wat de reden wie foar de Alliearden om oan te fallen.

De Slach

Yn 1418 set it Alliearde leger har ûnder lieding fan Fokko Ukena op wei rjochting Dokkum en plondere ûnderweis alles wat sy tsjin kommen. By Dokkum oankaam hoegden se net folle muoite te dwaan om de fersterke stêd yn hannen te krigen. Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr ûnskeadlik makke.

It measte part fan de bewapene Skieringers hâlde har op by de stins fan Iesumasyl en de striid ferpleatst him dêrhinne. Hjirre giet it fûleindiger oan ta as by Dokkum. Pas op it stuit dat de oanfallers it opjaan woene, bruts de ferdigening dochs noch en waard ek dy festing ynnaam.

Gefolgen

Nettsjinsteande de lytsere skeal fan de slach, fergelike mei de slach by Okswertersyl wiene der folle minder slachtoffers, hie de útkomst grutte gefolgen. Troch de Skieringers op eigen boaiem te ferslein dielde de Alliearden har in bot gefoelige tik út. It Skieringer ferset wie brutsen en sy wiene ree frede te sluten mei de oerwinners. Om it plonderjen te stoppen betelle sy de oerwinners in skatting fan inkele tûzen Frankyske skilden. Dêrnei gie it Alliearde leger werom nei Easterlauwersk Fryslân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • E. Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010, siden 38-44.

Boarnen:

  • Worp fan Thabor,
  • Johan fan Lemego,
  • Sicke Benninge, Chronickel der Vriesche Landen ende stadt Groningen .
  • Ubbo Emmius, Friesische Geschiechte
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.