Skyscraper
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurRawson Marshall Thurber
produsintBeau Flynn
Dwayne Johnson
Hiram Garcia
Rawson Marshall Thurber
senarioRawson Marshall Thurber
kamerarezjyRobert Elswit
muzykSteve Jablonsky
filmstudioLegendary Pictures
Flynn Picture Company
Seven Bucks Productions
distribúsjeUniversal Pictures
spilers
haadrollenDwayne Johnson
Neve Campbell
byrollenRoland Møller
Ng Chin Han
McKenna Roberts
Noah Cottrell
Pablo Schreiber
Hannah Quinlivan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre1 july 2018
foarmlangspylfilm
sjenreaksjefilm, rampefilm
taalIngelsk
Kantoneesk
spyltiid102 minuten
budget en resultaten
budget$125-129 miljoen
opbringst$304,9 miljoen

Skyscraper is in Amerikaanske aksje- en rampefilm út 2018 ûnder rezjy fan Rawson Marshall Thurber, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Neve Campbell. De titel betsjut "Wolkekliuwer". It ferhaal giet oer âld-FBI-agint Will Sawyer, dy't syn frou en bern út in wolkekliuwer yn Hongkong rêde moat nei't dy yn 'e brân stutsen is troch terroristen. De film waard opnommen yn Vancouver en útbrocht troch Universal Pictures. Skyscraper krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't oer it algemien bewûndering hiene foar it aktearjen fan Johnson, mar fûnen dat de film te folle liek op The Towering Inferno en Die Hard. Nettsjinsteande dat wie Skyscraper kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot

Will Sawyer is in feteraan fan it Amerikaanske Marinierskorps dy't by de FBI wurket as lieder fan in Hostage Rescue Team (HRT), in ienheid dy't by gizelings ynset wurdt om gizelders te rêden. By in rêdingsaksje dy't freeslik misbeteart as de gizelnimmer ûnferwachts in selsmoardbom blykt te dragen, rekket er swierferwûne. Syn lofterskonk moat ûnder de knibbel amputearre wurde. Yn it sikehûs is syn behanneljend dokter de kreaze Sarah, dy't earder by de Amerikaanske Marine tsjinne hat.

Tsien jier letter hat Sawyer in baan as befeiligingsadviseur. Hy is troud mei Sarah en se hawwe twa bern, de twilling Georgia en Henry. Hy is mei syn gesin nei Hongkong reizge, dêr't er op oanrikkemandaasje fan in earder lid fan syn HRT, Ben Gillespie, oannommen is om 'e befeiliging fan it krekt oplevere heechste gebou fan 'e wrâld, De Pearel, nei te rinnen foar de eigner, sakeman en miljardêr Zhao Long Ji. De Pearel is in 1.067 m hege wolkekliuwer mei 225 ferdjippings. De Sawyers hawwe de eare om as earsten yn it noch net iepene diel mei lúkse apparteminten te ferbliuwen.

Foar't er ôfset foar syn wurk, 'reparearret' Sawyer de mobile tillefoan fan syn frou troch it ding hielendal út te setten en op 'e nij op te starten. Neitiid hat er in gearkomste mei Zhao, Gillespie, Zhao syn haad befeiliging Ajani Okeke en de assuradeur Pierce, om te rapportearjen dat it automatisearre befeiligings- en -brânbestridingssysteem syn tests mei flagge en wimpel trochtstien hawwe. Wol moat er noch it befeiligingssintrum ynspektearje, dat ferstannigernôch net yn De Pearel, mar op in oare lokaasje yn Hongkong fêstige is. Zhao jout him in tabletkompjûter wêrmei't Sawyer folsleine tagong ta it kompjûtersysteem fan De Pearel hat. Wylst er mei Gillespie ûnderweis is nei it befeiligingssintrum, wurdt syn skoudertas stellen troch in dief. It docht lykwols bliken dat Sawyer de tablet yn 'e bûse dien hie.

Dat smyt de plannen fan in kloft terroristen ûnder lieding fan 'e Súdafrikaan Kores Botha yn 'e war. Gillespie, dy't mei harren ûnder ien tekken skûlet, kriget opdracht om 'e flater rjocht te breidzjen. Hy nimt Sawyer mei nei syn eigen hotelkeamer en besiket him dêr ûnder bedriging mei in pistoal de tablet ôf te pakken, mar by in wrakseling rekket er fataal ferwûne. Wylst er op stjerren leit, bychtet er op dat er út jildneed syn taflecht ta de misdie nommen hat. Hy drukt Sawyer op it hert om te sjen dat er fuortkomt, want Botha syn minsken binne ûnderweis. Sawyer wit nauwerneed it faaie libben derôf te rêden as oare terroristen yndie opdaagjen komme. Hy ûntkomt troch it finster en fia in brântrep, mar wurdt op 'e strjitte opwachte troch Botha syn ûnmeilydsume froulike trewant Xia, dy't him dochs noch de tablet ûntstelt en him ombrocht hawwe soe as de Hongkongske plysje net krekt op dat stuit tuskenbeiden kommen wie. Xia en de oare terroristen ûntkomme, en Sawyer set de efterfolging yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens binne Botha en in oare groep terroristen De Pearel ynkrongen, dêr't se it brânbefeiligingssysteem ûndermynje troch op 'e 96e ferdjipping in wetterreäktive gemyske stof te struien. As se dêrnei de sprinklers ôfgean litte, feroarsaket it bluswetter in brân, dy't de boppeste 130 ferdjippings fan 'e wolkekliuwer fan 'e bûtenwrâld ôfslút. Zhao, Okeke, Pierce en guon oaren befine har hielendal boppe-yn it gebou, yn it penthouse, dat ynrjochte is as Zhao syn persoanlike wente. De brân sit fier ûnder harren, op leechsteande ferdjippings, dat se sitte der net bot oer yn. Wat se net witte, is dat Sawyer syn frou en bern, dy't troch Gillespie fan kaartsjes foar de dieretún foarsjoen wiene om se út De Pearel te krijen, earder as ferwachte weromkeard binne om't Henry in astma-oanfal krigen hat.

Xia-en-dy kringe earne oars yn 'e stêd it befeiligingssintrum binnen, dêr't se alle meiwurkers deasjitte en mei Sawyer syn tablet de kontrôle oer it kompjûtersysteem fan De Pearel oernimme. Se sette alle brânbestriding út en it fentilaasjesysteem wiid iepen om 'e brân fan soerstof te foarsjen. Dêrtroch begjint de brân as in razende omheech te klimmen nei de top fan 'e wolkekliuwer. As se foar it ferstân krije dat Sawyer syn frou en bern weromkeard binne nei De Pearel, stjoere Zhao en Okeke in pear befeiligingslju om harren nei it penthouse te bringen, mar de mannen komme om yn 'e hommels oplôgjende fjoersee dy't it gefolch is fan it iepenjen fan it fentilaasjestelsel. Ek fan 'e Sawyers wurdt oannommen dat se dat net oerlibbe hawwe. Will Sawyer, dy't op dat stuit mei syn frou oan it byldbeljen wie, sjocht lykwols troch de kamera fan har oer de grûn rûgele mobyltsje dat sy en de twilling neitiid noch libje. Hy besiket wanhopich om De Pearel te berikken.

Boppe-yn it gebou beslút Zhao, op oanstean fan Pierce, om himsels en al it oerbleaune personiel mei syn privee-helikopter te evakuëarjen. Foartiid hellet er in USB-stick út 'e klûs yn it penthouse. Op it dak rûkt Okeke lykwols ûnrie as er de piloat net werom ken. Der folget in sjitpartij mei Botha en syn mannen, dy't harren op it dak ferskûle hiene, wêrby't ek oan it ljocht komt dat Pierce ien fan 'e terroristen is. Zhao wurdt finzennommen en alle personielsleden fan De Pearel komme om, útsein Okeke, dy't deadlik ferwûne rekket. Mei syn lêste krêften besjit er de helikopter, dy't dêrop delstoart en foar gaos op it dak soarget. Zhao sjocht syn kâns skoan en ûntkomt nei it penthouse, dêr't er himsels opslút efter in kompjûtersysteem dat net yn ferbining stiet mei it befeiligingssintrum.

De plysje fan Hongkong ferkeart ûnder de yndruk dat Sawyer efter de oanfal op De Pearel sit, en besiket ûnder lieding fan ynspekteur Wu om him op te pakken. Sawyer ûntwykt de plysje lykwols en wit mei halsbrekkende toeren fia in reuseftige boukraan boppe de brân yn De Pearel te kommen. Yn 'e wolkekliuwer hat Botha ûnderwilens útriddenearre dat er Sawyer syn kennis op it mêd fan befeiliging nedich is om it penthouse yn te kommen en Zhao finzen te nimmen. Hy ornearret dat Sarah en de twilling Sawyer syn swakke plak foarmje, en oarderet Pierce om harren finzen te nimmen. Yn in brânende binnentún besiket Pierce dat te dwaan, mar hy wurdt ûnderbrutsen troch Sawyer, dy't him deadet.

Sawyer lit dêrnei Sarah en Henry yn ien fan 'e liften stappe, dêr't er de keabel fan trochhakket mei in brânbile. De lift falt dan mei in geweldige faasje troch it brânende diel fan it gebou hinne, sa fluch, dat de brân der gjin fet op kriget. As Sarah, nei't se oant fiif teld hat, de needrem ynskeakelet, komt de lift ta stilstân krekt foar't er de boaiem fan 'e liftskacht berikt. Neitiid siket Sawyer yn it brânende gebou nei Georgia, dy't by har mem en broer wei rekke wie. Nei't se feilich út De Pearel kommen is, besiket Sarah ûnderwilens Wu en syn ûnderhearrige Han derfan te oertsjûgjen dat har man ûnskuldich is. Se identifisearret Botha, dy't se tsjinkommen is doe't hy en syn trewanten de gemyske stof it gebou ynbrochten, as ien fan 'e terroristen. Ek fertelt se dat se sjoen hat dat Botha-en-dy parasjutes by harren hiene, wêrmei't se blykber út it brânende gebou ûntkomme wolle. Mei Wu en Han stelt se fêst dat der mar ien logysk lâningsplak is foar lju dy't mei in parasjute fan it dak fan De Pearel ôf springe.

Foar't Sawyer Georgia fine kin, wurdt se finzennommen troch Botha. Dy easket dat Sawyer in manear fynt om 'e doarren fan it penthouse te iepenjen, oars sil er it famke fan it dak smite. Sawyer wurdt dêrtroch twongen om op 'e nij in aldernuodlikste aksje út te heljen as er bûtenom klimme moat om by in tagongspaniel foar it befeiligingssysteem fan it penthouse te kommen. Wylst hiel Hongkong syn dieden fia de kamera's fan 'e tillefyzjehelikopters mei ynholden siken folget, slagget it him om dêr en wer werom te kommen. Hy wit de doarren te iepenjen en it penthouse yn te kringen, dêr't er Zhao oermasteret as dy in pistoal lûkt. Zhao leit him út dat Botha him troch sjantaazje yn opdracht fan 'e organisearre misdie fan Hongkong seis miljoen dollar ôfdieve hie. As er net betelle, soe de bou fan De Pearel mei stakings platlein wurde. Dat, Zhao hie gjin oare kar as om ta te jaan, mar hy wist it jild digitaal te folgjen oant it de bankrekkens fan Botha syn opdrachtjouwers berikte. De gegevens fan dy persoanen sloech er op in USB-stick op as garânsje tsjin fierdere ôfsetting. De hiele oanfal op 'e wolkekliuwer is bedoeld om Zhao derta te bringen de USB-stick foar 't ljocht te heljen, sadat Botha him dy ôfnimme kin.

Wu en Han liede in plysje-ynfal op it plak dêr't parasjutisten fan De Pearel delkomme moatte, en treffe dêr Xia en har trewanten oan. By in sjitpartij wurde de terroristen útskeakele. Xia sels wit fuort te kommen, mar Sarah sjocht har tusken de plysje-auto's troch slûpen. Se falt har oan en wit har sa lang dwaande te hâlden dat Wu en Han weromkomme kinne om har te arrestearjen.

Yn 'e wolkekliuwer bringt Sawyer Zhao by Botha, dy't op it dak op harren wachtet, sabeare om him te ruiljen tsjin Georgia. Mar wylst Zhao Botha ôfliedt, wit Georgia út te naaien. Sy, Zhao en Sawyer sykje harren taflecht yn in fertrek dat tarist is mei tsientallen byldskermen dy't bylden werjouwe dy't net fan echt te ûnderskieden binne. It wurket as in soarte fan spegelkeamer, dêr't net ien mear wit oft wat er sjocht wier is of net. Sawyer makket fan 'e betizing gebrûk om ôf te weven mei Botha syn trewanten. Botha wit úteinlik Georgia wer te gripen, en driget har út it gebou te smiten, mar Sawyer is him te fluch ôf. Hy wit syn dochter te rêden en ynstee is it Botha dy't fan it gebou ôf smiten wurdt. Neitiid sitte Sawyer, Georgia en Zhao lykwols fêst op 'e wolkekliuwer wylst de brân hast it dak berikt hat.

Sarah fynt de tabletkompjûter werom dy't Xia fan har man stellen hie. Dêrmei hat se tagong ta it hiele kompjûtersysteem fan De Pearel, mar se hat net genôch kennis fan saken om te witten wat se der mei moat. Dan komt har Sawyer syn sizzen fan dy moarn wer yn 't sin: de measte problemen mei kompjûters kinne oplost wurde troch se op 'e nij op te starten. Sarah set it kompjûtersysteem fan De Pearel hielendal út en start it op 'e nij op, wêrnei't de brânbefeiliging weromkeart nei syn defaultsettings. De sprinklers en oare brânbestridingsmaatregels wurde fuortendaliks wer opstarten, en de brân wurdt weromkrongen sadat Sawyer, Georgia en Zhao mei in helikopter fan it dak rêden wurde kinne. De Sawyers wurde weriene. As Will Sawyer Zhao freget wat er no sil, antwurdet dy dat er fan doel is De Pearel te werbouwen.

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Will Sawyer Dwayne Johnson
Sarah Sawyer Neve Campbell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kores Botha Roland Møller
Zhao Long Ji Ng Chin Han
Georgia Sawyer McKenna Roberts
Henry Sawyer Noah Cottrell
Ben Gillespie Pablo Schreiber
Xia Hannah Quinlivan
Pierce Noah Taylor
ynspekteur Wu Byron Mann
brigadier Han Elfina Luk
Ajani Okeke Adrian Holmes
brânwachtkommandant Sheng Tzi Ma
meagere hacker Matt O'Leary
Ray Kevin Rankin

Produksje

Skyscraper waard regissearre troch Rawson Marshall Thurber, nei in senario dat er sels skreaun hie. It wie syn earste film dy't gjin komeedzje wie. It wie ek de twadde kear dat er gearwurke mei haadrolspiler Dwayne Johnson, nei Central Intelligence, út 2016. As produsinten wiene by it projekt belutsen Beau Flynn, Hiram Garcia, Thurber sels en Johnson foar de filmstudio's Legendary Pictures, Flynn Picture Company en Johnson syn Seven Bucks Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Elswit, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Steve Jablonsky.

De opnamen setten op 14 augustus 2017 útein. Der wie in budget fan $125 oant 129 miljoen foar Skyscraper beskikber. De film is foar it meastepart Ingelsktalich, mar der wurdt yn in stikmannich sênes ek Kantoneesk praat. Hoewol't de film yn Hongkong spilet, waard er hast hielendal opnommen yn it Kanadeeske Vancouver. Inkeld guon oersjochbylden fan 'e skyline waarden yn Hongkong filme.

Distribúsje

De filmdistribúsje fan Skyscraper waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 1 july 2018 yn 'e Sineeske haadstêd Peking yn premiêre. Neitiid waard der op 7 july in twadde galafertoaning yn Hongkong organisearre, foar't Skyscraper op 13 july iepene yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en op 20 july yn dy yn Sina. De film kaam op 25 septimber 2018 beskikber as digitale download, en waard op 9 oktober fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst

Skyscraper ûntfong mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Alonso Duralde fan TheWrap neamde de film in "befredigjende simmerskriller". Hy stelde fêst dat de film sterk liket op Die Hard, mei Bruce Willis, en skreau dêroer: "Skyscraper feroaret it aksjefilmsjenre net sa't Die Hard dat die, mar it is bêst in fermaaklik stikje simmerferdivedaasje […]." Yn it tydskrift Variety hie Peter Debruge mear krityk op 'e plot fan Skyscraper, mar hy priizge it aktearjen fan Dwayne Johnson mei de wurden: "Dit is eskapisme, poer en simpel, en hoewol't de struktuer gammel is, bewissiget Thurber him der, troch Johnson yn te setten, fan dat syn Skyscraper op in solide Rock ("rots") boud is." (In ferwizing nei Johnson syn bynamme 'The Rock'.)

De fertoaning fan Skyscraper yn Hongkong op 7 july 2018.

Yn Entertainment Weekly fûn Chris Nashawaty Skyscraper mar in swak ôftreksel fan Die Hard, dêr't er net mear as in 6 op in skaal fan 1 oant 10 foar oer hie. Hy skreau: "It is allegear wol om passyf oan te sjen, mar it foarnaamste probleem is dat skriuwer-regisseur Rawson Marshall Thurber […] net in smjunt betocht hat dy't ek mar heal sa memorabel is as Alan Rickman syn Hans Gruber. Ik wit dat dy ferliking ûnearlik lykje mei, mar as jo Die Hard sa skamteleas neibeare, is it dat eins net."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Skyscraper in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 260 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Skyscraper, in film mei in goede cast, mar in imitative plot, is net bepaald in prestaasje op it mêd fan aksjefilms dy't oeral boppe-út stekt, mar hy is bêst genôch yninoar set om himsels mank de myld ferdivedearjende films fan it sjenre oerein te hâlden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 42 resinsjes.

Resultaat

Skyscraper brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $68,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $236,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $304,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 oant 129 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $175,9 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch ôflutsen wurde. Skyscraper waard yn 2019 nominearre foar in Saturn Award foar bêste aksje- of aventoerefilm. Dwayne Johnson waard foar syn rol yn 'e film nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards yn de kategoryen favorite filmakteur en favorite regaadmakker.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.