In skout-by-nacht is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers is generaal-majoar, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is generaal-majoar of fise-loftmaarskalk. De boppelizzende rang is fise-admiraal, en de ûnderlizzende rang is kommandeur. De oansprektitel fan in skout-by-nacht is "skout-by-nacht".
Yn 'e marines fan 'e measte lannen hjit de skout-by-nacht oars; sa hat de Belgyske marine de difyzje-admiraal en de Angelsaksyske lannen de rear admiral (letterlik "efteradmiraal" of "admiraal fan 'e efterhoede"). Sawol de beneaming 'skout-by-nacht' as it Ingelske rear admiral is ûntliend oan it gebrûk út earder tiid dat de skout-by-nacht tafersjoch hold oer de float as de admiraal ôfwêzich wie of sliepte. Nachts ûntstieken alle skippen in lampe dy't se oan 'e efterstjûne hongen; de skout-by-nacht fear dan efter de float oan sadat er alle lampen yn 'e rekken hâlde koe.
Skematysk oersjoch
Oersjoch fan 'e skout-by-nachtsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
generaal-majoar | skout-by-nacht | generaal-majoar of fise-loftmaarskalk |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-7 | |||||||
generaal-majoar generaal |
skout-by-nacht skout-by-nacht (by it Korps Mariniers: generaal-majoar) |
generaal-majoar Generaal |
generaal-majoar Generaal |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |