De Skotten (Ingelsk: Scottish; Skotsk: Scots Fowk; Skotsk-Gaelysk: Albannaich) binne in folk dat lânseigen is yn it nei harren neamde Skotlân, dat it noardlike trêdepart omfiemet fan it eilân Grut-Brittanje, foar de Atlantyske kust fan Noardwest-Jeropa. Histoarysk binne de Skotten in gearraning fan in stikmannich ûnderskate folken, dy't yn 'e Iere Midsiuwen it Keninkryk Skotlân as in ûnôfhinklike steat fêstigen. Hoewol't dy ûnôfhinklikens yn 1707 ferlern gie, binne de Skotten as in tige werkenbere etnyske groep bestean bleaun, en hawwe se har yn 'e moderne tiid oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, mei as gefolch dat der hjoed de dei mear Skotten bûten as yn Skotlân wenje. Yn 2009 waard rûsd dat der yn totaal wrâldwiid 28 oant 40 miljoen Skotten en minsken fan Skotsk komôf binne.
Trochdat de Skotten fuortkommen binne út mear as ien folk, hawwe se oant hjoed de dei ta mear as ien taal, te witten it Germaanske Skotsk en it Keltyske Skotsk-Gaelysk. Beide binne lykwols sûnt likernôch 1600 almar fierder yn 'e knipe kommen troch de opmars fan it Ingelsk, dat tsjintwurdich troch de measte Skotten as har memmetaal sprutsen wurdt. Skotten binne yn mearderheid kristenen, wêrby't sawol it protestantisme as it roomsk-katolisisme oansjenlike oanhing hat. Ikoanen fan 'e Skotske kultuer binne û.m. de kilt (of manljusrok), it tartan (de weve wollene stof mei rútsjepatroan) en de doedelsek (in muzykynstrumint). Foarhinne wie benammen ûnder de bewenners fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden it clanwêzen ek tige wichtich.
Namme
De namme "Skotten" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Yn it Ingelsk hat dizze oantsjutting him ta ferskate foarmen ûntjûn, te witten: Scottish, ['skɔtɪʃ]; Scots, [skɔʦ]; en Scotch, [skɔʧ]. Scottish wurdt mear as eigenskipswurd brûkt (Frysk: "Skotsk"), wylst Scots mear as haadwurd brûkt wurdt (Frysk: "Skotten"), mar se kinne allebeide sawol eigenskipswurd as haadwurd wêze. De foarm Scotch is ferâldere en is tsjintwurdich eins inkeld noch yn gebrûk foar produkten fan Skotske makkelei, benammen iten en drinken, lykas wisky.
Komôf fan de Skotten
Yn 'e Midsiuwen ûntjoegen de Skotten har as ûnderskiedbere etnyske groep út in grienmank fan folken. De wichtichste groep waard dêrby foarme troch de Pikten, in folk fan ûndúdlik komôf. It wurdt tsjintwurdich wierskynlik achte dat hja ôfstammelingen wiene fan 'e earste weach fan Keltyske lânferhuzers, dy't yn it lêste milennium f.Kr. fan it fêstelân fan Jeropa oerstiek nei de Britske Eilannen en him dêr fermong mei de eardere Pre-Yndo-Jeropeeske bewenners. Mei't der lykwols net genôch fan 'e Piktyske taal oerlevere is om ta in wisse klassifikaasje te kommen, is it net út te sluten dat se eins gjin Kelten wiene, mar it lêste selsstannige restant fan 'e oerbefolking fan Skotlân.
In twadde groep waard foarme troch de Brytoanyske Kelten, dy't al foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid (dy't yn Brittanje yn it jier 43 begûn) it Súdskotsk Berchlân en it grutste part fan it leechlân fan Skotlân bewennen. Hja wiene ferdield yn ferskate stammen dy't behalven it suden fan Skotlân ek it noarden fan Ingelân bewennen, en Kumbrysk sprieken, in nau oan it Welsk besibbe taal. Sadwaande wurdt it Midsiuwske suden fan Skotlân en it oangrinzgjende diel fan noardlik Ingelân troch wittenskippers wol oantsjut mei de Welske namme Hen Ogledd, "it Alde Noarden". It wichtichste ryk fan 'e Brytoanyske Kelten yn súdlik Skotlân wie Strathclyde, dat syn sintrum hie by it hjoeddeiske Glasgow.
Fierders setten omtrint 500 de earste Gaelen (of Skotten) út Ierlân har nei wenjen oan 'e Skotske westkust. Hja namen taal en kultuer mei út Ierlân, en út harren Gaelyske Keltyske taal soe him neitiid it Skotsk-Gaelysk ûntjaan. Ek wiene sy it dy't (yn 'e persoan fan 'e hillige Kolumba) it kristendom nei Skotlân ta brochten. Oan 'e ein fan 'e sechsde iuw waarden de lytse Gaelyske rykjes troch kening Aidan feriene ta it keninkryk Dalriada, dat meitiid wat langer wat mear fergroeid rekke mei it Piktyske keninkryk, oant de Gaelyske kening Kenneth MacAlpin yn 843 op 'e Piktyske troan kaam. Om't bekend is dat de erfopfolging by de Pikten fia de mem rûn, wurdt wol tocht dat Kenneth syn mem in Piktyske prinsesse west hawwe moat.
Underwilens wiene de Germaanske Angelen mei de Saksen en guon Jutten en Friezen by it Germaanske Folkeferfarren oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid nei de Britske Eilannen tein. Yn 'e sânde iuw hiene hja yn noardlik Ingelân it keninkryk Noardumbrje stifte, en dêrwei begûnen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten dêre. De Angelen setten har nei wenjen yn it súdeasten fan Skotlân, yn 'e krite tusken de rivier de Tweed yn it suden en de Firth fan Forth yn it noarden, mar behearsken ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei de Flakte fan Kyle ta. Harren taal, in foarm fan it Angelsaksysk, soe him letter ûntjaan ta it Skotsk. Fanôf likernôch 800 brochten ynterne strideraasjes de Angelske hegemony yn súdlik Skotlân ûnder fuotten, hoewol't neitiid nije groepen Angelsaksen út Ingelân wei de grins oer kamen, fuort nei de Normandyske Ynfaazje fan 1066 wierskynlik sels yn oansjenlike oantallen.
Om dyselde tiid hinne kaam der in fyfde etnyske groep yn Skotlân, te witten de Noarske Wytsingen, dy't net inkeld ynfallen dienen en plonderings útfierden, mar har yn guon kontreien ek as kolonisten nei wenjen setten. Sa waard op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen de oarspronklike Piktyske befolking folslein troch de Noaren assimilearre, mar dy beide eilannegroepen foelen doedestiden ûnder de Noarske Kroan, en waarden hielendal net ta Skotlân rekkene. Ek tsjintwurdich noch wurde de Orkadiërs en de Sjetlanners faak as aparte groepen sjoen, dy't net mei de Skotten op ien bulte smiten wurde kinne. Yn it eigentlike Skotlân setten Noarske kolonisten har nei wenjen yn it uterste noarden fan 'e Heechlannen (it skiereilân Caithness), op 'e Hebriden en yn it súdwestlike Gallowegen. Op in stuit wiene se yn dy kriten sa machtich dat de Gaelyske befolking dêr omskreaun waard as Norse-Gaels ("Noare-Gaelen"). Uteinlik, lykwols, giene de Noaren dêr yn 'e Keltyske befolking op. Ut resint DNA-ûndersyk hat bliken dien dat likernôch 30% fan 'e befolking fan 'e Bûtenste Hebriden alteast foar in diel fan Noarske ôfstamming is.
Oan 'e sa ûntstiene smeltkroes waarden neitiid noch lytsere groepen tafoege. Sa nûge de Skotske kening David I yn 1113, nei't er út Ingelske ballingskip weromkeard wie en mei stipe fan Normandyske eallju út Ingelân de Skotske troan weromwûn hie, Normandyske aadlike famyljes út Ingelân en Frankryk út om har yn Skotlân nei wenjen te setten. In protte lju joegen dêr gehoar oan, en sa kin it dat guon fan 'e famyljenammen dy't tsjintwurdich as typysk Skotsk beskôge wurde, lykas Stewart (letter weromferfrânske ta Stuart), Bruce, Hamilton, Wallace en Melville, eins fan Normandysk komôf binne. In oare groep dy't him yn deselde tiid yn Skotlân nei wenjen sette, waard foarme troch de Flamingen (ferlykje de efternamme Fleming), dy't oer it algemien keaplju of hantwurkslju wiene.
Skiednis
Midsiuwen
As de berte fan it Keninkryk Skotlân wurdt ornaris de kroaning beskôge, yn 843, fan Kenneth MacAlpin ta kening fan Piktlân. Op dat barren folge in stadige ekspânsje fan it mienskiplike keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dat tsjin 'e alfde iuw "Skotlân" kaam te hjitten. De steatkundige grinzen fan it keninkryk waarden úteinlik fierhinne fêstlein yn it Ferdrach fan York, út 1237, mei Ingelân, en yn it Ferdrach fan Perth, út 1266, mei Noarwegen.
Yn 1290 ûntstie der troch it útstjerren fan it Hûs Canmore in opfolgingskrisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau en it lân regearre waard troch de saneamde beskermhearen. Dat machtsfakuum bea in iepening foar Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten. Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, ta kening kroane. Doe't dyselde twa jier letter, yn 1294, in bûnsgenoatskip mei de Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje") sleat, die Edwert in ynfal yn Skotlân, sette Jan fan Balliol ôf en griep sels de macht.
Dat late ta de saneamde Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, wêrby't Andréas fan Moray en William Wallace as de wichtichste lieders fan it Skotske ferset tsjin 'e Ingelske oerhearsking nei foarren kamen. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Hoewol't Wallace úteinlik troch ferrie yn Ingelske hannen foel en yn 1305 op in Londensk skavot einige, wie dat net de ein fan 'e striid, sa't Edwert hope hie. Want it jiers dêrop liet Robert de Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, himsels ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang mei de Ingelsen, wêrby't er mei de oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, de Skotske ûnôfhinklikheid feilichstelde.
Hoewol't de Bruce syn soan en opfolger David II himsels sawol de Ingelsen as ynterne Skotske rivalen fan it liif wist te hâlden, feroarsake syn brekme oan manlike erfgenamten dat nei syn dea yn 1371 mei syn omkesizzer Robert II it Hûs Stuart op 'e troan kaam. Under de Stuarts brieken tiden fan gruttere woltier oan, nettsjinsteande de oanhâldende konfrontaasjes mei Ingelân en de swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de almar djippere kulturele kleau tusken it leechlân en de Heechlannen.
It ferlies fan de Skotske ûnôfhinklikheid
Mei har tanimmende ynfloed yn Skotlân twongen de Ingelsen yn 1560 de beëiniging fan 'e Auld Alliance ôf, wylst datselde jier de Skotske Reformaasje trochfierd waard. Doe't yn 1603 de lêste Tudor-hearsker fan Ingelân, keninginne Elizabeth I, sûnder bern stoar, urf har efterneef Jakobus VI de Ingelske troan, en waarden de beide keninkriken yn in personele uny feriene. Hoewol't it lân tenei fierhinne út 'e Ingelske haadstêd Londen wei regearre waard, bleau Skotlân lykwols noch in iuw lang yn namme in selsstannich lân, oant omstannichheden en swiere Ingelske druk yn 1707 laten ta it trochfieren fan 'e beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny. Dêrtroch ûntstie it feriene keninkryk fan Grut-Brittanje, wêrfan't sawol regear as parlemint har sit hiene yn Londen.
De jakobityske opstannen
De ôfsetting fan 'e rjochtlike kening Jakobus VII (Jakobus II fan Ingelân) by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689, fanwegen roomske sympatyen, sette by in protte Skotten in kwea bloed. Jakobus syn oanhingers, de jakobiten, besochten neitiid ferskate kearen him en letter syn erfgenamten wer op 'e troan te krijen. Fuort nei de Glorieuze Revolúsje, yn 1689, brocht John Graham fan Claverhouse, 1e boarchgreve Dundee in Skotsk leger gear om te besykjen en behâldt Skotlân foar de kening, mar hoewol't er yn 'e Slach by Killiecrankie in grutte oerwinning behelle, sneuvele er sels op it slachfjild, wêrnei't syn leger útinoar foel.
In twadde jakobityske opstân fûn plak yn 1715 (the Fifteen), nei't it jiers tefoaren it Hûs Stuart mei keninginne Anne útstoarn wie, en har neef, de Dútske karfoarst fan Hannover, as George I op 'e Britske troan kommen wie. Dêrby brocht John Erskine, greve fan Mar de clans gear om tsjin it nije Hannoveraanske bewâld te striden, mar syn legerke waard yn 'e Slach by Sheriffmuir ferslein.
De meast ferneamde jakobityske opstân, the Forty-Five, fûn lykwols plak yn 1745, doe't prins Karel Edwert Stuart, better bekend as Bonnie Prince Charlie, op 'e Skotske kust lâne en in soad Heechlânske clans har by him joegen. Nettsjinsteande dat de opstannelingen diskear yn 't earstoan spektakulêre súksessen boekten, en de Heechlanners sels in ynfaazje fan Ingelân útfierden oant deunby Londen, waarden se neitiid weromkrongen, en einige de opstân úteinlik yn 'e klimaktyske Slach by Culloden, dêr't de moed fan 'e Heechlânske clans op 16 april 1746 smoard waard yn it boalderjen fan Ingelske kanonnen.
Hoewol't de jakobityske opstannen tsjintwurdich gauris beskôge wurde as in ier nasjonalistysk besykjen om 'e Skotske ûnôfhinklikheid werom te winnen, wie it eins earder in striid fan roomsen tsjin protestanten, of oars fan politike oanhingers fan it âlde rezjym tsjin dy fan it nije. Boppedat woene de Stuarts net inkeld de Skotske troan, mar ek de Ingelske weromwinne, en as dat harren slagge wie, soe der oangeande de politike status fan Skotlân nei alle gedachten gjin sprút feroare wêze. Nei ôfrin fan the Forty-Five krigen de Skotten slim te lijen fan Ingelske ûnderdrukking. It Britske leger hold plonderjend en brânskattend hûs yn Skotlân en 120 fan 'e jakobityske lieders krigen de deastraf, wylst mear as 1.100 oaren fan hûs en hiem ferballe waarden nei de koloanjes. It dragen fan 'e kilt waard oant 1782 by wet ferbean, en de befolking fan 'e Heechlannen en de Hebriden waard fierder troffen troch in miltêre besetting dy't noch jierren oanhold. De opstân fan 1745 wie in ramp dy't it clanwêzen yn Skotlân nea wer te boppe komme soe.
Achttjinde en njoggentjinde iuw
Nei de opskuor fan 'e jakobityske opstannen wist benammen it Skotske leechlân yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw al rillegau wer de tried op te pakken. De saneamde Skotske Ferljochting klearre it paad foar in Yndustriële Revolúsje dy't fan Skotlân in ekonomyske grutmacht makke. It wie yn dy tiid dat de yndustrystêd Glasgow foar it earst yn oansjen kaam, benammen as ien fan 'e wichtichste sintra fan skipsbou fan 'e wrâld. Ek op kultureel mêd droech Skotlân yn dy snuorje o sa by oan 'e Ingelsktalige wrâld, mei skriuwers as sir Walter Scott en letter Robert Louis Stevenson en sir Arthur Conan Doyle. Under it tiidrek fan 'e Romantyk waarden yn 'e 1820-er jierren de kilt en it tartan oannommen troch de Skotske elite.
Dat wie lykwols net folle mear as symboalpolityk, mei't deselde grûnbesitters yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances) trochfierden, wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune clanleden hie gjin oare kar as om te emigrearjen, om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen. Tusken 1841 en 1931 ferfearen nei skatting 2 miljoen Skotten nei Noard-Amearika en Austraalje, en nochris 750.000 nei Ingelân.
Moderne tiid
Yn 'e tweintichste iuw spilen Skotske soldaten in wichtige rol yn sawol de Earste as de Twadde Wrâldoarloch. Underwilens rekke it lykwols mei de Skotske swiere yndustry yn it neigean, mei skrinende earmoede yn 'e Skotske stêden ta gefolch. Yn it Ynterbellum ûntjoech Skotlân him sadwaande ta in bolwurk fan 'e sosjalistyske Britske Labourpartij. Pas fan 'e santiger jierren ôf, doe't it oanboarjen fan oalje- en gasboarnen yn 'e Noardsee foar nij wurk soarge, klaude Skotlân ekonomysk wer by de wâl op.
Nei de Twadde Wrâldoarloch stiek ek it Skotske nasjonalisme foar it earst de kop op, polityk fertsjintwurdige troch de Skotske Nasjonale Partij (SNP). Nei in dreech begjin folgen ferkiezingsoerwinnings oan 'e ein fan 'e jierren sechstich en yn 'e earste helte fan 'e jierren santich, mar doe't in plan foar in beheinde foarm fan Skotsk selsbestjoer yn 1979 by in referindum fuortstimd waard, rekke it mei de SNP wer yn it neigean. Iroanysk genôch wiene it de ympopulêre en as anty-Skotsk ûnderfûne maatregels fan 'e Konservative premier Margaret Thatcher, dy't yn 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren de Skotske nasjonalisten wer op 'e fuotten holpen.
By in nij referindum oer selsbestjoer stimden de Skotske kiezers yn 1997 massaal foàr, wêrnei't yn 1999 it eigen Skotske Parlemint en regear ynsteld waarden. Fan 1999 oant 2007 waard Skotlân bestjoerd troch in koälysjeregear gearstald út Labour en de Liberaal-Demokraten, mar neitiid kaam de SNP oan 'e macht. De nasjonalisten lieten in referindum oer folsleine ûnôfhinklikheid útskriuwe, dat se yn septimber 2014 mei 45% tsjin 55% fan 'e stimmen ferlearen. By de lanlike Britske ferkiezings fan maaie 2015 behelle de SNP lykwols in meunsteroerwinning troch 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Britske Legerhûs te winnen.
Demografy en fersprieding
Yn 2011 hie Skotlân 5.314.000 ynwenners, wêrfan't neffens gegevens fan 'e folkstelling fan dat jier 4.446.000 minsken (oftewol 83,7%) harsels as Skotten beskôgen. Trochdat de Skotten har yn 'e moderne tiid oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat hawwe, libje der hjoed de dei lykwols folle mear Skotten bûten har heitelân as dat der yn Skotlân wenje. Yn 2009 waard rûsd dat der yn totaal wrâldwiid 28 oant 40 miljoen Skotten en minsken fan Skotsk komôf binne. Sa wenje der yn Ingelân 795.000 Skotten en yn Wales 25.000. Yn Noard-Ierlân binne sa'n 761.000 Ulstersen (Noardierske protestanten) fierhinne fan Skotsk komôf, al wurde dy yn 'e regel oanmurken foar in aparte etnyske groep.
Yn 'e oare Angelsaksyske lannen libje ek in protte Skotten en lju fan Skotsk komôf. De Feriene Steaten allinnich al telle goed 6 miljoen lju fan Skotsk komôf en nochris 5,4 miljoen minsken fan Ulstersk komôf. Yn Kanada wennen yn 2001 4,7 miljoen minsken fan Skotsk komôf, wêrmei't hja nei lju fan Ingelsk en Frânsk komôf yn grutte de trêde etnyske groep fan it lân foarmje. Fral yn 'e kustprovinsje Nij-Skotlân wenje dêr in protte Skotten, en op it dêrta hearrende Kaap Bretoneilân wurdt sels noch hjir en dêr Skotsk-Gaelysk sprutsen. Austraalje hat krapoan 1,8 miljoen ynwenners fan Skotsk komôf en yn Nij-Seelân libje 13.000 Skotten (Nijseelanners fan Skotsk komôf net meirekkene). Men rûst dat sa'n 20% fan 'e oarspronklike kolonisten fan Nij-Seelân út Skotten bestie, dy't har benammen op it Sudereilân nei wenjen set hawwe. Fral de stêd Dunedin, dy't ferneamd is nei de Skotske haadstêd Edinburch, stiet dêr bekend om syn Skotske erfskip. Yn Austraalje setten de Skotske kolonisten har net yn ien beskaat gebiet nei wenjen, mar ferspraten se har ynstee frij gelyk oer it hiele lân.
Ek yn Latynsk-Amearika kamen troch emigraasje sûnt likernôch 1800 in protte Skotten te wenjen, fral yn Argentynje, dat in Skotske mienskip fan 100.000 minsken hat, en yn it oanbuorjende Sily, dêr't 80.000 Skotten wenje. Lytsere Skotske mienskippen binne te finen yn Brazylje en Meksiko. Noch fierder tebek giet de Skotske migraasje nei it fêstelân fan Jeropa. Troch de freonskipsbannen dy't feroarsake waarden troch de mienskiplike striid tsjin 'e Ingelsen, setten har al fan 'e Midsiuwen ôf Skotten nei wenjen yn Frankryk. Nei de tsjinrampen fan 'e jakobityske opstannen moasten in protte Skotske eallju de wyk nimme nei it bûtenlân, en yn 'e regel bedarren se dan yn Frankryk. Tsjintwurdich libje der yn Frankryk 45.000 lju fan Skotsk komôf. Ek yn Itaalje belânen guon Skotten, en it sizzen is dat it doarp Gurro, yn noardlik Piëmont, befolke wurdt troch de ôfstammelingen fan Skotske hierlingen dy't nei de Slach by Pavia flechtsje moasten, mar by Gurro troch slimme sniestoarmen twongen waarden om har reis nei hûs op te jaan.
Yn East-Jeropa waarden Skotske hierlingen yn 'e fjirtjinde iuw foar it earst yn Russyske tsjinst nommen. Yn 'e iuwen dêrnei fêstigen har in protte Skotten yn Ruslân, dêr't se gauris hege posysjes yn it regear fan 'e tsaren beklaaiden. Resint ûndersyk hat útwiisd dat mooglik wol 250.000 Russen Skotsk bloed hawwe kinne. Ek yn Poalen setten har Skotten nei wenjen, al wiene dat yn 't earstoan gjin hierlingen, mar yn 'e regel keaplju en ek wol religieuze flechtlingen. Yn 1576 waard de Skotten dêre sels in beskate wyk yn 'e stêd Krakau tawiisd om te wenjen. Tsjin 'e santjinde iuw libben der 30.000 oant 40.000 Skotten yn it Poalsk-Litouske Gemienebêst, en yn 1656 kamen dêr ek Skotske soldaten by, dy't Skotlân ûntflechte wiene foar it bewâld fan Oliver Cromwell. Tsjintwurdich wurdt it tal Poalen fan Skotsk komôf op 15.000 skatten, hoewol't de Poalen dy't harsels as Skotten beskôgje hast op ien hân te tellen binne.
Politike status
Sûnt 1998 wurde de Gaelysktalige Skotten troch it regear fan Grut-Brittanje erkend as nasjonale minderheid ûnder de Wet op 'e Minskerjochten, yn neifolging fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa. It is lykwols ûndúdlik wat dat betsjut foar de erkenning fan it Skotske folk as gehiel.
Taal
De oarspronklike taal fan it leechlân, it Súdskotsk Berchlân en de Skotske eastkust oant benoarden Aberdeen is it Skotsk, in nau oan it Ingelsk besibbe Westgermaanske taal, dy't foarhinne ek wol as in Ingelsk dialekt beskôge waard, mar sûnt 1997 yn Grut-Brittanje erkenning genietet as in selsstannige taal. Hoewol't by de Skotske folkstelling fan 2011 troch 1.540.000 minsken (oftewol 30,0% fan 'e befolking) opjûn waard dat men Skotsk sprekke koe, wie it mar foar 125.000 minsken (2,4%) de memmetaal.
Yn 'e Noardwestlike Heechlannen en op 'e Hebriden is de lânseigen taal it Skotsk-Gaelysk, dat ta de Keltyske taalgroep heart. Oars as dat faak tocht wurdt, hat it Skotsk-Gaelysk nea de taal fan hiel Skotlân west, en hjoed de dei is it foar de oergrutte mearderheid fan 'e Skotten ûnfersteanber, mei't it al sûnt de Lette Midsiuwen stadichoan terrein priisjaan moat. Neffens de folkstelling fan 2011 binne der sa'n 87.000 lju (1,6%) dy't Skotsk-Gaelysk sprekke kinne, mei dêrûnder sa'n 57.000 memmetaalsprekkers (1,1%).
It Ingelsk, dat troch de grutte mearderheid fan 'e Skotten as memmetaal sprutsen wurdt, is eins in útlânsk ynslûpsel dat sûnt likernôch 1600 in noch altyd net tsjinkearde opmars yn Skotlân makket. It meast sprutsen dialekt fan it Ingelsk yn Skotlân is it saneamde Skotsk-Ingelsk (dat net betize wurde moat mei it Skotsk), en dat him benammen fan it Standertingelsk ûnderskiedt troch in rôljende r, in tige tsjûke l en in protte regionale wurden en wurdfoarmen dy't faak ûntliend binne oan it Skotsk en minder faak oan it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e Heechlannen, dêr't it Ingelsk it Skotsk-Gaelysk almar fierder tebek twingt, wurdt fierders it Heechlânsk-Ingelsk sprutsen, dat minder ynfloed fan it Skotsk en mear fan it Skotsk-Gaelysk fertoant.
Leauwe
De measte Skotten binne noch altyd kristlik, hoewol't dy groep hieltyd fierder tebek giet yn it foardiel fan ateïsten en agnosten. Yn Skotlân bestie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 54% fan 'e befolking út kristenen, en krapoan 37% út ateïsten en agnosten. Sûnt de Skotske Reformaasje fan 1560 hawwe presbyteriaanske kalvinisten altyd de grutste kristlike denominaasje ûnder de Skotten west. De steatstsjerke fan Skotlân is oant hjoed de dei de presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân, dy't bekendstiet as de Kirk (Skotsk foar de "tsjerke"). Yn 2011 hearde dêr noch 12% fan 'e Skotske befolking (638.000 minsken) ta, wylst nochris 40% gjin lid wie, mar him der wol mei ferbûn fielde.
Njonken de Kirk binne der noch ferskate lytsere presbyteriaanske ôfskiedings, wêrfan't de Frije Tsjerke fan Skotlân en de Frije Presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân it wichtichst binne. De Frije Tsjerke fan Skotlân (ek wol bekend as de Wee Frees, de "Lytse Frijen") ûntstie yn 1843, doe't de strange fleugel him fan 'e "reklike" steatstsjerke ôfspjalte. Dat senario werhelle him yn 1893 doe't de Frije Presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân ûntstie trochdat de strange fleugel him fan 'e "reklike" Frije Tsjerke fan Skotlân ôfskate. Dizze beide tsjerken, dy't fral op 'e Bûtenste Hebriden in protte oanhing hawwe, binne sadwaande tige "swier" en soene yn Nederlân sûnder mis zwarte-kousenkerken neamd wurde.
Njonken it presbyterianisme wurdt de oare grutte kristlike denominaasje fan Skotlân foarme troch de Roomsk-Katolike Tsjerke, mei 19% fan 'e befolking oftewol sa'n 975.000 minsken. De roomsen binne fral konsintrearre yn it westen fan it lân, mei't in diel fan 'e Heechlannen en guon fan 'e Hebriden, wêrûnder Uist en Barra, net meigiene yn 'e Reformaasje. Boppedat waard de Roomsk-Katolike Tsjerke dêre, mar fral ek yn Glasgow, yn njoggentjinde iuw fuortsterke troch ymmigraasje út Ierlân wei. Fierders is der dan noch de Skotske Episkopaalske Tsjerke, de Skotske ôfdieling fan 'e Anglikaanske Tsjerke, dy't sa'n 35.000 leden hat. Ek binne der teminsten 7.000 Skotten dy't it moderne heidendom oanhingje.
Kultuer
Symboalen fan 'e Skotske identiteit
In tige wichtich symboal fan 'e Skotske identiteit is it skeankrús fan 'e apostel Andréas (Saint Andrew), de beskermhillige fan it Skotlân. It stiet bygelyks op 'e flagge fan Skotlân, dy't bestiet út in blau fjild mei wyt skeankrús. As alternative flagge wurdt trouwens ek gauris de Skotske wapenbanier brûkt, dy't bestiet út in giel fjild mei in klimmende reade liuw en in dûbele reade binnenseame fersierd mei reade leeljes. It fieren fan dizze flagge, dy't ûntliend is oan it wapen fan Skotlân, is feitliks by wet inkeld tastien foar it Britske keningshûs en net foar de befolking, mar dêr litte de Skotten har neat oan gelegen lizze. Noch wer in oar Skotsk symboal is de stikel (thistle) de nasjonale plant fan Skotlân. It folle minder bekende nasjonale bist fan Skotlân is de ienhoarn.
Dracht
Wa't oan Skotlân tinkt, sil al gau de kilt yn 't sin komme, de Skotske manljusrok, hoewol't dat eins mar ien diel fan 'e tradisjonele Skotske dracht is. De kilt is makke fan tartan, de ferneamde weve wollene stof yn rútsjepatroan, en oan it persize patroan ken in saakkundige daliks werom ta hokker clan oft de drager heart. De kilt wurdt fêstset mei de kiltspjelde (kilt pin), in sierspjelde mei in clansymboal (faak in bist of in plant) dy't ornaris droegen wurdt op 'e lege hoeke fan it bûtenste diel fan 'e kilt. By de kilt heart ek de sporran, de skieppewollene beurs, oan 'e boppekant mei sulver, groom of in oare metaal beslein, dy't oan 'e mulrym oan 'e foarkant fan it lichem oer de kilt hinne droegen wurdt.
Fierders bestiet de manljusdracht út knibbelhoazzen mei by ien skonk dêrby ynstutsen de sgian-dubh, de tradisjonele Heechlânske dagge. De úttearbere plaid, fan deselde tartanstof as de kilt, wurdt tradisjoneel skean oer it boppeliif oer ien skouder hinne droegen, en kin brûkt wurde as in soarte fan mantel of as in tekken om ûnder te sliepen. Tsjintwurdich wurdt by offisjele gelegenheden it gehiel yn 'e regel ôfmakke mei in wyt boesgroentsje mei dêroerhinne in saneamd Argylljaske (Argyll jacket), in koart kolbêrjaske sûnder pannen. De plaid wurdt dan fuortlitten.
Oangeande kopdeksel kinne manlju tradisjoneel kieze út twa mooglikheden. Yn it foarste plak is der de saneamde tam o'shanter, de tradisjonele wollene baret fan tartanstof, mei in pompon (toorie) yn 'e midden boppe-op. Oarspronklik wiene sokke baretten allegear blau, en waarden se bluebonnets neamd. Fierders is der ek de saneamde Glengarry-baret (Glengarry bonnet), in swart opsteand kopdeksel, by de râne lâns fersierd mei in bân fan tartanstof en mei in plomke oan 'e rjochtersydkant. Dit kopdeksel waard fan 'e santjinde iuw ôf droegen troch eallju en oare pommeranten.
De minder bekende Skotske frouljusklaaiïng bestiet út 'e saneamde aboyne dress: in tartanrok mei in petticoat derûnder en in wite blûze mei dêroerhinne in ferwielen swart korset of lyfke, en dêr wer oerhinne in skean oer ien skouder droegen tartan-plaid, krekt as by de manlju.
Muzyk
Tige wichtich foar de Skotske kultuer is ek de lânseigen muzyk, dy't tradisjoneel makke wurdt op 'e bekende doedelsek, mar ek op 'e harpe, de tromme, de fidel en de akkordeön. Hoewol't de doedelsek yn 'e regel as typysk Skotsk beskôge wurdt, komt dat ynstrumint fan âlds ek yn ferskate oare kontreien foar (bgl. yn Portegal), en it is bekend dat de Romeinen de doedelsek al brûkten yn har legioenen. Der wurdt sadwaande wol tocht dat de Romeinen de doedelsek yn Skotlân brocht hawwe, mar dat is net mear mei wissichheid te efterheljen.
It ûnoffisjele Skotske folksliet is Flower of Scotland, dat faak spile wurdt foarôfgeande oan sportwedstriden en by oare spesjale gelegenheden. In oar wichtich en tige ferneamd Skotsk liet is Scotland the Brave.
Festiviteiten
De Skotske nasjonale feestdei is St. Andrew's Day, op 30 novimber, dat sûnt 2007 yn Skotlân in by wet fêstleine frije dei is. Foar Burns' Night, wijd oan 'e ferneamde Skotsktalige dichter Robert Burns (en holden op Burns syn bertedei, 25 jannewaris), wurde lykwols mear aktiviteiten organisearre, fral yn Skotske mienskippen bûten Skotlân. Tartan Day, op 6 april (de dei dat yn 1320 de Ferklearring fan Arbroath ôfkundige waard) is in resint ferskynsel, dat syn oarsprong fynt yn Kanada.
Ek typysk Skotsk binne de saneamde Highland games, in krêftsport wêrby't men û.m. mei beamstammen smite en grutte stiennen tille moat. Neffens it ferhaal binne de Highland Games ûntstien doe't de Skotten ûnder de Ingelske besetting yn 'e Midsiuwen gjin wapens yn eigendom hawwe mochten. Om harsels dochs ta te rieden op oarloch, begûnen se oan krêftsport te dwaan. Tsjintwurdich wurde der oer de hiele wrâld Highland Games organisearre, en net inkeld mear troch of mei Skotten. De meast ferneamde Highland Games wurde lykwols noch altyd yn 'e Skotske Heechlannen holden, ûnder de Braemar Gathering, yn septimber, dêr't de Britske keninginne altyd de earegast is.
Trivia
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|