It Skottegat yn Willemstêd
De Keninginne Julianabrêge mei dêr efter it Skottegat en in part fan de yndustry. Rjocht ûnder de brêge kin Fort Nassau sjoen wurde.

It Skottegat (Nederlânsk: Schottegat) is de natuerlike haven fan Willemstêd op Kurasau. It is ien fan de seis natuerlike havens op Kurasau. Wolle skippen nei it Skottegat farre dan moatte se troch de Sint Annabaai en ûnder de Keninginne Julianabrêge troch. De Sint Annabaai foarmet de ferbining mei de Karibyske See.

Om it Skottegat hinne is de swiere yndustry fan it eilân fêstige, wêrûnder de grutte oaljeraffinaderij fan Shell, de grutste yn de regio. Dêrneist is der in drûchdok en in kontenerterminal. Ek Fort Nassau leit oan de haven.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.