Skoatterwâld is in diel fan de flekke It Hearrenfean. Yn 2007 wennen der sa'n 2000 ynwenners.
Geografy
Yn 1996 waard ten easten fan de A32 Sportpark Skoatterwâld oanlein. In pear jier letter, yn de 21e iuw, begûn men eastliker te bouwen oan de wenwyk Skoatterwâld. Yn it suden wurdt de wyk begrinze troch It Oranjewâld en yn it súdwesten troch de wenwyk It Oranjewâld-Noard. Ten easten stiet it Museum Belvedêre. It Slingertou (iepenbier) en De Burcht (kristlik) binne de beide basisskoallen yn de wyk
Bysûndere wenprojekten
- Swannewâld (54 wenten)
- Hearrewâld (46 wenten)
Strjitnammen yn Skoatterwâld
De postkoade fan de strjitten yn de wyk begjint mei 8448. Sintraal troch de wyk rint de Oranje Nassauleane.
De Heide |
De Greiden |
De Ikkers |
Hearrenfean-Midden |
Hearrenfean-Noard |
Nijehaske |
Skoatterwâld
|