De Skoatterlânske Kompanjonsfeart, earst Grift neamd, is in feanfeart tusken De Knipe en it noarden fan 'e himrik fan Hoarnstersweach, east fan Jobbegea. Eartiids rûn it oan de âlde tramline Weinterp-Donkerbroek ta. It is in feanfeart.
Skiednis
Yn 1551 begûn men foar de feanûntginning yn It Hearrenfean fan de Hearresleat yn eastlike rjochting te graven, lâns de doarpen De Knipe, Bontebok en Jobbegea - mei in ôfsplitsing rjochting De Tsjonger. By Bontebok, Aldhoarne en Jobbegea wienen slûskes.
Tusken De Gordyk en Donkerbroek rint de Skoatterlânske Kompanjonsfeart bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
Yn de feart leine fjouwer slûzen om it hichteferskil te oerbrêgjen. De feart hie twa funksjes: de krite koe der troch ûntwettere wurde en it wie in farwei. De turf waard ôffierd mei skûtsjes en it kanaal wie, by gebrek oan wegen, de ienige wize fan ferfier.
De súdkant fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart waard de draaikeskant neamd.
Troch it útgraven fan 'e feart en de wiken leine hjirlâns de liemen wâlen.
Yn de jierren 60 waard it part tusken It Hearrenfean en De Knipe tichtsmiten. Dat trochgeande skipfeart kin net mear.