Skipsboutechnyk omfettet it ûntwerpen fan skippen nei easken fan brûkberens, feiligens en skientme. Dy easken hingje fansels gear mei de tapassing fan in skip: foar in frachtskip binne oare saken wichtich as foar in fearboat of in syljacht. Mar guon saken, lykas de rompfoarm, de feiligensmiddels en de navigaasjemiddels, jilde foar alle soarten fan skippen. De skipsbou is de yndustry dêr't de skippen neffens de ûntwerpen boud wurde.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.