- Dizze side giet oer it fartúch skip. Foar de haadromte yn in tsjerkegebou, sjoch: skip (tsjerke).
In skip is in ferfiermiddel oer it wetter. De skipsbou wurdt yn skipswerfen dien. It wichtichste prinsipe fan in skip is syn fermogen om op it wetter te driuwen. De romp is de basis fan it skip en jout it ferfiermiddel syn wettertichte konstruksje.
Fan alle ferfiermiddelen binne skippen it meast brûkt transportmiddel foar guod. Foar it ferfier fan passazjiers oer in langere ôfstân hat it fleantúch de taak fan it passazjierskip oernommen. Passazjierskippen wurde hjoed-de-dei benammen foar rekreative reizen en cruises brûkt.
Skippen op see wurde wolris as 'seeskippen' of 'seeweardige skippen' oantsjutten. Skippen yn ’e binnenfeart wurde gauris 'binnenfeartskippen' neamd.
Definysje
Gauris is der betizing oer it ferskil tusken skip en boat. Oer it generaal wurdt mei skip in grutter ferfiermiddel ornearre as in boat. In skip kin wol in boat ferfiere (bgl. in rêdingsboat), mar oarsom is tige ûnwierskynlik.
Der binne lykwols ek farrende ferfiermiddelen op it wetter dy’t de grutte fan in skip hawwe kinne, mar dy’t dochs as ‘boat’ oantsjutten wurde. Bygelyks in sleepboat, fearboat, dúkboat of stoomboat.
Opbou
- De skoarstien is foar de ôffier fan reek út de skipsmoter.
- De spegel is it achterste diel fan it skip.
- De skroef fan it skip soarget derfoar dat it skip foarút komt.
- De bakboardside is - fan spegel nei boech ta sjoen - de linkerside fan it skip.
- It anker soarget derfoar dat it skip op ien plak op it wetter lizzen bliuwt wannear’t it skip net fart.
- De boechstjûne ferminderet de wjerstân fan it wetter, ferheget de snelheid en ferminderet it brânstofferbrûk.
- De boech is it foarste diel fan ’e romp.
- It boppedek slút de romp oan ’e boppekant ôf.
- De opbou is it diel dat op it boppedek boud is.
Skiednis
Meidat de minsken ferlet krigen mei nije ferfiermetoaden, bygelyks foar it sykjen nei iten of wengebieten, sochten se nei nije ferfiermiddelen. Der wurdt oannomen dat mear as 50.000 jier lyn minsken op ’e hichte wienen fan it bestean fan ferfier oer wetter. It âldst oerlevere fartúch is lykwols om 6500 f. Kr. Boud. De earste fartugen wienen simpele beamstammen. Dy waarden hieltyd fierder ûntwikkele. It grutste skipstype dat mei hout as boumateriaal boud wurde koe, wie de saneamde klipper. Mei stiel as boutmateriaal koenen gruttere skippen makke wurde. De grins leit hjoed-de-dei by sa’n 400 meter. Foar it ferfieren fan guod binne skippen hjoed-de-dei it wichtichste transportmiddel. It guod wurdt yn konteners op spesjale kontenerskippen ferfierd. It grutste skip dat ea op ierde makke is, is de Pioneering Spirit mei in lingte fan 382,0 meter.
Yn de 1960’er jierren begûnen fleantugen hieltyd mear passazjiers te ferfieren. Dêrtroch waard it passazjiersskippen in minder belangryk ferfiermiddel. Hjoed-de-dei wurde noch wol grutte cruiseskippen boud foar reakreative doelen.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |