Skillaerd | ||
Toer en hôf | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 07'N 5° 42'E | |
Offisjele webside | ||
mantgum.com | ||
Kaart | ||
Skillaerd is in buorskip yn Ljouwert yn it doarpsgebiet fan Mantgum.
Skiednis
Skillaerd wie eartiids in lyts doarp dat stadichoan syn bewenners kwytrekke oan Mantgum. Hjoed-de-dei bestiet Skillaerd út trije pleatsen, in gewoan hûs en de âlde toer, it iennichste diel fan de tsjerke dat noch stiet. Oer de wei wie der lang mar ien ferbining mei de rest fan de wrâld, de dyk nei Mantgum. It earste stik fan dy dyk waard yn de rin fan de 18e iuw sels ferfongen troch in fuotpaad, dat Skillaerd wie eins allinnich te berikken fia de Skillaarder Feart. Earst yn it tredde fearn fan de 20e iuw waard de dyk trochlutsen nei it westen nei Jeth en fierder nei de N384, dy't ferbining joech mei Wiuwert en Britswert.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Toer fan Skillaerd.
As doarp hie Skillaard in tsjerke út de 14e iuw. By de reformaasje waarden Skillaerd en Mantgum yn 1580 ien tsjerklike mienskip, mei twa tsjerken. Dat late trije iuwen letter, yn 1884, ta de ôfbraak fan de Skillaerder tsjerke. Nei sizzen waard de tsjerke nei de Súdwesthoeke oerbrocht en dêr op 'e nij opboud. De toer, dy't yn 1567 oan de tsjerke boud wie, is stean bleaun. Om de toer hinne leit it âld tsjerkhôf.
Bommesmiter
Nêst de ynwenners fan Skillaerd hâldt it hôf ek de lichems fan sân Ingelske fleanders. Hja binne yn de Twadde Wrâldkriich op, 2 maart 1943 omkaam, doe't har Stirling bommesmiter delstoarte by de Mantgumer Feart. De ferbûgde propeller fan ien fan de motoaren is letter opgroeven en stiet sûnt 29 april 1992 as monumint by it tsjerkhôf. Op 4 maaie is der altyd in stille tocht fanre Mantgum út nei de fleanders har grêven. Ynstee fan sân binne der lykwols acht grêven. It achtste grêf is foar in ûnbekende fleander, om't earst tocht waard dat der 8 man yn de fleanmasine sieten.
Mar en skelnamme
Besuden Skillaerd lei eartiids de Skillaerder Mar. Yn 1718 noch op kaarten werom te finen as 'ried meer', binne der no allinne noch greiden en is der neat mear fan de mar te sjen, útsein dat de wjerljocht der ûngewoan faak ynslacht, oanlutsen troch de noch altyd hege wetterstân. It hat Skillaerd nei alle gedachten wol de skelnamme 'Skillaarder kikkerts' oplevere.
Sjoch ek
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skillaard fan Wikimedia Commons. |
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
wizigje |