skiertsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spatula querquedula | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De skiertsjilling (Anas querquedula) is in fûgel út it skaai fan de slobeinen.
Fryske nammen
De skiertsjilling wurdt ek wol skierdôber, skierdoper of grutte tsjilling neamd.
Foarkommen
De skiertsjilling is sa'n 37-41 sm grut en waacht tusken de 250 en 60 gram. Bûten de briedtiid is de skiertsjilling maklik mei oare soarten te ferwikseljen, foaral mei de eastein dy't ek likegrut binne. It wyje is fan de oare einewyfkes te werkennen troch de streken op de kop, op de krún hat sy in donkerbrune streek, en ek oer it each en de wang is sa'n streek te ûnderskieden.
De jerke is yn syn briedkleed wol goed wer te kennen. In wite streek rint fan syn eagen nei syn nekke. Syn boarst is readbrún en grize flanken.
Fersprieding
De skiertsjilling komt foar yn in grut part fan noardlik Jeraazje, fan Skandinaavje en East-Jeropa oant en mei it eilân Sasjalin. It binne echte trekfûgels dy't oerwinterje yn Afrika, Yndia of Súdeast-Aazje.
Iten
It iten fan de skiertsjilling bestiet út ynsekten, kreeften, weakdieren mar ek sied en wetterplanten. It leafste hâlde se harren by it dierlike iten dat se oan it wetterflak sykje troch krekt as de slob mei útstrekte hals rûn te swimmen wêrby se harren snaffel krekt yn it wetter hâlde. It grondeljen, mei de kop ûnder wetter de boaiem ôfsykje dogge se leaver net.
Fuortplanting
It nêst fan de skiertsjilling bestiet út in kûltsje yn de grûn dy't mei gers en dûns beklaaid wurd. It wurdt in tichte begroeiïng flakby it wetter makke. It wyfke leit 8 oant 11 bêzje aaien dy troch it wyfke yn 21-23 dagen útbret wurde. De jongen ferlitte it nêst fuortendaliks mei harren mem en kinne nei 5-6 wiken harren sels rêde.