De Skieringers en Fetkeapers wienen de twa partijen yn de partijtiid yn Mid-Fryslân (dêr't doe ek de Grinzer Ommelannen ta hearden). De Fetkeapers wienen foar it bewâld fan Hollân, wienen op de hân fan de Norbertinen en wienen fral sterk yn it easten fan Fryslân. De Skieringers wienen foar lânseigen bewâld, wienen op de hân fan de Bernardinen en wienen fral sterk yn Westergoa.

De Fryske frijheid

It ûntstean fan partijen moat foaral sjoen wurde yn de ûntwikkeling dy't Mid-Fryslân trochmakke nei it tiidrek fan de Fryske greven (1165-1345). It Fryske lân ûntwikkele him doe ta in boererepublyk sûnder sintraal gesach. De Fryske frijheid rjochte har foaral tsjin de oerhearsking troch frjemde hearen, mar liet yn eigen lân de foarming fan ien sintraal gesach net ta. It negative gefolch hjirfan wie dat der yn Fryslân hieltyd mear lytse sintra fan macht ûntstienen dy't troch it ûntbrekken fan in oerkoepeljend gesach wol meiinoar yn botsing komme moasten. Foaral de Haadlingen hawwe yn dizze ûntwikkeling in rol fan betsjutting spile.

De saneamde Fryske frijheid fertsjintwurdige benammen foar de haadlingen de heechste foarm fan frijheid. Linkelytsen namen oantal en macht ta fan dizze selsmakke stân fan Fryske eallju. Sy hienen hearlike rjochten, en koenen sadwaande libje fan de opbringst fan harren troch oaren bewurke pleatsen. Se oefenen mei hieltyd grutter súkses rjochtsfoech út oer harren ûnderdienen. By de talleaze twisten dy't ûnder inoar ûntstienen waarden legerkes fan hiersoldaten ynsetten.

Partijfoarming en striid

Skieringers yn Medemblik freegje oan hartoch Albrecht om beskerming yn maart 1498 (Julius Scholz (1825-1893), Albrechtsboarch, Meissen

Yn de rin fan de 14e iuw ûntstienen partijen dêr't útsein de meiinoar stridende haadlingen ek de kleasteroarders by hearden. Dizze partijen waarden de Skieringers en Fetkeapers neamd. De Skieringers wienen benammen yn Westergoa aktyf, hja wienen foarstanner fan de Fryske frijheid, wylst de Fetkeapers yn Eastergoa sterk wienen en bytiden ree om bûtenlânsk gesach te erkennen.

De oanlieding ta de partijstriid dy't ûntstie wurdt socht yn spul tusken de konversen fan de twa kleasteroarders. Lykas by partijstriid yn oare gebieten waard it lykwols ta in net út de tiis te heljen kleaune fan konflikten.

De partijstriid wie op har slimst yn it tiidrek tusken 1439 oant 1467, mei as hichtepunt de ellindige Donia-oarloch dy't yn 1458 ûntstie. De striid beheinde him net langer ta it plattelân, ek de opkommende stêden waarden deryn belutsen. De striid rjochte him tsjin eltsenien en it ferlangen nei frede groeide. Ferskate gearkomsten waarden hâlden om nei oplossings te sykjen. Uteinlik sochten de Friezen help fan bûten.

Ein

De Fetkeapers linen yn de 15e iuw op help fan de stêd Grins dy't wurke oan de opbou fan in eigen stêdsteat. De Skieringers fûnen op it lêst, yn 1498, stipe by hartoch Albrecht fan Saksen. Albrecht woe wol helpe, mar hy hie ek syn eigen aginda. Hy socht in gebiet foar syn jongste soan Hindrik. De Fetkeapers fûnen stipe by de Karel fan Gelre, 1514, dy wol helpe woe, mar likegoed fan doel wie it bewâld oer Fryslân oer te nimmen.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuerferwizing

  • S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van De Friezen, Amsterdam, 1981, side 141-155..
  • O. Vries, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, 1986, De Tille-Leeuwarden.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.