Skiep (skaai)
In groepke skiep (Ovis aries).
In groepke skiep (Ovis aries).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang):baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang):walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift:wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift:hoarndieren (Pecora)
famylje:holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje:geiteftigen (Caprinae)
tûkeskiep en geiten (Caprini)
skaai:skiep (Ovis)
Linnaeus, 1758

De skiep (wittenskiplike namme: Ovis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e skiep en geiten (Caprini).

Beskriuwing

Dit skaai bestiet út seis oant acht ferskillende libbene soarten (ôfhinklik fan 'e yndieling), ferdield oer twa ûnderskaaien. De bekendste fertsjintwurdiger is it gewoane, domestisearre skiep of hûsskiep (Ovis aries), dat oarspronklik fuortkommen wêze moat út it wylde skiep (Ovis Orientalis). In wyfkesskiep hjir in ei, en in mantsjesskiep is in raam. In skieppejong wurdt in laam neamd (by spesifikaasje fan geslacht: ramke of eilaam). In healwoeksen mar al geslachtsryp froulik skiep hjit in touke, en in laam dat troch de mem ferstaat is of wêrfan't de mem dearekke is, hjit in wouter.

Fan natuere komme skiep foar yn heuvelige of bercheftige kriten. Se binne sinniger mei iten as de nau besibbe geiten (Capra), en binne foar it meastepart weiders, dy't fral gers ite. Se kinne ta mei in bytsje wetter en hawwe in tsjûke wollene pels om har tsjin 'e kjeld te beskermjen. Skiep binne oer it generaal wat lytser en knobsker as oare holhoarnigen, en hawwe hoarnen dy't yn in spiraalfoarm krôlje. Se hawwe geurklieren op 'e snút en de poaten, en kinne fan 'e geiten ûnderskaat wurde trochdat se gjin klieren hawwe by de hoeven, de geslachtsdielen en oan 'e noaskant fan 'e eagen. Likemin hawwe de rammen in sik, sa't bokken (mantsjesgeiten) dy hawwe.

Skaai-opbou

  • skaai skiep (Ovis)
    • ûnderskaai echte skiep (Ovis)
      • argaly of berchskiep (Ovis ammon)
      • skiep of hûsskiep (Ovis aries)
      • wyld skiep (Ovis orientalis)
        • moeflon (Ovis orientalis orientalis of Ovis musimon)
        • oerial (Ovis orientalis vignei of Ovis vignei)
    • ûnderskaai snieskiep (Pachyceros)
      • dallskiep, Dalls skiep of snieskiep (Ovis dalli)
      • grouhoarnskiep (Ovis canadensis)
      • snieskiep (Ovis nivicola)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.