Skiekunde of gemy is in natuerwittenskip dy’t him rjochtet op de stúdzje fan de eigenskippen fan stoffen, de gemyske feroarings dy’t dy stoffen ûndergean kinne en de wetmjittichheden dy’t dêrut te ôf te lieden binne, dat allegear binnen it teoretyske ramt dat alle matearje opboud is út lytse dieltsjes, te witten molekulen, atomen en noch lytsere dieltsjes.
Skiekunde as moderne wittenskip
De basis fan de skiekunde as moderne natuerwittenskip waard lein yn it tiidrek 1780-1860 troch it wurk fan in tal wittenskippers, fan wa’t Antoine Lavoisier, John Dalton en Amadeo Avogradro de wichtichste bydragen leveren oan de begrypsfoarming. Har ynsichten kamen by elkoar yn de klassike atoomteory, dy’t starichwei akseptearre waard yn de jierren nei 1860, doe’t in grut kongres fan skiekundigen hâlden waard yn Karlsruhe. Kearnstik fan de klassike atoomteory is it ynsjoch dat it atoom de ûndielbere basisboustein fan alle matearje is en dat mear atomen har kombinearje kinne ta in gruttere ienheid, in molekule.
De klassike atoomteory is foar de skiekunde itselde as wat de klassike meganika fan Newton is foar de natuerkunde: It is in teory dy’t troch de lettere ûntjouwingen útwreide en oanpast is, mar dy’t foar in moai grut tal ferskynsels noch altyd in befredigjende ferklearring jout.
De ûntdekking fan ûnder oare de ferskynsels fan de elektrisiteit en de radio-aktiviteit yn de rin fan de njoggentjinde iuw late yn it tiidrek fan rûchwei 1910-1940 ta de formulearring fan de moderne atoomteory en de kwantummeganika. Neffens de moderne atoomteory binne de atomen fan de klassike atoomteory opboud út wer lytsere dieltsjes mei de namme proton, neutron en elektron. De kwantummeganika lit it idee los dat dy dieltsjes in dúdlik te bepalen plak en snelheid ha.
Neffens de dieltsjes-natuerkunde út de jierren santich fan de tweintichste iuw binne der folle mear subatomêre dieltsjes as allinne de trije fan de moderne atoomteory.
Skiekunde is sterk besibbe oan de natuerkunde. De tûke fan wittenskip dy’t beide ferbynt is de fysyske gemy. Ek mei oare natuerwittenskippen binne oan it grinsflak nije dissiplines ûntstien, lykas de biogemy en de geogemy.
Analyzemetoades
Literatuer
- Bernard Jaffe - Crucibles: The story of Chemistry. From ancient alchemiy to nuclear fission. New York 1976.
Sjoch ek
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - skiekunde