Skiednis fan Dútslân
|
Germaanske Aldheid |
De side oer de skiednis fan Dútslân omklammet de skiednis fan Dútslân.
As naasje ûntstiet Dútslân pas sûnt 1871 mei it útroppen fan it Dútske Keizerryk. Dêrfoar is it benammen de Dútske taal en kultuer dat de Dútsers bynt. Op 't lêst fan de 15e iuw wurdt de namme fan it Hillige Roomske Ryk útwreide ta Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn).
Stammen
Yn de prehistoarje waard it gebiet dat no Dútslân is, bewenne fan Germanen en Kelten. Ut Skandinaavje wei kamen de Germanen yn Dútslân, dy't har mei it Grutte Folkeferfarren nei it suden en westen teagen. Julius Caesar ferovere Galje yn de 1e iuw f.Kr. en makke fan de Ryn de grins fan it Romeinske Ryk. De Romeinen stiften de stêden Keulen en Trier.
Frankyske Ryk
- De Wikipedy hat ek in side Frankyske Ryk.
Al yn de tredde iuw besocht in grut tal stammen it Romeinske Ryk binnen te kommen, de tiid fan it Grutte Folkeferfarren. Nei 400 koene de Romeinen de stammen net langer mear tsjinhâlde.
De Franken foarmen in eigen ryk. It Frankyske Ryk waard kerstene ûnder Klovis (481-511). Wichtich wie de winst fan Klovis tsjin in Romeinske generaal Syagrius, dy't oer gebiet om Parys hinne hearske, yn 486. It súdwestlike part fan it hjoeddeiske Dútlân wie ek ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. Yn dat gebiet wennen net allinnich Franken mar ek ferskillende Germaanske stammen.
De paus makke Karel de Grutte keizer yn it jier 800. Hy hold ta yn Aken, dat as haadplak fan syn ryk sjen wurde kin.
Hillige Roomske Ryk
- De Wikipedy hat ek in side Hillige Roomske Ryk.
It Hillige Roomske Ryk wie it earste Reich of ryk. It ryk ûntstie út it eastlike part fan it Frankyske Ryk mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Verdun (843). Dat wie in ferdrach tusken de trije soannen fan Loadewyk de Fromme. Yn 962 waard Otto I as earste net-Karolingyske Dútske kening ta keizer makke. Dat wie it formele begjin fan it Roomske keizerryk.
Yn de twadde helte fan de 15e iuw waard de namme fan it Hillige Roomske Ryk útwreide ta 'Hillige Roomske Ryk fan de Dútske Naasje' (Sacrum Romanum Imperium Nationis Germanicae yn it Latyn). It Hillige Roomske Ryk is nea in nasjonale steat wurden. It bleau in steatebûn dêr't de keizer de heechste politike macht hie. Yn 1806 kaam der in ein oan it Hillige Roomske Ryk mei de ynfal fan Napoleon Bonaparte yn it Hillige Roomske Ryk.
Prusen en it Dútske Bûn
- De Wikipedy hat ek in side Prusen.
Yn de Slach by Waterloo waard Napoleon ferslein. Mei it tekenjen fan it Kongres fan Wenen yn 1815 komme der oare grinzen yn Europa. Lykwols kaam it net ta ien Dútske steat. Ynstee dêrfan kaam der wol in losse federaasje mei Prusen en Eastenryk as dominante leden.
Yn it dêrnei kommende desennium besochten monargyen de liberale streamingen, dy't út de Frânske Revolúsje ûntstienen, te bestriden. Yn dy tiid wie it liberalisme nau ferbûn mei it nasjonalisme, wat nedich wie om ta ien Dútske steat te kommen. Troch rebûlje yn Berlyn yn 1848 waard kening Freark Willem IV fan Prusen twongen om in konstitusjonele grûnwet oan te nimmen. Yn Frankfurt kaam der in nasjonale gearkomste om goedkar te jaan oan de nije grûnwet. Leden fan dy gearkomste waarden keazen troch alle Dútske dielsteaten. Lykwols waard de kening benaud fan de liberale streamingen en hy wegere de grûnwet.
It ferienigjen fan Dútslân wie dêrnei allinnich mooglik ûnder druk fan in militêre lieding yn it autoritêre Prusen.
It Dútske keizerryk
- De Wikipedy hat ek in side Dútske Keizerryk.
It twadde Reich begûn mei in ferdrach yn 1871 yn Versailles. Prusen lei de basis foar it Dútske Ryk, Eastenryk die net mei. Dútslân bleau in ryk mei in ferskaat oan folken foar noch in 50 jier. Dútslân wûn de Frânsk-Prusyske Kriich mei Frankryk yn 1871, en yn de Earste Wrâldkriich sette hja op 'e nij út ein mei in ynfaazje yn Frankryk. De kriich einiget mei it fjochtsjen yn 'e rinfuorgen, fuorgen groeven troch soldaten foar beskermjen. Der wienen in soad soldaten ferstoarn by de beide partijen. De kriich einiget yn 1918, en de Dútske keizer naait út nei Nederlân. Nei de Novimberrevolúsje komt de ein fan it 'Twadde Reich' en is it begjin fan de demokratyske Weimarrepublyk. Nei de kriich wienen der grutte ekonomyske problemen yn Dútslân troch it Ferdrach fan Versailles en de Grutte Depresje oer de gânse wrâld.
Weimarrepublyk
- De Wikipedy hat ek in side Weimarrepublyk.
Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich waard op 9 novimber 1918 troch de sosjaaldemokratyske politikus Philipp Scheidemann yn Berlyn de republyk útroppen. Fanwege rebûlje yn Berlyn kaam de nasjonale gearkomste yn 1919 foar de earste kear by elkoar yn Weimar, dêr't de namme Weimarrepublyk troch ûntstien is. De offisjele namme wie lykwols it 'Dútske Ryk'.
De Weimarrepublyk hie al sûnt syn begjin grutte problemen. Dútslân moast troch it Ferdrach fan Versailles grutte stikken grûngebiet ôfstean en hie dêr grutte skulden oan oer holden omdat de winners fan de Earste Wrâldkriich easken dat Dútslân de oandiene skea werombetelje moast. Yn 1923 kaam it ta in superynflaasje dy't delbêde waard mei monetêre herfoarmings yn novimber fan itselde jier. Yn Beieren wie it politike klimaat frij rjochts en konservatyf, Hitler besocht mei in steatsgreep fergees de macht oer te nimmen. Dêrfoar kaam er inkelde moannen yn de finzenis.
Yn 1924 like de demokrasy, nettsjinsteande ferskate konflikten, relatyf stabyl. De monetêre herfoarmings holpen en der kaam in bloeitiid. Yn 1925 waard Paul von Hindenburg demokratysk keazen ta presidint. It begjin fan de finansjele krisis yn 1929 wie it begjin fan 'e ein fan de Weimarrepublyk. Yn 1932 wienen der mear as seis miljoen minsken wurkleas.
Sawol ekstreem rjochts as ekstreem lofts groeiden yn de krisistiid en de striid tusken de NSDAP en de KPD lôge op. By de ferkiezings foar de Reichstag waard de NSDAP fan Adolf Hitler de grutste partij.
Nazi-Dútslân
- De Wikipedy hat ek in side Tredde Ryk.
It "Tredde Ryk" wie Nazy-Dútslân; fan 1933 oant en mei 1945. Adolf Hitler wie lieder fan it regear, en mei ynstimming fan it parlemint krige hy op 23 maart 1933 de folsleine macht oer it lân, striidkrêften en regear (Gleichschaltung). Hitler anneksearre Eastenryk en Tsjechje, mar nei de anneksearring fan Poalen bruts 1 septimber 1939 de Twadde Wrâldkriich út. Oan it begjin wie de kriich foar Dútslân in súkses, Nazy-Dútslân ferovere in grut part fan Jeropa en de Sowjetuny. Nei de Slach om Stalingrad stie it der min foar mei it Dútske eastfront, en stadichoan lutsen de Dútsers har fjochtsjendewei werom út it easten. Nei de ynvaazje by Normandje, D-Day, waard de kriich op trije fronten fierd tsjin Nazi-Dútslân (west, súd en east). Ridlik gau feroveren de alliearden Parys. In tebeksetter foar de alliearden, en in súkses foar Nazi-Dútslân wie Market Garden, lykwols wie der nei de slach tefolle optimisme by de Dútsers, dy't doe noch kânsen seagen om mei it Ardennenoffensyf foar in kearpunt yn de kriich te soargjen. Yn de Slach om Berlyn binne mear as 300.000 minsken stoarn, ek Adolf Hitler holdt it libben net, hy die himsels tekoart op 30 april 1945. Op 8 maaie 1945 wie de folsleine kapitulaasje fan Nazi-Dútslân tekene.
Dútslân nei 1945
- De Wikipedy hat ek in side Alliearde besettingssônes fan Dútslân.
- De Wikipedy hat ek in side West-Dútslân.
- De Wikipedy hat ek in side Dútske Demokratyske Republyk.
Yn july/augustus 1945 waard de Konferinsje fan Potsdam holden, dêr't de oerwinners gear kamen oer de takomst fan Dútslân. Wat it grûngebiet oangie moasten de gebieten beëasten de rivieren Oder en Neisse ûnder Poalsk bewâld komme. De gebieten yn it westen dy't wilens de kriich aneksearre waarden, it Frânske Elzas-Loataringen, Belgje krige syn Eastkantons werom. Lúksemboarch en Eastenryk waarden loskeppele fan Dútslân.
Dútslân waard ferparte oer fjouwer besettingssônes; it noardeasten waard Britsk, súdeasten Amerikaansk, it oan Frankryk oanswettende gebiet Frânsk en it easten waard de Sowjet besettingssône. Berlyn waard ek yn fjouweren dield. It wie de bedoeling dat de fjouwer lannen har eigen paad folgen mar de Alliearden begûnen al ridlik gau gear te wurkjen. De spanningen tusken east en west waarden grutter neidat de Sowjetuny help foar weropbou yn har sône wegere, yn it westen sette it Marshallplan útein. Op 23 maaie 1949 waard de Bûnsrepublyk oprjochte, it besloech de Frânske, Britske en Amerikaanske besettingssônes. West-Dútslân waard folslein ûnôfhinklik ferklearre op 5 maaie 1955, Bonn waard de haadstêd. Fjouwer dagen letter, op 9 maaie 1955, waard West-Dútslân NAFO-lid. Op 7 oktober 1949 waard de DDR oprjochte, Dútslân bestie fan dy dei ôf út east en west. Op 14 maaie 1955, seis dagen neidat West-Dútslân by de NATO kaam, waard East-Dútslân lid fan it Warsjaupakt. Yn 1973 waarden East- en West-Dútslân lid fan de Feriene Naasjes. Yn it tiidrek fan 1949 oant 1961 flechten likernôch 3 miljoen minsken fan de DDR nei West-Dútslân. Om dy flechtlingestream te kearen waard yn 1961 de Berlynske Muorre boud. Yn 'e simmer en hjerst fan 1989 boaze de flechtlingestream út de DDR wei nei it westen oan, omdat Hongarije op 2 maaie 1989 de grins mei Eastenryk iepene, dêr't in soad ynwenners fan de DDR brûkme fan makken.
9 novimber 1989 wie de ein fan de Berlynske Muorre, minsken út east en west koenen yn dy twa lannen frij reizgje. Nei de Wiedervereinigung kamen der yn desimber 1990 demokratyske ferkiezings. Yn 1991 waard besletten dat it regear fan Bonn nei Berlyn soe, dy ferhuzing wie yn 1999 foltôge. Nei it gearfoegjen fan de twa Dútslannen opponearre it Dútske regear him as grut foarstanner fan in ferienige Jeropa. Yn de Feriene Naasjes boaze de macht fan Dútslân oan en it lân soe sels graach in eigen sit yn de Feiligensried hawwe wolle. Dy ûntwikkelings yn de Jeropeeske Uny en de Feriene Naasjes wurde troch oare lannen mei in skalk each besjoen. Nei de werieniging hat de Bundeswehr bydroegen oan ynternasjonale militêre missys yn Joegoslaavje en Afganistan. De earste kear, nei de Twadde Wrâldkriich, wie yn 1999 yn de Kosovo-kriich. Yn it ramt fan de terreurbestriding wie Dútslân solidêr mei de Feriene Naasjes yn de kriich tsjin it terreur dy't him utere yn de ynvaazje fan Afganistan yn 2001. Nei de ferkiezings fan 2005 slagge it net om in tradisjonele koalysje te foarmen. De kristlik-sosjale koalysje (CDU/CSU en SPD) foarmet in grutte koalysje yn it parlemint mei Angela Merkel (CSU) as kânselier.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Skiednis fan Dútslân fan Wikimedia Commons. |