In ets fan 'e Slach by Boksum.

In fjildslach is in geregeld militêr treffen (dat wol sizze: in grutskalich gefjocht) op lân tusken twa fijannige legers. In oarloch bestiet ornaris út mear as ien fjildslach. In lytsskaliger militêr treffen wurdt in skermutseling neamd, in grutskalich militêr treffen op see hjit in seeslach, en in grutskalich militêr treffen yn 'e loft neamt men wol in loftslach.

It foarheaksel 'fjild-' yn 'e term 'fjildslach' jout oan dat it om in slach op lân giet, en analooch dêroan sprekt men ek fan it 'slachfjild' as men it oer it fysike terrein hat dêr't de fjildslach plakfynt. Lykwols hoecht it dêrby net om in fjild te gean. Dy oantsjutting is der histoarysk yn slûpt om't slaggen op lân faak op iepen flaktes útfochten wurde, mar 'fjildslaggen' kinne likegoed plakfine yn in bosk, yn 'e bergen of heuvels, op it strân of by in rivier of mar.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.