Skerhim | ||
Skerhim is in âlde polder, ynrjochte ta wetterkearing by trochbrekken fan de seediken. De polder omfette meast gebiet fan Skearnegoutum en Ysbrechtum ('Ysbrechtumer Him").
Westlik en noardlik fan de polder rûn de Middelseedyk oer Turns, Popherne en Skearnegoutum nei Nijekleaster. Fandêr oer Snits nei Tsjalhuzum de Skerhimsterdyk. Ofwettering nei Snits, dêr't yn dizze dyk leinen: Easterpoartesyl, Poartersyl, Neltsjesyl, Noarderpoartesyl, Hospitaalstersyl. Ek it oan de Skerhim grinzjende Middelseenijlân tusken de Huniadyk en de Dille hie troch dizze silen syn útwettering. De ferheging fan de seediken nei 1830 soarge dat Skerhim syn funksje ferlear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.