In skepen wie ûnder it Fryske rjocht belêste mei de rjochtspraak.

Yn it earstoan is de skepen allinnich tsjûge by it Seend- en merkrjocht (fan de lêste komme de stedsrjochten) en is dan lyk oan de atta en tolva. De skepens blike letter de hiele rjochtspraak te fersoargjen en foarmje mei de riedslju de 'Riucht ende Reed'. Fan 1806 - 1811 is Skepen de rjochtstitel fan de rjochters yn Ljouwert, Snits en Harns.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.