Skarsterlân

Strjitbyld út it sintrum fan De Jouwer.
flaggewapen

Wapen fan Skarsterlân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakDe Jouwer
grutste plakDe Jouwer
ynwennertal27.467 (2013)
befolkingstichtens148,2 / km²
oerflak216,80 km²
● wêrfan lân185,26 km²
● wêrfan wetter31,54 km²
tal doarpen30
ferkearsierenA6, A7, A32, E22, N354
skiednis
oprjochte1984
oant 1851 Gritenij Doanjewerstâl
Gritenij Haskerlân
Gritenij Skoatterlân (diel)
Gritenij Utingeradiel (diel)
1851 – 1934 Gem. Doanjewerstâl
Gem. Haskerlân
Gem. Skoatterlân (diel)
Gem. Utingeradiel (diel)
1934 – 1984 Gem. Doanjewerstâl
Gem. Haskerlân
Gem. It Hearrenfean (diel)
Gem. Utingeradiel (diel)
opheft2014
opgien yn De Fryske Marren
It Hearrenfean
no part fan De Fryske Marren
It Hearrenfean
oar
netnûmer0513, 0514, 0566
postkoade8461–8544
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.skarsterlan.nl

Skarsterlân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Scharsterland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, dy't op 1 novimber 2013 27.467 ynwenners hie.[1] De gemeente besloech in oerflak fan 216,8 km², wêrfan 31,5 km² wetter.

Skiednis

De gemeente Skarsterlân waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 foarme út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, mei dêropta it doarp Nijbrêge fan 'e gemeente It Hearrenfean en de doarpen Eagmaryp en Terkaple fan 'e eardere gemeente Utingeradiel.

Op 1 jannewaris 2014 is de gemeente fúzjearre mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie. De beide doarpen Nijbrêge en Haskerdiken binne nei de gemeente It Hearrenfean oergien.

Namme

Yn de simmer fan 1979 waard de namme Skarsterlân foasr it earst neamd yn in rapport fan Deputearre Steaten oer de kommende gemeentlike weryndieling yn Fryslân.[2]. De namme ferwiist nei de skarren: i stik lân dêr't boeren mienskiplik fee rinne lieten. De skarren leine om Skarsterbrêge yn de gemeente Doanjewerstâl, krekt besuden de grins mei Haskerlân.

Yn 1980 dûkte de namme Skarsterlân op troch Hans Wiegel, de destiidske minister fan Binnenlânske Saken om de gemeentenammen net Frysk meitsje te litten, mar Nederlânsk of offisjeel twatalich.[3][4] Nei in soad diskusjes waard ta weryndieling besletten om de nije gemeente wetlik de namme Scharsterland te jaan yn de Wet ta Gemeentlike Weryndieling fan Fryslân. Tagelyk waard ek bepaald dat de gemeente sels kieze mocht om de namme oer te nimmen of te wizigjen.[5]

Yn maart 1984 besleat de krekt beneamde gemeenteried fan de nije gemeente Skarsterlân om de oarspronklike Fryske namme oan te nimmen as de offisjele namme. Yngeande maart 1985, in jier nei it riedsbeslút, waard de offisjele namme feroare yn Skarsterlân.

Sitten gemeenteried

De gemeenteried fan Skarsterlân bestie út 21 sitten. Hjirûnder de gearstallings sûnt 1998:

Gemeenteraadszetels
Partij1998200220062010
FNP4457
CDA7766
PvdA5574
VVD3323
ChristenUnie1111
D6611--
Totaal21212121

Plakken

It haadplak fan de gemeente is de flekke De Jouwer. De oare plakken yn de gemeente binne:

(tusken skrapkes it ynwennertal op 1 jannewaris 2008)

Buorskippen

Neist de offisjele kearnen leine yn de gemeente de buorskippen:

Taal

Frysk is foar 65% fan de Skarsterlanners de memmetaal. Njonken it Frysk wurdt ek Nederlânsk (foar 26% fan de ynwenners de memmetaal), Stêdsk (3%) en Stellingwerfsk (1%) yn de gemeente strutsen. In útlânske taal is foar 1% fan de minsken de memmetaal.[6]

Untwikkeling ynwennertal

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Boarne: CBS
  2. Leeuwarder Courant 28 augtus 1979: Friesland in toekomst nog dertig gemeenten
  3. Ljouwerter Krante 16 oktober 1980: Commissie adviseert Nederlandstalige gemeentenamen
  4. Leeuwarder Courant 26 mei 1981: Minister Wiegel: 'Ik kan alleen namen in het Nederlands bepalen'
  5. Ljouwerter Krante 25 febrewaris 1983: Gemeenten mogen zelf hun naam vastleggen
    • Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 272. ISBN 9789001779047

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.