Skagen
Schagen

Schagerkoggekanaal
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
boargemasterMarjan van Kampen-Nouwen (CDA)
sifers en geografy
haadplakSkagen
grutste plakSkagen
ynwennertal47.765 {1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens284 /km²
oerflak187,28 km²
● wêrfan lân168,25 km²
● wêrfan wetter17,03 km²
tal stêden1
tal doarpen18
ferkearsierenN9 N241 N245 N248 N249 N502 N503
Spoar fan Amsterdam nei De Helder
skiednis
oprjochte2013
oant 2013 Skagen
Zijpe
Harenkarspel
oar
netnûmer0224, 0226
postkoade1738-1759
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.schagen.nl
Kaart fan de gemeente Skagen
Dizze side giet oer de Noardhollânske gemeente Skagen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Skagen (betsjuttingsside).

Skagen (Nederlânsk: Schagen, Westfrysk: Skagen) is gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 47.765 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

Beskriuwing

De gemeente, dy't foar in diel yn 'e krite West-Fryslân leit, bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt de gemeentlike weryndieling fan 2013. Doe fúzjearren nammentlik de eardere gemeenten Skagen, Zijpe en Harenkarspel ta ien nije bestjoerlike organisaasje. De stêd Skagen is it grutste plak en teffens it haadplak fan 'e gemeente, hoewol't it gemeentehûs yn Tuitjenhorn, it eardere haadplak fan Harenkarspel, ek noch yn gebrûk is as in dependâns fan it gemeentehûs oan de Leane yn Skagen.

De stêd Skagen is it iennige plak yn de gemeente dy't eartiids stedsrjochten krigen hat en is, mank mei de kust fan de Zijpe, lykas de badplakken Groote Keeten, Callantsoog en Sint Maartenszee, in toeristesintrum. It gebiet tusken de kust en de stêd Skagen bestiet benammen út lânbougrûn, mei in soad bollefjilden en in tal midgrutte doarpen. By Petten binne der twa ûndersykskearnreaktors.

Ferfier

Troch de gemeente hinne rinne in stikmannich haadwegen: de N9, N241, N245, N248 en N249. Al dy diken binne yn de gemeente 80 km/o-diken en hawwe ien rydstripe yn eltste rydrjochting. Dêrnjonken lizze ek de N502 en de N503 yn de gemeente en dy hawwe yn beide rjochtingen ien rydstripe. De maksimumfaasje op de N502 fariearret, op guon plakke is it 80 km/o, mar op oare plakken is it 60 km/o en sels in stikje is it 30 km/o. Oer gâns de N502 is in maksimumfaasje fan 60 km/o.

Troch de gemeente rint it Spoar fan Amsterdam nei De Helder, mei yn Skagen it Stasjon Skagen. Ut dat stasjon is der eltse heal oere in ferbining mei De Helder en Alkmar.

Yn de gemeente Skagen binne der ferskate (buert)buslinen, dêr't ,op ien inkelde nei, allegear Stasjon Skagen as begjin- en einpunt hawwe.

Plakken

De gemeente Skagen bestiet njonken de stêd Skagen út 18 offisjele kearnen en ien badplak. Fierders binne der noch 29 útbuorrens en buorskippen.

PlakYnwenners (1 jannewaris 2023) [1]
Burgerbrug870
Callantsoog2.400
Dirkshorn1.695
Eenigenburg160
Groenveld140
Krabbendam130
Oudesluis725
Petten1.605
Schagerbrug2.105
Sint Maarten960
Sint Maartensbrug735
Sint Maartensvlotbrug605
Sint Maartenszee100[2]
Skagen19.495
Stroet305
Tuitjenhorn3.880
Valkkoog140
Waarland2.730
Warmenhuizen5.595
't Zand2.620

Oare kearnen binne: Abbestede, Burgervlotbrug, 't Buurtje, Dijkstaal, Groote Keeten, Grotewal, Grootven, Kalverdijk, Kerkbuurt, Keins, Keinsmerbrug, Het Korfwater, Lagedijk, Leihoek, Mennonietenbuurt, Nes, Tin, Tjallewal, Tolke 't Rijpje, Schagerwaard, Schoorldam (foar in part), Slootgaard, De Stolpen, Stolpervlotbrug, 't Wad, Woudmeer, Zijbelhuizen en Zijpersluis.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schagen fan Wikimedia Commons.
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
Burgerbrug • CallantsoogDirkshorn • Eenigenburg • Groenveld • Krabbendam • Oudesluis • Petten • 't Rijpje • Schagerbrug • Schoorldam (foar in part) • Sint Maarten • Sint Maartensbrug • Sint Maartensvlotbrug • Sint Maartenszee • StroetTjallewalTuitjenhornValkkoog • Waarland • Warmenhuizen't Zand
wizigje
 
Gemeenten yn de krite West-Fryslân
Flagge fan de krite West-Fryslân
Alkmar - Dyk en Waard - Drechterlân - Hoarn - Hollâns Kroan - Inkhuzen - Koggelân - Medemblik - Opmeer - Skagen - Stede Broec
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.