Sjongfûgels
Lytse hôfsjonger (Phylloscopus trochilus)
Lytse hôfsjonger (Phylloscopus trochilus)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)

De beneaming "sjongfûgels" hat ferskate betsjuttings.

  • Foarst kinne mei "sjongfûgels" yn romste sin alle fûgels fan it skift moskeftigen (Passeriformes) oantsjut wurden.
  • Twads binne de sjongfûgels yn mear beheinde - en mear eigentlike - sin de fûgels fan it ûnderskift fan de "oscines" (Passeri), d.w.s. de "echte sjongfûgels". Dat binne dan de sjongfûgels fan de earste betsjutting (moskeftigen) minus de skreaufûgels ("suboscines" of Tyranni).
  • Treds wurd de term "sjongfûgels" yn meast beheinde sin ek as ekwivalint fan de sjongers brûkt, d.w.s. de famyljes fan de hagekrûpers (Sylviidae), reidsjongers (Acrocephalidae), imerkesjongers (Locustellidae), cettisjongers (Cettiidae), bosksjongers (Phylloscopidae) en goudtoefkes (Regulidae). De sjongers fan dizze famyljes waarden eartiids as ien grutte famylje Sylviidae sjoen.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.