De sjongers wiene in famylje (Sylviidae) fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Tsjintwurdich binne de sjongers ferdield oer ferskate famyljes en is de famylje fan de Sylviidae beheind ta de hagekrûpers. Yn de âlde yndieling omfatte de sjongerfamylje sa'n 280 soarten yn 48 skaaien. It binne lytse ynsekte-iters mei fine snaffeltsjes, dy't meast yn de reiden of yn beammen of strûken sitte. Se wurde faak earst opmurken troch harren sjongen foardat se sjoen wurde, it binne ek meast ûnopfallende fûgels.
Klassifikaasje
Sjongerfamyljes mei soarten dy't yn Europa foarkomme.
- Skift: moskeftigen (Passeriformes)
- Ûnderskift sjongfûgels (Passeri)
- Famylje: cettisjongers (Cettiidae)
- Skaaien: û.o. Cettia
- Famylje: imerkes of imerkesjongers (Locustellidae)
- Skaaien: û.o. Locustella
- Famylje: reidsjongers (Acrocephalidae)
- Skaaien: û.o. Acrocephalus, Hippolais (hôfsjongers)
- Famylje: bosksjongers (Phylloscopidae)
- Skaai: Phylloscopus
- Famylje: goudtoefkes (Regulidae)
- Skaai: Regulus
- Famylje: hagekrûpers (Sylviidae)
- Skaaien: Sylvia, Curruca.
- Famylje: cettisjongers (Cettiidae)
- Ûnderskift sjongfûgels (Passeri)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.