Sjieuwe Borger (Meppel, 3 desimber 1964) is in Frysk skriuwer.

Biografy

Sjieuwe Borger waard berne yn Meppel, mar hat syn jeugd trochbrocht yn Grou. Nei't er op de middelbere skoalle klear wie, studearre er fan 1983 oant 1989 rjochten oan de Universiteit fan Grins. Doe't er op de legere skoalle siet, skreau er al ferhalen. Doe't er acht wie, hie er in boekje skreaun fan sa'n fyftich, sechstich siden. Op de middelbere skoalle wie er al ris begûn om in science fiction-roman te skriuwen, mar dy is nea ôfkommen. Hy hie altiten al serieuze aspiraasjes nei it skriuwersfak, mar hy fûn de wurden en de rêst pas let. Dat wie yn de tiid doe’t er begûn te wurkjen as jurist healwei de jierren njoggentich. Yn dy tiid skreau er tegearre mei Durk van der Veen it lange ferhaal Modesta, dat fan july 1996 oant desimber 1999 yn ôfleveringen publisearre waard yn it tydskrift De Blauwe Fedde fan Nyk de Vries en Meindert Talma.

Ein augustus 2005 ferskynde syn debút yn boekfoarm: de roman It ferrin fan de tiid. It ferhaal spilet him foar it grutste part ôf yn Grins. De skriuwer seit yn in fraachpetear dat de sintrale fraach yn it boek is foarhoefier oft in minske ferantwurdlik is foar syn eigen libben. Eric Hoekstra wie oer it algemien posityf oer it debút fan Borger. Abe de Vries en Sietske de Jong wiene it meielkoar iens dat Borger in skriuwer mei talint is, mar dat guon dingen better kinne.

De twadde roman fan Sjieuwe Borger ferskynde begjin 2008 mei de titel Genesis abbekatekantoar. De roman spilet yn de advokatuer, dy’t iderkear kommersjeler wurdt. Borger hellet syn ûnderwerpen út it hâlden en dragen fan minsken dy’t har bewege yn akademyske en juridyske fermiddens.

De tredde roman fan Borger, Simmer oan ‘e Pikmar, ferskynde ein septimber 2011 by Utjouwerij Hispel. It ferhaal spilet him ôf yn it plak dêr't er opbrocht is, Grou. Der steane in soad bekende plakken fan Grou yn, dêrneist jout it in byld fan it stapperslibben yn it wettersportplak. It ferhaal wie yn 1988 al skreaun, mar hy hat it yn de jierren dêrnei ûnderskate kearen fannijs skreaun.

Yn 2015 ferskynde syn fjirde roman, Eksamenjier.

Borger wennet mei syn frou en bern yn Ljouwert.

Bibliografy

  • 2005 : It ferrin fan de tiid
  • 2008 : Genesis abbekatekantoar
  • 2011 : Simmer oan ‘e Pikmar
  • 2015 : Eksamenjier
  • 2018 : Pûlen-yn-de-pot
  • 2023 : List, lust, leafde
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.