In sjenre (útspr.: ['ʃɔ̃rə]; likernôch "sjânre", fan it Frânske genre, dat "soarte" of "type" betsjut) is in kategory op it mêd fan 'e literatuer, films, tillefyzjeprogramma's, fideo- en kompjûterspultsjes, muzyk, of in oare soarte fan fermaak, lykfol oft it no skreaun of sprutsen, audityf of fisueel is. Sjenres wurde gearstald op basis fan in stikmannich stilistyske kritearia dy't foar elts sjenre oars binne. Troch de tiid hinne steane sokke sjenrekritearia bleat oan feroaring, mei as gefolch dat nije sjenres ûntsteane en âlden yn ûnbrûk reitsje. It komt gauris foar dat wurken skaaimerken fan mear as ien sjenre fertoane en sadwaande by beide yndield wurde kinne, wylst der ek altyd guon binne dy't by gjinien sjenre alhiel thúshearre.
Literatuer
Literatuer kin yndield wurde yn poëzij, proaza en toaniel, en proaza falt wer útinoar yn fiksje en non-fiksje, mar dat binne sokke brede kategoryen, dat dy selden foar in sjenre oanmurken wurde. Yn 'e fiksje is it haadsjenre sûnder namme bleaun, mar wurdt wol oantsjut as 'de literatuer', literatuer mei in grutte L of mainstream-literatuer. Dêrfoaroer stiet sjenrefiksje, in wat delbûgende beneaming foar alle sjenres dy't fan it haadsjenre ôfwike, lykas chicklits, detektives, fantasy, horror, science fiction en westerns. Foarbylden fan toanielsjenres binne de komeedzje, de trageedzje en de klucht.
Film
It begryp ’filmsjenre’ likemin as it ôfbeakenjen fan de ferskate sjenres is net skerp definearre. Rûchwei kin bygelyks de ûndersteande (ûnfolsleine) yndieling makke wurde yn sjenres skaaimerke troch in mienskiplike hanneling, stimming of fertelfoarm. Guon fan dy sjenres kinne boppedat sjoen wurde as subsjenre fan oaren, lykas gansterfilms fan misdiefilms, rampefilms fan aksjefilms, of psychologyske skrillers fan skrillers. Foarbylden fan filmsjenres binne de aksjefilm, de aventoerefilm, de romantyske komeedzje, de aksjekomeedzje, de misdiefilm, de science fiction-film en de western, mar ek de dokumintêre en de mockumentary.
In soad foarkommende filmsjenres binne | Al of net ta it filmsjenre kinne rekkene wurde |
---|---|
Aksjefilm | Animaasje (produksjetechnyk) |
Aventoerefilm | Dokumintêre |
Drama | Tekenfilm (produksjetechnyk) |
Komeedzje | Koarte film (filmlingte) |
Misdiefilm | Film noir (stylrjochting) |
Pornofilm | Italjaansk neorealisme (streaming) |
Romantyske komeedzje | 3D-film (produksjetechnyk) |
Sciencefiction | Jongereinfilm (doelgroep) |
Skriller | Underwiisfilm |
Western | Propagandafilm |
Fantasyfilm | Reklamespot |
Gangsterfilm | Seksploitaasje |
Histoarysk drama | Stereoskopyske film (produksjetechnyk) |
Horrorfilm | Stomme film (produksjetechnyk) |
Kostúmdrama | Tienerfilm (doelgroep) |
Melodrama | Swart-wytfilm (produksjetechnyk) |
Musicalfilm | Nouvelle vague (streaming) |
Oarlochsfilm | |
Psychologyske skriller | |
Rampefilm | |
Roadmovie | |
Romantyske film | |
Sportfilm | |
Sandalefilm | |
Muzyk
Muzyk wurdt ûnderferdield yn allerhanne stilen, mei op in djipper nivo wer substilen. In styl is faak skaaimerkend foar in beskate histoaryske perioade. Sa is klassike muzyk meastentiids ferbûn mei de barok en romantyk, en house benammen mei it lêste desennium fan de 20e iuw. Hjirûnder folget in oersjoch mei in greep út de ferskate stilen.
In greep út de sjenres | |||
---|---|---|---|
Acid house |
Bigband Blues |
Chicago blues Country | |
Delta blues |
Folksmuzyk Free jazz Funk |
Gothic | |
Hiphop House |
Jazz |
Klezmer | |
Mento |
Negrospiritual New wave |
Popmuzyk Post-punk Pubrock Punk rock | |
Ragtime Rap Reggae Rhythm and blues Rock and roll Rockmuzyk Rocksteady |
Ska Soul Swamp rock |
Tsjalga Tsjerkemuzyk |
|
Telefyzje
Foarbylden fan sjenres tillefyzjeprogramma's binne de tillefyzjesearje, de soapsearje, de aktualiteiterubryk, it praatprogramma, de tillefyzjefilm en it realitytillefyzjeprogramma.
Subsjenres
Faak kinne sjenres wer ûnderferdield wurde yn sekuerdere ûnderkategoryen dy't subsjenres hjitte. Dat is benammen by literatuer it gefal, mar ek wol by films en muzyk. Sa is de spagettywestern in subsjenre fan 'e westernfilm. fantasyliteratuer hat û.m. as subsjenres heroyske fantasy, paranormal romance en urban fantasy, en ta science fiction kinne rekkene wurde alternate history, militêre science fiction en steampunk. It is net ûngewoan dat boeken by mear as ien subsjenre yndield wurde kinne, dy't soms ta ferskillende (haad)sjenres hearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |