Sixtustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Seisbierrum | |
adres | Tsjerkepaad 1 | |
koördinaten | 53° 13' N 5° 29' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Paus Sixtus II | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e of 13e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8654[1] | |
Kaart | ||
De Sixtustsjerke is in monumintale tsjerke fan de PKN-gemeente Seisbierrum-Pitersbierrum yn Seisbierrum. De tsjerke is ferneamd fanwegen û.o. de barokke preekstoel fan Johann Georg Hempel.
Namme
De tsjerke draacht de namme fan paus Sixtus II, dy't fan 257 oan en mei 258 paus wie. Hy stoar as martler, doe't er tegearre mei fjouwer diakens de misse opdroech yn in lytse tsjerke yn de katakomben fan Sint-Callixtus.
Skiednis
Oan de hân fan de kraalprofilen lâns de rûnbôgefinsters wurdt de Sixtustsjerke datearre út de twadde helte fan de 12e of it begjin fan de 13e iuw. Oannommen wurdt dat de muontsen fan it kleaster Mariëndelle mei wurke ha oan de bou fan de tsjerke. De ienskippige tsjerke is foars, mar hat noch grutter west en wie eartiids in krústsjerke. Yn de 18e iuw binne de dwersskippen ôfbrutsen. Op it plak fan it noarder transept waard in oanbou boud, dy't lang tsjinst die as skoalle en tsintwurdich as konsistoarje. It súdlike transept ferdwûn yn de tiid doe't Hempel oan de nije ynrjochting fan de tsjerke wurke. De tsjerke is yn de 19e iuw bepleistere.
Tagelyk mei de tsjerke waard ek in toer boud. Foar sa fier as bekend hat de toer nea in sealtek hân mar altiten in spits as ôfsluting. Yn 1904 waard it needsaaklik de fersakke toer rjocht te hakken. Doe is de toer ek op 'e nij ommitsele mei reade bakstien. Yn de toer hinget in klok út 1513 fan Geart fan Wou.[2]
Ynterieur
It ynterieur fan de tsjerke folget de âlde protestantske yndieling. De preekstoel stiet oan de súdlike muorre, wylst de 17e-iuwske hearebank foar de preekstoel oer oan de noardlike muorre stiet. Op de hearebank binne twa opsetstikken oanbrocht mei wapens, oarspronklik wiene der trije. Yn de Frânske tiid waarden de opsetstikken ferwidere en letter binne se werom fûn yn it gemeentehûs en op de hearebank weromset. De banken foar it tsjerkefolk steane heaks op de lingtemuorren mei in paad dêrtusken. Eartiids stiene der ek banken yn it koer, mar dy binne ferwidere. Yn it koer steane de tafels fan de Wet en yn de flier lizze in pear 16e iuwske grêfsarken. De tsjerke hat fjouwer psalmbuorden mei in mei muzykynstruminten fersierde list, it wurk fan Johann Georg Hempel. Yn 1772 waard it ynterieur bepleistere.
Yn 2010 waard in byldsje út ± 1350 fan de hillige Adelbert ûntbleate yn de Sixtustsjerke. It skeinde byldsje foarme eartiids ûnderdiel fan it net mear besteande doksaal yn de Sixtustsjerke en waard yn 1960 yn de tún fan de Alde Buorren 1 fûn. De besitters fan it byldsje skonken it oan de Sixtustsjerke, dy't it in plak joech yn de foartsjerke.[3]
Preekstoel
De tsjerke fan Seisbierrum hat nei alle gedachten de meast opfallende preekstoel fan Fryslân. De lutherske Johann Georg Hempel makke foar de kalvinistyske tsjerke in bysûnder ûntwerp fan de preekstoel, dy't yn in beam ferwurke is mei takken dy't boppe it klankboerd útstekke. De Dútske houtfiker wurke earder oan de fersierings fan it Snitser stedhûs en tusken 1766 en 1775 oan de fernijing fan it ynterieur fan de Sixtustsjerke.[4] Sels de fûgels yn de beam ûntbrekke net en ûnder de seishoekige kûp fan de kânsel, dêr't de beam yn twa takken opsplitst, hat Hempel in nêst mei aaikes ferwurke. De aaikes waarden in jiermannich lyn stellen mar binne dêrnei ferfongen. De kûp is fersierd mei de deugden Hope, Leauwe en Leafde. Fierder is der in foarstelling fan de Barmhertige Samaritaan en op de doar in foarstelling fan Jehannes de Evangelist mei in earn. Op de hoeken binne der fjouwer tiden fan it jier útfike; in pear redens symbolisearje bygelyks de winter. Oars as wenst is de kânseltrep oan de rjochter kant fan de kûp delset.
It doophek fan Hempel lit al ynfloeden sjen fan de rokoko. Boppe de doopbôge is de pelikaan dy't himsels yn it boarst prikt om syn jongen te drinken jaan, it symboal foar de offerdea fan Kristus. De lessener rêst op de fleugels fan in fûgel. Fierder bestiet it fykwurk út fersierings, blommen, bibelboeken mei teksten. Ek de standert fan it doopfont krige de foarm fan in tûke. Op de standert wurdt it sulveren doopfont lein. In sydtûkje is de hâlder fan in bakje dêr't it kollektejild fan de âlders fan it te dopen bern yn lein wurde kin.
Oargel
Yn de jierren 1766-1767 boude Albertus Antoni Hinsz yn de Sixtustsjerke in oargel mei haad- en rêchwurk en tweintich stimmen. It front waard makke troch Tjebbe van Fliet en fersierd mei fykwurk fan Johann Georg Hempel. Oan it ûnderhâld wurken ferskillende oargelfirma's. Yn 1859 feroare Van Dam út Ljouwert it ynstrumint troch trije registers te ferfangen troch oare registers. Sa bleau it oargel oant yn de 20e iuw foar it meast in orizjineel Hinsz-oargel, mar yn de jierren 1920 moast der restaurearre wurde. Ynstee fan in restauraasje folge troch Bakker & Timmenga de bou fan in hiel nij oargel yn de âlde kas fan Hinsz. Bakker & Timmenga naam fan it Hinsz-oargel twa registers yn de nijbou oer: de Roerfluit 4' en de Spitsfluit 2', wylst in soad oar materjaal troch Bakker & Timmenga wer brûkt waard foar de oargels yn Boarnburgum en Sebaldebuorren. Oan de efterkant fan it oargel moast efter de wand, dy't de foarhal fan de tsjerke skiedt, romte makke wurde foar it swelwurk en pedaal. It die bliken dat op de feroarings gjin segen rêste; Bakker & Timmenga wie yn dy tiid net goed op de hichte mei it Dútsk-romantyske oargeltype en al fanôf de jierren 1950 waard der wer oer restauraasje praat, dy't yn de jierren 1960 en nochris de jierren 1980 útfierd waard. Al like lang waard ek praat oer in rekonstruksje fan it Hinsz-oargel en de tsjerken mei noch materjaal fan it Hinsz-oargel wiene al oanskreaun, mar it kaam der lang om let net fan. Yn 1994 waard foar in behanneling tsjin kjifkrobben net allinne de dakkonstruksje, mar de hiele tsjerke heger dan 60 graden stookt wertroch it oargel langer net mear bespile wurde koe.
Yn 2006 stifte de organist fan de tsjerke, Gerrit de Vries, de Stifting Behâld Tsjerkeoargel Sixtustsjerke Seisbierrum. As adviseur waard Hans Fidom oansteld. Trije jier letter waard útein set mei in restauraasje fan it besteande ynstrumint en in lytse útwreiding fan de disposysje. Efter it oargel waard in isolearre wand boud, sadat it hiele ynstrumint no yn de ferwaarme tsjerkeromte stiet. De restauraasje fan it Seisbierrumer oargel fûn plak troch Mense Ruiter. Kirchner Orgelbau út Stapelmoor restaurearre de wynladen, de mechaniken, de wynfoarsjenning en it houten piipwurk. Mecklenburger Orgelbau levere trije ekstra pedaalregisters. Op 7 novimber 2010 koe it oargel foar de tsjerke wer yn gebrûk nommen. It oargel hat tsjintwurdich 23 registers op haadwurk, swelwurk en pedaal.
Mei de restauraasje krige de Sixtustsjerke it Dútsk-romantyske oargel, sa't dat yn de jierren 1920 it doel west hie. [5][6]
Koeroargel
Yn it koer stiet in koeroargel dat skonken waard troch de kristlik-grifformearde tsjerke fan Harns. Om't de kristlik-grifformearde gemeente tegearre gyng mei de frijmakke gemeente, waard it koeroargel oerstallich en krige de Sixtustsjerke it oargel. It oargel waard yn 1967 boud troch Bernard Pels en Zoon út Alkmaar. Yn 2010 brocht Mense Ruiter it koeroargel oer nei Seisbierrum. In lytser koeroargel fan Verschueren dat earder yn it koer stie gyng nei de roomsk-katolike tsjerke fan Sint-Anne.
Pelikaan doopbôge Kûp preekstoel, symboal "Leauwe" Hek dooptún Koeroargel Psalmboerd Hearebank Tafels fan de Wet
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|