In sitadel (fan it Frânske citadelle, dat komt fan it Italjaanske cittadella, in ferlytsingsfoarm fan città ("stêd"), fan it Latynske civitas) is in faak stjerfoarmige fersterking dy't in festingstêd dominearret en selsstannich te ferdigenjen is. In sitadel kin twa funksjes hawwe:

  • Hy kin ornearre wêze om de boargers fan de stêd yn betwang te hâlden. Yn sa'n gefal wurdt ek wol fan twangboarch of twangkastiel sprutsen.
  • Hy kin ek ornearre wêze om oanfallers te wjerstean at de stêd sels fallen is, ek as ûntwyk.

It wurd stammet nei alle wierskyn fan it Frânske citadelle, ôflaat fan it Italjaanske cittadelle, in ferlytsingswurd fan città, dat 'stêd' betsjut.

Bekende sitadels binne dy fan De Bosk, fan Namen en fan Karkassonne.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.