Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
IngelskSisseton and Wahpeton Sû Tribe
lânseigenSisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
Noard-Dakota
haadkertierSisseton (Súd-Dakota)
etnisiteitEastlike Dakota
ledetal12.000 (2013)
oprjochting1867
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatLake Traverse Yndianereservaat
lokaasjenoardeastlik Súd-Dakota,
súdeastlik Noard-Dakota
oerflak3.754,6 km²
ynwennertal9.900 (2004)
offisjele webside
www.swo-nsn.gov
kaart
Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Súd-Dakota)
Sisseton en Wahpeton Sû Stamme
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De Sisseton en Wahpeton Sû Stamme (Ingelsk: Sisston and Wahpeton Sioux Tribe; Eastlik Dakota: Sisíthuŋwaŋ-Waȟpéthuŋwaŋ Oyáte; útspr.: [si'si:tʰũwã-waχ'pe:tʰũwã o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota, dat justjes útstekt oer de grins fan Noard-Dakota.

Algemien

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1867, hat 12.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Sisseton, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), allegearre Eastlike Dakota fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen. De Sisseton en Wahpeton Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat

It reservaat fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme is it taartpuntfoarmige Lake Traverse Yndianereservaat (Lake Traverse Indian Reservation) fan noardeastlik Súd-Dakota en súdeastlik Noard-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 3.750 km², en dêr't yn 2004 likernôch 9.900 minsken wennen. It reservaatbestjoer is fêstige yn Agency Village, in pear km besuden de stêd Sisseton. It reservaat waard stifte yn 1867, doe't de Eastlike Dakota as gefolch fan 'e blanke kolonisaasjedruk en by wize fan repressaillemaatregel fanwegen de bloedige Dakota-Oarloch fan 1862 út harren foarâlderlike thúslân yn Minnesota ferdreaun waarden.

De foarm fan it Lake Traverse Yndianereservaat fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme is werjûn op 'e flagge fan 'e stamme.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota Westlik Dakota) Lakota (Noardlik Lakota Sintraal Lakota Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton Sisseton Wahpekûte Wahpeton Westlike Dakota: Jankton Janktonai (Neder-Janktonai Opper-Janktonai) Lakota: Titon (Brulee Hûnkpapa Minnikonzjû Oglala Sâns Arks Swartfuotten Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme Crow Creek Sû Stamme Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota Jankton Sû Stamme Neder-Brulee Sû Stamme Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota Rosebud Sû Stamme Santy Sû Naasje Sisseton en Wahpeton Sû Stamme Spirit Lake Stamme Standing Rock Sû Stamme) Neder-Sû Yndianemienskip Opper-Sû Mienskip Prairie Island Yndianemienskip Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip Mendota Mdewakanton  Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Dakota Plains Wahpeton Naasje Dakota Tipi Earste Naasje Sioux Valley Dakota Naasje Standing Buffalo Dakota Naasje Wahpeton Dakota Naasje White Bear  Earste Naasjes Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River Crow Creek Flandreau Fort Peck Jankton Lake Traverse Neder-Brulee Neder-Sû Opper-Sû Pine Ridge Prairie Island Rosebud Santy Shakopee Spirit Lake Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek Birdtail Hay Lands Dakota Plains Dakota Tipi Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Fishing Station Oak Lake 59A Oak Lake 59B Sioux Valley Standing Buffalo Wahpeton White Bear Whitecap Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje Grutte Sû Reservaat Lakota Frijheidsdelegaasje Nakota Republyk Lakota
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.