In sintraalbou is in bouwurk dat yn syn gehiel op in middelpunt rjochte is. De foarm fan 'e plattegrûn kin rûn, krúsfoarmich, klaverblêdfoarmich, fjouwerkant of mearhoekich wêze. By in sintraalbou binne alle omlizzende boudielen op in sintraal punt oriïntearre. In sintraalbou kin ek omfieme wurde troch in gong mei in iepening nei kapellen of oare romten.
Mei in sintraalbou wurdt alle omtinken nei it sintrale punt fan it bouwurk lutsen. It bouwurk mei in dúdlike middenas (lykas by in basilyk) wurdt in lingtebou neamd.
De term sintraalbou kin as arsjitektoanyske term tapast wurde op gebouwen mei alle funksjes, mar wurdt yn 'e regel allinne brûkt by de tsjerkebou (of oare religieuze gebouwen lykas moskeeën of synagoges). Mausolea (lykas de Taj Mahal yn Agra, Yndia) of kapittelsealen (lykas by de katedraal fan Lincoln) binne tuskenfoarmen fan wijde gebouwen nei sekuliere arsjitektuer, wêryn ek sintraalbou tapast waard.
Untwikkeling
Nei alle gedachten ûntstie de sintraalbou út âlde grêfmonuminten. Iere foarbylden binne de timpels út 'e Aldheid, wêrfan't guon rûn boud binne, lykas it Pantheon yn Rome en de Hagia Sofia fan Konstantinopel. Yn 'e Byzantynske arsjitektuer waard de sintraalbou in soad past. De Osmanen namen dy tradysje foar de bou fan harren moskeeën oer en de Rotskoepel yn Jeruzalim is dêr in wichtich foarbyld fan.
Yn Europa bleau de lingtebou fral oerhearskjen en yn ferhâlding kaam de sintraalbou minder foar en dan ek noch yn lytsere útfierings. Karel de Grutte stie mei de tusken 796 en 804 boude Paltskapel bewust yn 'e Byzantynske tradysje, nammentlik dy fan 'e tsjerke fan San Vitale yn Ravenna, de lêste haadstêd fan it Westromeinske Ryk. Op dy wize demonstrearre Karel arsjitektoanysk de renovatio Romanorum imperii (fernijing fan it Romeinske Ryk) en syn oanspraken op de keizerlike weardigens.
Dat gebou fûn letter neifolging yn 'e romaanske tiid, mar fierder bleau de sintraalbou beheind ta bouwurken mei in spesjale tsjerklike funksje, lykas grêftsjerken of dooptsjerken. Yn 'e goatyske tiid waard de sintraalbou noch seldsumer, mei as hege útsûndering de Us-Leaffrouwetsjerke fan Trier. Yn 'e byzantynske arsjitektuer bleau de sintraalbou wol in folle gruttere rol spyljen, fral yn 'e foarm fan krúskoepeltsjerken en klaverblêdfoarmige tsjerken (trichonko's). De fjouwerabsissentsjerken wiene seldsumer, mar stiene oan it begjin fan in ûntwikkeling fan ferskillende sintraalboutypes yn 'e ierkristlike arsjitektuer fan Armeenje (Edzjmiatsin) en Georgje (Dzjvari).
Mei de Italjaanske renêssânse ûnstie der mei de bou fan koepels ek wer belangstelling foar de sintraalbou. De arsjitekt Andrea Palladio paste de sintraalbou ek by bouwurken mei wrâldske funksjes ta, lykas by syn ûntwerp foar de ferneamde filla La Rotonda. Dochs bleau de lingtebou foar tsjerken populêrder en dat hie te meitsjen mei de easken dy't de liturgy doe oan in roomsk tsjerkegebou stelde. Yn 'e gefallen dat der in sintraalbou boud waard, fûn dy meast plak yn kombinaasje mei in lingtebou, lykas by de Sint-Piter yn Rome. It oarspronklike ûntwerp fan Bramante fan 1506 wie in sintraalbou yn 'e foarm fan in Gryksk krús. Pas nei in feroaring fan 'e plannen troch Carlo Madernos waard de tsjerke yn 'e hjoeddeiske basikale foarm foltôge.
De ynfiering fan 'e reformaasje brocht yn ús kontreien ek grutte feroarings yn 'e bou fan tsjerken. Om't yn 'e tsjinsten de ferkundiging fan it Wurd belangriker waard, ferhûze de preekstoel sa fier mooglik nei it sintrum fan it gebou, sadat elkenien de preek better hearre koe. By de bou fan 'e nije protestantske tsjerken waard dêr rekken mei holden en sa ûnstiene de saneamde preektsjerken. Herfoarmings fan 'e liturgyfiering makke sûnt de jierren 1960 foar nijbou fan roomske tsjerken ek de sintraalbou wer mooglik.
Foarbylden fan sintraalbou
- Pantheon (Rome).
- San Vitale (Ravenna).
- Wiere Krústsjerke (Segovia).
- Theodoarustsjerke, Mystras.
- Rotskoepel (Jeruzalim).
- Baptistearium (Florâns).
- Villa La Rotonda (Vizenza).
- Nije tsjerke (Grins).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zentralbau
|