République centrafricaine
Ködörösêse tî Bêafrika (Sango)
Flagge fan Sintraal-Afrikaanske Republyk Wapen fan Sintraal-Afrikaanske Republyk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sintraal-Afrikaanske Republyk
Offisjele taal Frânsk,Sango
Haadstêd Bangui
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
622.984 km²
-­%
Ynwenners (2016) 5.507.257
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 desimber
Lânkoade CAF
Ynternet .cf
Tillefoan 236

De Sintraal-Afrikaanske Republyk is in steat yn Sintraal-Afrika. De haadstêd is Bangui.

Geografy

Lizzing

De Sintraal-Afrikaanske Republyk wurdt begrinzge troch:

Grutte plakken

Plak Ynwennertal
Bangui(Bangî)622.771
Bimbo124.176
Berbérati76.918
Carnot45.421
Bambari41.356
Bouar40.353
Bossangoa36.478
Bria35.204
Bangassou31.553
Nola29.181

Lânskip

Ubangy Rivier oan de râne fan Bangui.

It heechste punt fan it lân is de Mont Ngaoui (1,420 m). Fan súd nei noard feroaret it gea troch it tropysk reinwâld yn it suden en de savanne yn it noarden. Dêrneffens falt yn it suden mear rein as yn it noarden, it klimaat fan it lân wurdt as tropysk skaaimerke.

Skiednis

Yn 1905 waard yn it gebiet fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk fan no de Frânske koloanje Oubangui-Chari oprjochte, dat mei oare gebieten yn 1910 ta Frânsk-Ekwatorjaal Afrika gear foege waard.

Yn 1958 waard Oubangui-Chari in autonome steat yn de Frânske Mienskip ûnder de namme Sintraal-Afrikaanske Republyk. Op 13 augustus 1960 waard it lân in ûnôfhinklike republyk. Troch in steatsgreep yn 1966 fan it leger waard de grûnwet bûten wurking steld. As nije presidint tredet kolonel J.B. Bokassa op, dy't sûnttiid in protte foechens nei him ta loekt. Yn 1976 ropt Bokassa it lân út ta keizerryk mei himsels as earste keizer.

Demografy

Befolking

Sûnt de ûnôfhinklikens hat de befolking fan de Sintraal-Afrikaanske Republyk him fjouwerfâldige. Yn 1960 bestie de befolking noch út 1.232.000 minsken. Yn 2009 wie dat oanwaakse oant 4.422.000. De befolking hat lykwols slim te lijen troch de gefolgen fan AIDS.

De naasje is ferdield yn mear as 80 etnyske kloften, elts mei in eigen taal. De grutste etnyske kloften binne de Baya (33%), Banda (28%), Mandjia (7%), Sara (10%), Mboum (7%), M'Baka (4%), Yakoma (4%), en Fulany (3%), oaren 4%, Jeropeanen ynbegrepen meast fan Frânske komôf.

Religy

Kristenen foarmje de helte fan de befolking, wylst 35% noch de ynhiemske godstsjinsten oanhinget. De islam wurdt dien troch goed 15% fan de bewenners fan it lân.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.