Sintraal-Jeropa of Midden-Jeropa is it gebiet dat tusken East-Jeropa en West-Jeropa yn leit en de midden fan it Jerpeeske kontinint beslacht. Wêr't krekt de grinzen fan dit gebiet lizze, is dizenich, mei't der in hiel soad ferskillende definysjes fan besteane. Wat neffens ien definysje ta Sintraal-Jeropa heart, kin yn in oarenien wol ta East-, West-, Noard-, Súd- of Súdeast-Jeropa rekkene wurde. It ferskil yn definysjes wurd feroarsake troch wêr't men sa'n definysje op basearret, en dêrby kin it gean om geografyske, histoaryske, polityk-steatkundige, kulturele of etnyske omtinkens. Lang hat de term 'Sintraal-Jeropa' grutdiels yn ûnbrûk west om't it wrâlddiel yn 'e tiid fan 'e Kâlde Oarloch by it Izeren Gerdyn lâns opdield wie yn in westlik en in eastlik part, wêrby't Sintraal-Jeropa midstwa snien waard.
Gongberste definysje
Yn 'e gongberste definysje bestiet Sintraal-Jeropa út 'e Alpenlannen oanfolle mei de saneamde Visegrádgroep:
- Alpenlannen:
- Visegrádgroep
Utsein Lychtenstein en Switerslân binne alle lannen fan Sintraal-Jeropa lidsteaten fan de Jeropeeske Uny.
Oare definysjes
By oare definysjes wurde ornaris gebieten oan 'e boppeneamde omskriuwing fan Sintraal-Jeropa tafoege. As dêrby lânsgrinzen folge wurde, kin dat gean om:
Wannear't men ôfwykt fan 'e lânsgrinzen wurde by guon definysjes de folgjende gebieten ek wol ta Sintraal-Jeropa rekkene:
- de Bûkovina (heart by Roemeenje)
- de Elzas (heart by Frankryk)
- de noarldike Feneto (heart by Itaalje)
- Friûly-Julysk Feneesje (heart by Itaalje)
- Galysje (heart by de Oekraïne)
- Kaliningrad (heart by Ruslân)
- Karpatysk Roeteenje (heart by de Oekraïne)
- noardlik Kroaasje (dus sûnder Istrje en Dalmaasje)
- Loataringen (heart by Frankryk)
- Súd-Tiroal (heart by Itaalje)
- Transsylvaanje (heart by Roemeenje)
- de Woiwoidina (heart by Servje)
Yn guon definysjes, bgl. yn Meyers Grosses Taschenlexikon, wurde ek Nederlân, Belgje en Lúksemboarch ta Sintraal-Jeropa rekkene.
Galery
- Sintraal Jeropa neffens Peter J. Katzenstein, Mitteleuropa: Between Europe and Germany (1997)
██ de Visegrádgroep
██ lannen dy't mooglik ta Sintraal-Jeropa rekkene wurde kinne
- Neffens The Economist en Ronald Tiersky, Europe Today (2004)
- Neffens Lonnie R. Johnson, Central Europe: Enemies, Neighbours, Friends (1996)
██ Sintraal-Jeropa neffens de Wrâldbank en de OECD
██ Sintraal-Jeropa yn 'e bredere sin
- Neffens de Encarta Encyclopedia (2009)
██ Sintraal-Jeropa
██ "Súd-Sintraal-Jeropa" (Sloveenje)
- Neffens Meyers Grosses Taschenlexikon (1999)
██ Sintraal-Jeropa yn 'e inge sin
██ Sintraal-Jeropa yn 'e bredere sin
██ Lannen dy't soms ta Sintraal-Jeropa rekkene wurde
- Neffens Brockhaus Enzyklopädie (1998)
- Neffens Robert Bideleux and Ian Jeffries, A History of Eastern Europa: Crisis and Change (1998)
- Neffens E. Schenk, Mitteleuropa (1950)
- Neffens Alice F.A. Mutton, Central Europe: A Regional and Human Geography (1961)
- Neffens Meyers Enzyklopaedisches Lexikon (1980)
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|