Sint-Willibrordustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Drinte | |
plak | Coevorden | |
adres | Wilhelminasingel | |
koördinaten | 52° 39' N 6° 44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Sint-Willibrord | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Wolter te Riele | |
boujier | 1914 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 468607 [1] | |
Webside | ||
Side Immanuelparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Willibrordustsjerke oan 'e Wilhelminasingel yn Coevorden is in tsjerke fan de roomsk-katolike Immanuelparochy.
Skiednis parochy
De Willibrordusparochy ûntstie yn 1787 en is dêrmei de âldste roomske parochy fan Drinte. Yn 2018 gyng de parochy mei in tal oare parochy's op yn de Immanuelparochy. Dêrûnder wiene njonken de Willibrordustsjerke ek de mienskippen fan:
- Sint-Fransiskus fan Assisy, Steenwijksmoer
- Sint-Nikolaas, Schoonebeek
- Sint-Bonifatius, Nieuw-Schoonebeek
- Us-Leaffrouwe Keninginne fan Frede, Weiteveen
Tsjerkegebou
De hjoeddeiske Willibrordustsjerke ferfong in earder tsjerkje, dat ynearsten oan Us Leaffrouwe wijd wie en tsjin it ein fan de 18e iuw boud waard. Foar dy tiid wiene katoliken oanwiisd op it oanbuorjende Laar oan de oare kant fan de Dútske grins. It tsjerkje waard yn 1816 of 1818 grutter makke en krige doe as patroanhillige de apostel Willibrord. In twadde ferbouwing fûn yn 1858 plak.
De hjoedeiske neogoatyske tsjerke waard tusken 1913 en 1914 boud as in trijeskippich gebou mei in súdwestlike toer. It ûntwerp is ôfkomstich fan Wolter te Riele (1867 - 1937) út Dimter. De âlde tsjerke waard yn de Earste Wrâldkriich noch brûkt om flechtlings op te fangen en dêrnei as ferieningsgebou, oant yn 1933 de ôfbraak folge.
It ynterieur fan de Willibrordustsjerke waard yn 1925 beskildere troch de firma Cuypers út Roermond, mar nei it Twadde Fatikaansk Konsylje waarden dy beskilderings ferwidere. Ek it alter, de preekstoel, de kommunybank en bylden waarden yn it ramt fan de liturgyske herfoarmings ferwidere. De tsjerke waard yn 1982-1983 restaurearre.
Oargel
It oargel stie eartiids noch yn de âlde tsjerke en waard oarspronklik yn 1880 boud troch Wilhelm Rütter út Kevelaar. Yn de jierren 1962-1963 ferboude Vermeulen út Weert it mechanyske ynstrumint ta in elektropneumatysk oargel. It oargel krige doe in nije spyltafel en it waard útwreide mei piipwurk fan in oargel út Gorkum. Ut dy tiid datearret ek de oargelkas. Sûnt is der neat feroare oan de disposysje.[2]
Sjoch ek
- Krústsjerke (PKN)
- Singeltsjerke (PKN)
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|