St. Petersburg
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Pinellas County
Sifers
Ynwennertal244.997 (2011)
Oerflak356,4 km² (ynkl. wetter)
159,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.1.532 / km²
StêdekloftTampa
Hichte13,4 m
Oar
Stifting1888
TiidsôneUTC-5
SimmertiidUTC-4
Koördinaten27°46′23″N 82°38′24″W
Offisjele webside
www.stpete.org
Kaart
De lizzing fan St. Petersburg yn Pinellas County en yn 'e steat Floarida.

St. Petersburg (gauris ôfkoarte ta St. Pete of The Burg) is in stêd oan 'e westkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida, yn Pinellas County. It leit op in skiereilân mei oan 'e eastkant de Baai fan Tampa en oan 'e westkant de Golf fan Meksiko. Yn it noarden leit de lântonge dy't it mei it fêstelân fan Floarida ferbynt, wylst der oer de Baai fan Tampa hinne brêgen oanlein binne nei it eastliker sitewearre Tampa ta. Mei 245.000 ynwenners (neffens in offisjele skatting út 2011) is St. Petersburg de op trije nei grutste stêd fan 'e stêat (nei Jacksonville, Miami en Tampa), en fierders is it de grutste stêd yn Floarida dy't net it haadplak fan in county is. Nei Tampa is St. Petersburg ek de grutste stêd yn it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne; it makket diel út fan deselde stêdekloft dêr't ek Tampa ta heart, en dy't in befolking fan goed 2,8 miljoen minsken hat.

Skiednis

St. Petersburg waard yn 1888 stifte troch John C. Williams, in pleatslike grûnbesitter dy't oarspronklik út Detroit kaam, en Peter Demens, dy't derfoar soarge dat der in spoarline nei de krite ta oanlein waard. Fjouwer jier letter, yn 1892, doe't it likernôch 300 ynwenners hie, krige it de status fan stêd. St. Petersburg waard ferneamd nei it Russyske Sint-Petersburch, dêr't Demens opgroeid wie. Neffens de leginde tosten Williams en Demens derom om út te meitsjen wa fan harren beiden oft in namme foar de nije delsetting betinke mocht.

De haven fan St. Petersburg.

F.A. Davis, oarspronklik in útjouwer út Philadelphia, joech St. Petersburg yn 1897 syn earste elektrisiteitsnetwurk en yn 1904 in tramtsjinst. De earste yndustry waard yn 1899 yn St. Petersburg brocht troch Henry W. Hibbs, út Newport yn Noard-Karolina, dy't yn 'e stêd in fiskferwurkjend bedriuw en in fiskôfslach begûn, dêr't binnen in jier tiid deis mear as 450 kg fisk ferhannele waard.

It útbaggerjen fan it farwetter, tusken 1906 en 1908, makke St. Petersburg berikber foar gruttere seeskippen, wat in triuw yn 'e rêch wie foar de pleatslike ekonomy. Mear baggerjen ferbettere yn 'e 1910-er jierren de haven. Tsjin dy tiid hie de stêd in ynwennertal fan rom 4.100. Yn 1914 waard der in fêste loftferbining opset tusken St. Petersburg en Tampa troch de St. Petersburg-Tampa Airboat Line.

Geandewei de tweintichste iuw woeks it tal ynwenners fierder oan, mei in befolkingseksploazje tusken 1950 en 1960, fan 97.000 ta 181.000, fanwegen de ûntwikkeling fan betelbere airconditioningapparatuer. Fan 'e santiger jierren ôf waard St. Petersburg populêr as pinsjonearringslokaasje fan 'e begoedige middenklasse út it Amerikaanske Midwesten, en tsjin 1980 hie de stêd in befolking fan krapoan 240.000 minsken. Dêrmei wie it hichtepunt dan ek sa'n bytsje berikt: St. Petersburg groeide noch troch oant 248.000 ynwenners yn 2000, mar foel dêrnei tebek oant rom 244.000 yn 2010.

St. Petersburg hjoed de dei

Hjoed de dei moat de ekonomy fan St. Petersburg it fral hawwe fan toerisme en sûnenssoarch. Op 'e ranglist mei de tsien grutste wurkjouwers yn 'e stêd steane trije grutte sikehuzen. Wat besjensweardichheden oangiet, hat St. Petersburg, njonken sinne en strân, foar keunstleafhawwers in Museum of Fine Arts en in Salvador Dalí Museum, foar bern it bernemuseum Great Explorations, en foar folwoeksen besikers in Holocaust Museum.

It stedhûs fan St. Petersburg.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan St. Petersburg 17,4% 65 jier of âlder en 21,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 35,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 64,3% blanken; 6,6% Latino's; 3,2% Aziaten; 23,9% swarten; 0,3% Yndianen; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op taalkundich mêd waard by de folkstelling fan 2000 fêststeld dat 88,5% fan 'e befolking fan St. Petersburg yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 4,4% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Dútsk, mei 0,8%, folge troch Frânsk (0,7%), Fjetnameesk (0,7%), Servo-Kroätysk (0,5%) en Laotiaansk (0,5%).

Berne yn St. Petersburg

Klimaat

St. Petersburg by nacht.

St. Petersburg hat in fochtich subtropysk seeklimaat, dat deun tsjin 'e kritearia fan in tropysk klimaat oan sit. Fanwegen in gemiddelde fan 361 dagen sinneskyn per jier wurdt it ek wol The Sunshine City neamd, en om dyselde reden hawwe har der in protte pinsjonearden út noardliker kontreien fan 'e Feriene Steaten nei wenjen set (wat wer de reden is dat de stêd ek wol húnd wurdt as "Gods Wachtkeamer"). Jannewaris en febrewaris binne de kâldste moannen fan it jier, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 22 °C. De hjitste moannen binne july en augustus, as de deitemperatuer trochinoar 33 °C is.

Wat delslach oangiet, dêrfan kriget de stêd jiers yn trochsneed 1.160 mm, it measte simmerdeis yn 'e foarm fan swierwaarbuien op 'e middei. Dêrby wurdt it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne algemien erkend as de "wjerljochthaadstêd fan Noard-Amearika", mei't wjerljochtslaggen der jiers 10 deaden en 30 ferwûnen feroarsaakje. Snie falt mar komselden yn St. Petersburg, en snie yn mjitbere hoemannichten is sels noch seldsumer. Fierders leit de stêd ek yn it paad dat tropyske stoarmen elts jier geane fan 'e Atlantyske Oseaan nei de Golf fan Meksiko. De stêd krige foar it lêst in foltreffer fan in orkaan te ferwurkjen yn 1921.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.