Sint-Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Eastrum | |
koördinaten | 53° 19' N 6° 03' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
status | net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1500 | |
boustyl | romaanske en gotyske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31590 | |
Webside | ||
PKN gemeente Ie-Eastrum-Jouswier | ||
Kaart | ||
De Sint-Nikolaastsjerke is in monumintale, yn de 16e iuw boude tsjerke yn Eastrum.
Skiednis
De tsjerke stiet op in diels ôfgroeven terp. De sealtektoer is boud yn de 13e iuw, it skip en itkoar yn de 16e iuw. De rûzings oer de boutiid fan it skip binne ûngelyk. Karstkarel jout as bouperioade omtrint 1550, de Stichting Alde Fryske Tsjerken situearret de bou wat earder, nammentlik ein 15e, begjin 16e iuw. Oars as de súdlike muorre mei seis finsters, hat de noardlike muorre mar ien finster.
By in restauraasje yn 1937 waarden twa foarse steunbearen oan de westlike muorre fan de toer ferwidere. De eardere ferwidere steunbearen oan it skip binne by in restauraasje fan 1973 ûnder lieding fan ir. P.B. Offringa út Grins wer op 'e nij mitsele.
Op it dak lizze oan de súdkant healrûne, om bar mei de bolle en mei de holle kant nei boppen ta. Soksoarte pannen wurde ek nonnen en muontsen neamd.
Tsjerklik is Eastrum ferbûn oan de PKN-gemeente Ie-Eastrum-Jouswier. Sûnt 2003 wurdt de Nikolaastsjerke net mear brûkt as tsjerke. De tsjerke is in ryksmonumint en eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Ynterieur
It tsjintwurdige ynterieur giet werom op in werynrjochting yn 1822. It tradisjonele protestantske ynterieur fan in Fryske tsjerke feroare doe yn in foar de 19e-iuw karakteristyk tsjerkeynterieur: de 18e-iuwske preekstoel ferhûze fan de súdlike muorre nei it koer en it bankeplan waard dêrop oanpast. In âld doopstek út 1658 waard by dy gelegenheid ferfongen troch in nijenien. Ek it houten tonferwulft is doe fernijd.
By restauraasjewurk yn 1973 binne yn de tsjerke muorreskilderings fûn, mooglik út 1582. It binne bysûndere ôfbylden fan fiif goatyske tsjerken en in toer. Net dúdlik is hokker tsjerken ôfbylde binne, ien fan de tsjerken hat wat fan de abdijtoer fan Dokkum.
Yn de tsjerke hingje rouboerden fan de famylje Eelcama en stiet in hearebank fan de famylje Mellema. De tsjerkeklok is yn 1457 makke troch klokkejitter Henrik Kokenbacker.
Oargel
Yn de Nikolaastsjerke is in mechanysk sleeplaadoargel yn in behuzing fan ± 1900. It ynstrumint sels is lykwols âlder en ôfkomstich út in tsjerke út Heiligerlee. De namme fan de oargelbouwer is net bekend. Van Vulpen restaurearre it ynstrumint yn de jierren 1974-1979. It oargel hat seis registers op ien manuaal mei in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|