Sint-Martenstsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
plakMiddelbert
adresNoorddijkerweg 16
koördinaten53° 13' N 6° 38' E
Arsjitektuer
boujier13e iuw
boustylromanogotyk
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer18760
Webside
Side fan de tsjerke op SAGT
Kaart
Sint-Martenstsjerke (Grinslân)
Sint-Martenstsjerke

De Sint-Martenstsjerke yn it Grinslânske doarp Middelbert is in fan oarsprong let-romaansk tsjerkegebou. De Herfoarme gemeente droech yn 1974 it gebou oer oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis

Ynterieur.

It âldste diel fan 'e tsjerke datearret út de iere jierren fan 1200. Healwei de 13e iuw waard de tsjerke nei it westen ta mei twa smellere traveeën útwreide. De tsjerke krige yn 1683 in dakruter en yn 1731 waard de hiele westlike gevel fernijd.

Yn 1775-1776 waard it koer fernijd en út dy tiid datearje ek de goatyske finsters yn 'e muorren fan it tsjerkeskip. Yn 1905 krige de westlike gevel it hjoeddeiske oansjen mei twa spitsbôgige finsters en in rûn finster, dy't alletrije smei-izeren trasearings krigen. De muorren krigen doe in pleisterlaach, dy't by de restauraasje fan 1975-1977 ferwidere is. Tsjintwurdich is allinne de westlike gevel noch bepleistere.

Ynterieur

De Martenstsjerke besit in geve ynrjochting. Preekstoel, doophek en fjouwer kroanluchters datearje út 1743. Fierder binne der nachtmielsbanken mei opsetstikken út 1850. It offerblok datearret fan 1655. De âldste sark is fan 1601, de oare sarken binne út de 17e, 18e en 19e iuw.

Ut de roomske tiid datearje de nissen yn de muorren. Ek binne der noch in tal wijingskrusen bewarre bleaun.

Oargel

It oargel waard yn 1822 boud troch Johannes Wilhelmus Timpe. It twamanualige ynstrumint hat fyftjin registers en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel, ISBN 9789033005589

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.