Sint-Lambertustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Opmeer | |
plak | De Weere | |
adres | Driestedenweg 1 | |
koördinaten | 52° 43'N 5° 59'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Haarlim-Amsterdam | |
patroanhillige | Lambertus fan Maastricht | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Nicolaas Molenaar | |
boujier | 1906 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 510440 [1] | |
Webside | ||
www.kerkdeweere.nl | ||
Kaart | ||
De Sint-Lambertustsjerke is in monumintale roomske tsjerke yn it Noard-Hollânske doarpke De Weere. De tsjerke is wijd oan Lambertus fan Maastricht.
De parochy makket diel út fan de 'Regio De Waterkant', in gearwurkingsferbân fan meardere parochy's, dy't fierhinne selstannich binne en in eigen idintiteit ha.[2]
Yn 2023 waard bekend dat de Lambertustsjerke ien fan 'e 9 katolike tsjerken yn it west fan West-Fryslân is, dy't skielk sluten wurde sil. Foar de Lambertustsjerke sil dat yn in termyn fan maksimaal fiif jier barre.[3]
Skiednis
De bou fan de hjoeddeiske Lambertustsjerke sette útein nei't de foargonger út 1816 op itselde plak yn 1904 ôfbrutsen wie. Dy regelmjittich útwreide foargonger ferfong yn 1816 ferskillende skûltsjerken yn de omkriten en waard ferskillende kearen ferboud. Yn 1855 waard de pastorij boud, dy't der noch jimmeroan stiet. Yn feite is de Lambertustsjerke fan De Weere ien fan de opfolgers fan de tsjerke fan it oanbuorjende doarp Lambertschaag, dy't yn de tiid fan de reformaasje yn protestantske hannen oergyng.
De hjoeddeiske Lambertustsjerke waard neffens in ûntwerp fan Nicolaas Molenaar boud as in trijeskippige tsjerke yn neogoatyske styl en op 6 maaie 1907 ynwijd. It skip fan de tsjerke hat seis traveeën en in fiifsidich preesterkoer. It middenskip hat in houten ferwulft, de sydskippen hawwe stiennen krúsribferwulften. Tsjerke, pastorij en it hekwurk foar de tsjerke binne ryksmonuminten.
In brân dy't ûntstie by it bestriden fan de boktuorre yn 1963 brocht grutte skea oan de tsjerke, wêrby't it dak ferlern gyng. Ek in diel fan it middenskip waard ferneatige en de flier en de banken mei de preekstoel rekken skeind; de apsis en de sydskippen bleaune sparre. In restauraasje fan de tsjerke folge en op 16 desimber 1964 koe de tsjerke wer yn gebrûk nommen wurde. De tsjerke krige neffens de liturgyske feroarings fan de jierren 1960 in folksalter, weryn't bylden fan de eardere preekstoel op'e nij in plak krige.
Oargel
It oargel waard troch L.S. Ypma yn 1885 yn de âlde tsjerke boud. It waard yn 1908 yn de nijbou it oargel wer opboud op in ûnderbou yn de nis fan de koargalerij troch Vermeulen út Alkmar en by dy gelegenheid ferboud ta in ienmanualich pneumatysk ynstrumint. Yn 1956 waard de disposysje fan it oargel útwreide en de spyltafel nei de sydkant ferhûze. Nei de brân yn 1960 waard it oargel yn 1965 troch Vermeulen revisearre. Oargelbouw Alkmaar revisearre yn 2013-2014 de pneumatyske traktuer en sette de spyltafel wer op it oarspronklike plak foar it oargel werom.
Klokken
Yn de tsjerke hingje trije yn 1949 getten klokken út de yn 1977 ôfbrutsen Sint-Ludgerustsjerke yn Utert. It Angelusklokje is in yn 1695 troch Fremy getten klok.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|