Sint-Fitustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Wetsens
adresOpgong 1
koördinaten53° 20' N 6° 02' E
Tsjerklike gegevens
patroanhilligeFitus
Arsjitektuer
boujier1
boustylromaanske arsjitektuer mei goatyske feroarings
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer31596
Webside
Stifting Alde Fryske Tsjerken
Kaart
Sint-Fitustsjerke (Fryslân)
Sint-Fitustsjerke

De Sint-Fitustsjerke is in 12e iuwsk tsjerkegebou yn Wetsens. De tsjerke waard yn 2016 troch de PKN-gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt tsjintwurdich út en troch brûkt foar trou- en routsjinsten en muzikale útfierings.

Bouskiednis

De romaanske Fitustsjerke stiet op in fjouwer meter hege terp, dy't tsjin it ein fan de 19e iuw foar it grutste part ôfgroeven waard. Op de terp hinne is de radiale struktuer noch foar in diel oanwêzich. De tsjerke waard yn de 12e iuw boud, mooglik noch earder, en hie oarspronklik faaks in reiten tek. Oarspronklik wie it tufstiennen skip nei it westen ta likernôch fjouwer meter langer en waard it dêr ôfsletten mei in sealtektoer. Op de hoeken krige de tsjerke in fundearring fan fjildstiennen, dy't der yn de omkriten folop te finen wiene.

De tsjerke yn 1723 neffens Jacobus Stellingwerf mei toer en goatyske ramen yn de noardmuorre

Yn 1841 besletten de tsjerkfâlden de toer fanwegen boufalligens ôf te brekken. Wylst dêr al in begjin mei makke wie stoartte de toer op in snein yn. De tradysje wol ha dat de dûmny krekt preekje soe oer Simson, dy't mei it omfier triuwen fan de pylders de timpel fan de Filistinen ferwoastge. Op it plak krige de tsjerke in trijesidige ôfsluting fan gieltsjes mei oan de bûtenkant in houten ôfdak foar de klok.

Muorrewurk

Oan de tsjerke waard yn de rin fan de tiid hiel wat ferboud, itjinge goed oan it muorrewurk falt ôf te lêzen troch de tapassing fan ferskate stiensoarten. It oarspronklike muorrewurk yn it eastlike diel fan de noardlike muorre bleau it bêste bewarre. Yn de noardlike muorre binne de lytse heechlizzende romaanske finsters tichtmitsele, lykas ek de hagioskoop of piskina yn it noardeastlike diel. De sparfjilden mei rûnbôgefriezen binne skieden troch Bremer sânstien. Ek de goatyske ramen fan de súdlike muorre binne letter ynbrocht. Boppe de spitsbôgen is oan de bakstien te sjen dat it skip ea ferhege is. Op de grins mei de 19e iuwske westlike ôfsluting is yn de eastlike muorre in goatysk portaal. Foar dy tagong oer is oan de súdlike kant in 16e iuwske tagong ûnder in segmintbôge.

De tsjerke waard yn de jierren 1970 restaurearre troch P.B. Offringa, Grins. Ut dy tiid stamt de houten oanbou fan de noardlike muorre. Achter de oanbou binne de resten fan in eardere sydkapel.

De tsjerke waard al sûnt de jierren 1990 net mear brûkt en is op 8 april 2016 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Ynterieur

De noardmuorre

It ynterieur fan de Fitustsjerke is tige ienfâldich. Eartiids hat de tsjerke in stiennen ferwulft hân, dêr't yn de tsjerke noch spoaren fan te sjen binne. Tsjinwurdich hat de tsjerke in flak houten balkenplafond. Wylst it koer bûten fiifsidich is, hat it yn de tsjerke in healrûne foarm. De alterstien fan reade sânstien út de katolike tiid waard nei de reformaasje as drompel ûnder de súdlike tagong lein. Nei de restauraasje yn de jierren 1970 krige de stien in plak yn it koer fan de tsjerke. Mei de lêste grutte restauraasje waarden ek de nissen en de âlde finsters yn de tsjerke wer foar it sicht helle.

Nei alle gedachten stamme de preekstoel, it doophek, it tekstboerd en de banken út de tiid fan de restauraasje yn 1836. It neamen wurdich is in sark fan de Dokkumer kûper Luitien Coerts († 1580) mei reliëfs fan it ark dat er by syn wurk brûkte.

De klok fan de tsjerke út 1842 waard yn 1943 troch de Dútsers foardere en omraand. De tsjintwurdige klok waard nei de kriich getten.

Rouboerd

Yn 2022 krige de tsjerke fan de keunstner Hein van Delft in modern keunstwurk yn de foarm fan in rouboerd. Op it boerd stiet in ôfbyld fan in goudkleurige skries mei aaien en it râneskrift 'dy't net benne binne'.[1]

Oargel

It oargel op de út it begjin fan de 19e iuw stammende kreake waard yn 1933 oankocht út Sappemeer. It bestie út ûnderdielen fan trije ferskillende oargels, dêr't in tige âld ynstrumint ûnder is. It waard yn 1974 ferboud troch de bruorren Van Vulpen en krige doe in nije kast.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo De Dongeradielen, Herma M. van den Berg
  • Kerk in Noordoost-Friesland, Albert Buursma ISBN 978-3-7954-1838-0
  • Reliwiki, oproppen 20.03.2018

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.