Sint-Fitustsjerke (Blauhûs) | ||
De tsjerke yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Blauhûs | |
adres | Vitusdyk 27 | |
koördinaten | 53° 1'NB, 5° 32'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Sint-Fitus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Pierre Cuypers | |
boujier | 1869-1871 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 515166 | |
Webside | ||
Antonius fan Padûaparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Fitustsjerke is in roomsk-katolike, oan Sint-Fitus wijde, tsjerke yn Blauhûs. De arsjitekt is Pierre Cuypers en opsichter wie de lettere ryksboumaster C.H. Peters. De tsjerke, in trijeskippige krúsbasilyk mei toer, waard yn 1869-1871 boud yn neogotyske styl.
Skiednis
Nei de reformaasje fan 1580 wie de roomske religy ferbean, mar net elk gie op 'e nije leare fan 'e kalvinisten oer. De katoliken moasten it ha fan rûnreizgjende preesters, dy't temûk missen fierden en sakraminten tatsjinnen. Yn 1651 ferbettere de sitewaasje mei 't it polderbestjoer fan 'e drûchmealle Sinsmar it polderhûs beskikber stelde as skûltsjerke. Fanwegen de blauwe dakpannen stie dat polderhûs bekend as "it Blauwe Hûs". Sa ûntstie op 'e himrik fan Westhim in roomske enklave, it lettere selstannige doarp Blauhûs.
Patroan fan it doarp en de tsjerke is Sint-Fitus, dy't ek om syn leauwe ferfolge waard en op jonge leeftiid de marteldea stoar. De needhelper Fitus kin oanroppen wurde tsjin in grut tal rampen en is patroan fan it eardere bisdom Ljouwert.
Bou fan de Fitustsjerke
Bouhear Pierre J.H. Cuypers, begûn mei de bou fan 'e hjoeddeiske Fitustsjerke oan syn earste bouopdracht yn Fryslân. De bou fan tsjerke en pastorije begûn yn july 1868, de oplevering wie yn maaie 1870. De pastorije is yn de styl fan de Frânske renêssânse, de tsjerke neogoatysk.
Ek it ynterieur waard troch Cuypers ûntwurpen. Net sa wenstich foar in neogoatyske tsjerke is de tapassing fan it alternearjend stelsel yn it ynterieur. Under de ramen steane hilligen dy't Fryslân kerstene hawwe.
Oargel
Boppe it portaal is it oksaal mei it oan wjerskanten fan 'e toernis ferdielde tsjerkeoargel, dat yn 1924 troch de bruorren Rohlfing út Osnabrück boud waard. By de restauraasje fan 1996 waarden eardere feroarings yn 'e disposysje werom draaid. Doe't it oargel in monumint waard is yn 2012 útein set mei in grutte restauraasje, wêrby fral de pneumatyk, de spyltafel en wynladen neisjoen binne.[1]
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|