Martinus- en Bonifatiustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Dokkum
adresKeningstrjjitte 26
koördinaten53° 19' N 5° 59' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
patroanhilligeMartinus, Bonifatius
Arsjitektuer
arsjitektPierre Cuypers
boujier1871-1872, 1878 (toer).
boustylneogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer13139
Webside
Side Pax Christi-parochy
Kaart
Sint-Bonifatiustsjerke (Dokkum)
Sint-Bonifatiustsjerke

De Martinus- en Bonifatius en geselletsjerke yn Dokkum is in roomsk-katolike parochytsjerke yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De tsjerke is wijd oan de hillige Martinus fan Toers en de hilligen Bonifatius en Gesellen.

Bouskiednis

Nei't yn de reformaasje de Dokkumer katoliken lykas yn oare plakken harren âlde tsjerke kwyt rekken oan de protestanten, folge foar de minsken dy't trou bleaune oan it âlde leauwe in iuwenlang tiidrek fan hûs- en skûltsjerken. Oan dy tiid kaam in ein mei it herstel fan de katolike hiërarchy yn Nederlân yn de 19e iuw en sûnt mochten der wer roomske tsjerken yn Fryslân boud wurde.

De Sint-Bonifatiustsjerke fan Dokkum waard neffens in neogoatysk ûntwerp fan Pierre Cuypers boud. De tsjerke wie de twadde fan de yn totaal sân neogoatyske tsjerken dy't hy yn Fryslân boude. Yn 1871 waard begûn mei de bou fan de trijebeukige basilikale krústsjerke en yn 1872, hoewol noch net foltôge, waard de tsjerke ynwijd. De tsjerke hat in tradisjonele eastlike oriïntaasje. It prysterkoar kaam oan in plein te lizzen en dêrom waard de klokketoer yn de hoeke njonken it koar en de súdlike transeptearm boud. Dy toer stoartte yn 1874 yn, mar waard wer opboud en is tsjintwurdich 47 meter heech. Oan de westside stiet noch in lytsere treptoer fan 22 meter heech. Yn 1878 wie de tsjerke foltôge.

Restauraasjes fan de tsjerke wienen der yn 'e jierren 1970 en 1980. De tsjerke is in ryksmonumint.

Ynterieur

Ynterieur

De alterromte waard nei de jierren 1960 yn it ramt fan it Twadde Fatikaanske Konsylje oanpast en fan 'e âlde kommunybank waard it hjoeddeiske folksalter makke. It neogatyske heechalter (1876) efteryn it koer toant de Brulloft yn Kana, de Samaritaanske frou by de Jakobsboarne (Jehannes 4:1-42), de reizgers nei Emmaüs en it ferhaal fan de fiif breaën en twa fisken. De predella is fersierd mei reliëfs fan it offer fan Kaïn en Abel (lofts) en it offer fan de hegepreester Melchisedek (rjochts).

De yn 1910 yn it atelier fan Mengelberg boude preekstoel is dekorearre mei fykwurk fan Kristus, Sint-Eobanus, Sint-Bonifatius en Sint-Athalarius (Eobanus en Athalarius wiene gesellen fan Bonifatius dy't ek de martlersdea stoaren).

De brânskildere ramen binne fan H. de Vos út 1904 en fan Max Weiss, in learling fan Joep Nicolas, út 1946.

Yn 'e Bonifatiuskapel rjochts fan it alter stiet ûnder it byld fan Bonifatius in tabernakel, wêryn't in part fan de plasse fan de hillige Bonifatius bewarre wurdt. Dat relikwy komt út de krypt fan de domtsjerke fan Fulda.

Oargel

It oargel is boud troch Van Dam yn 1883 en yn 'e jierren 1990 restaurearre).

Parochy

De katolike tsjerke stiet yn in gebiet dat foar it measte protestantsk is. Dat betsjut dat de parochy in grut gebiet omfiemet. Njonken Dokkum hearre de katoliken fan nochris 59 doarpen ta de parochy. Dokkum wurket nau gear mei de Sint-Martinusparochy fan Burgum.

Ofbylden

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.