Silverstone Circuit
Sirkwy
Silverstone (2020)
Silverstone (2020)
Lokaasje
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
greefskip Northamptonshire
plakSilverstone
Histoarje
type sirkwyPermanint Sirkwy
iepene1948
opdrachtjouwerRoyal Automobile Club
bochten iepening10
Hjoed de dei
eignerBRDC
lingte5,891 km
bochten18
Kaart
Silverstone Circuit (Ingelân)
Silverstone Circuit

Silverstone is in sirkwy yn Grut-Brittanje foar autosport en motorsport tichtby de stêd Silverstone. Oarspronkelik wie it sirkwy yn Northamptonshire in opliedingsfleanfjild foar Britske bommewerpers yn 'e Twadde Wrâldkriich. De earste Formule 1 Grutte Priis waard hjir yn 1950 hâlden.

Op 11 febrewaris 2010 waard bekend dat Grutte Priis Formule 1 tenei op in oare lay-out hâlden wurde sil. It sirkwy is dermei 760 meter langer wurden.

Yn 2011 waard de start- en finishline ferpleatst nei in oar rjocht stik fan it sirkwy. Neist dy nije start- en finishline is ek in folslein nij pitskompleks boud. De âlde pitstrjitte wurd noch brûkt foar guon kampioenskippen.

Skiednis

Tusken 1955 en 1986 wiksele de lokaasje fan 'e Britske Grutte Priis tusken Silverstone, Aintree en Brands Hatch, sûnt 1987 wurdt de wedstriid alle jierren op Silverstone hâlden. Yn 2010 seach it der nei út dat de Formule 1 ferhúzje soe nei it Sirkwy fan Donington, mar dit barde net fanwegen finansjele tsjinslaggen. Bernie Ecclestone tekene doe in nij santjinjierrich kontrakt mei it management fan Silverstone, sadat it sirkwy oant 2027 wis is fan in plak op 'e kalinder.

RAF Silverstone

RAF Silverstone (1945)

It Silverstone sirkwy waard oanlein op it plak fan in militêr fleanfjild yn 1943 boud troch de British Air Force, as de Royal Air Force Station Silverstone (koartwei RAF Silverstone). It fleanfjild hie trije lanningsbanen dy't - lykas gebrûkelik wie yn dy jieren - yn in trijehoek waarden oanlein. Op RAF Silverstone wie ûnder it Bomber Command en ûnderbrocht de 17e Operational Training Unit en de Vickers Wellington bommewerpers stiene hjir stasjonearre.

It binnen terrein fan it sirkwy wurdt noch altyd brûkt as fleanfjild foar helikopters.

Untwikkeling fan it sirkwy

Trije jier nei it ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard it fleanfjild yn 1948 omboud ta in sirkwy, en waarden de earste wedstriden noch op' e startbanen hâlden. it parkoers bestie praktysk allinich út lange rjochte stikken tsien bochten wêrfan twa tige skerpe hierspjeldbochten.

Yn 1949 waarden de wedstriden ferpleatst nei de ferbyningsdiken dy't om de startbanen hinne leine. Dit parkoers fan 4,469 km en acht bochten, bleau frijwat ûnferoarre foar de folgjende 35 jier. Pas yn 1975 waard der in chicane tafoege om de snelheid te ferminderjen foar de Woodcote-bocht. En yn 1987 waard in heuvel taheakke foar de bridgge-bocht. Pas nei de GP fan 1990 waard it parkoers radikaal feroare. De startbanen wiene hjirnei nog wol oanwezich op it binnenterrein fan it Sirkwy en waarden sa no en dan ek noch brûkt.

De Sirkwy waard nei 20 jier wer ferboud foar it seizoen 2010. De nije "Silverstone Arena" seksje fan it sirkwy liedt nei de Abdij -chicane nei rjochts yn 'e rjochting fan Becketts en giet dêrwei yn in hierspjeldbocht oer in lang rjocht stik nei de Priory -bocht. Dêrtroch makket de ferneamde bridgge-bocht gjin diel mear út fan it sirkwy. It nije sirkwy is mei 760 meter ferlingd nei 5,91 km, en bestiet út 18 bochten, de lanningsbanen fan it fleanfjild wiene hjirnei net mear te brûken, en fan no ôf wurdt it dan ek alline noch mar foar helikopters brûkt. Yn 2011 waard de start- en finishline ferpleatst nei in oar rjocht stik fan it sirkwy. Neist dy nije start- en finishline is ek in folslein nij pitskompleks boud. De âlde pitstrjitte wurd noch brûkt foar guon kampioenskippen.

Sirkwy rekôrs

Klasse Koereur Team Tiid Evenemint
Grutte Priis Sirkwy (2011–hjoed de dei):
F1 flagge fan Nederlân Max Verstappen flagge fan Eastenryk Red Bull 1:27.097 GP 2020
Formule 2 flagge fan Sina Guanyu Zhou flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Virtuosi Racing 1:38.182 Formule 2 2019
Formule 3 flagge fan de Feriene Steaten Logan Sargeant flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Carlin 1:45.692 Formule 3 2019
Formule W flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Alice Powell flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Racing X 1:58.094 GP 2021
Motorsport Sirkwy (2010–hjoed de dei):
MotoGP flagge fan Spanje Marc Marquez flagge fan Japan Honda 1:59.936 MotoGP 2019
Moto2 flagge fan Spanje Jorge Navarro flagge fan Itaalje Speed Up 2:04.835 Moto2 2021
Moto3 flagge fan Spanje Izan Guevara flagge fan Spanje Aspar Team 2:11.347 Moto3 2021
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.