Sifo-Dyas
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeminske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtJedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
greve Dooku
Darth Sidious
Obi-Wan Kenobi
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean2002

Sifo-Dyas (útspr.: [ˈsai̭foʊ ˈdias], likernôch: "sai-fo dy-as") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de Jedi-master dy't ferantwurdlik is foar de produksje fan it leger fan kloansoldaten dat úteinlik ta de fal fan 'e Jedi Oarder liedt. Sifo-Dyas waard foar it earst neamd yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), hoewol't er dan al mear as tsien jier dea is. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars kaam er wol fysyk foar en waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Paul Nakauchi.

Fiktive biografy

Sifo-Dyas wurdt berne op 'e planeet Minashee, ien fan 'e saneamde Cassandraanske Wrâlden, en begjint om syn gefoeligens foar de Krêft as jong bern in oplieding ta Jedi-ridder. Hy is bejeftige mei foarkennis fan (beskate parten fan) 'e takomst en klimt yn 'e jierren foarôfgeande oan 'e Nabookrisis op ta in sit yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Sifo-Dyas foarsjocht dat in grutte boargeroarloch yn it Stjerrestelsel op kommendeweis is en dat de Galaktyske Republyk ferlet hawwe sil fan in legermacht om net rêdeleas te sink te gean. De oare leden fan 'e Hege Jedi Ried fersmite syn ideeën dêroer, en as er net om lyk wol, wurdt er út 'e Ried set.

Sifo-Dyas hâldt lykwols fêst oan wat er sjocht as de iennichste mooglike rêding fan 'e Republyk en nimt yn it geheim kontakt op mei de kloanprodusinten op 'e planeet Kamino, wêrby't er beweart tastimming te hawwen fan sawol de Hege Jedi Ried as de Galaktyske Senaat. Fierder as sa komt er net mei syn plannen, om't de Sith him op dat stuit yn it fizier krije en prikken yn it wurk stelle om it kloaningsprojekt te kapen.

Koart foar de ynvaazje fan Naboo troch de Hannelsfederaasje stjoert kânselier Finis Valorum Sifo-Dyas út om klandestine ûnderhannelings te iepenjen mei it Pyke Syndikaat, dat ynfloedryk is yn 'e organisearre misdie yn it Stjerrestelsel. Mei Valorum syn persoanlike assistint Silman set er ôf nei de planeet Oba Diah. Dêr wurdt er lykwols ferret troch greve Dooku, syn eardere Jedi-master, dy't no as Darth Tyranus in learling fan Sith-master Darth Sidious wurden is. Dooku hiert de Pykes nammentlik yn om it romtefear fan Sifo-Dyas del te sjitten op 'e moanne fan Oba Diah. By it delstoarten komt Sifo-Dyas om, mar Silman wurdt troch de Pykes finzen nommen (en pas mear as tsien jier letter befrijd).

Neitiid nimt Dooku it plak fan Sifo-Dyas yn dy syn kommunikaasje mei de Kaminoänen yn. Hy nimt de Mandaloriaanske preemjejager en hierling Jango Fett yn 'e earm om as sjabloan te tsjinjen foar de kloansoldaten fan it bestelde leger. It projekt fan Sifo-Dyas wurdt ta in wapen tsjin 'e Jedi makke as Dooku de kloanprodusinten opdracht jout om hearrigens oan Oarder 66, de Grutte Suvering fan 'e Jedi, oan 'e gedrachsmodifikaasje fan 'e kloanen ta te foegjen. (Iroanysk genôch hie Sifo-Dyas dy gedrachmodifikaasje oarspronklik optocht om te tsjinjen as barriêre tsjin ferriedlike befellen oan 'e kloanen.)

Tsien jier letter, as de earste lichting kloansoldaten ree is, manipulearje Dooku en Darth Sidious de Jedi om it befel oer it leger kloansoldaten op har te nimmen. Nei trije jier oarloch, as de Jedi de kloansoldaten folslein fertrouwe, furdiget Darth Sidious Oarder 66 út. De kloansoldaten keare har as ien man tsjin harren Jedi-ofsieren en fermoardzje dyselden, wêrmei't yn ien klap it meastepart fan 'e Jedi Oarder útrûge wurdt.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.