Sietske Poepjes
politikus
Sietske Poepjes yn 2019
Sietske Poepjes yn 2019
echte nammeSietske Aleida Elisabeth Poepjes
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
bertedatum21 augustus 1979
berteplakHarns
partijCDA
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade2007-2011
Lid Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade2011-no
foargongerSjoerd Galema
offisjele webside
Sietske Poepjes, Provinsje Fryslân

Sietske Poepjes (Harns, 21 augustus 1979) is in Frysk CDA-politikus en juriste. Op dit stuit (2020) is Poepjes deputearre yn Provinsje Fryslân.

Biografy

Oplieding en wurkpaad

Poepjes gie oant 1997 nei it vwo oan it Bogerman College en studearre fan 1997 oant 2002 Nederlânsk rjocht oan de Ryksuniversiteit Grins mei in spesjalisaasje yn it steats- en bestjoersrjocht en rjochtsteory. Yn 2005 folge hja de CDA Simmerskoalle en fan 2006 oant 2007 de CDA Kaderskoalle oan it Steenkampynstitút.

Fan 2003 oant 2006 wie Poepjes beliedsmeiwurker romtlike oardening en fan 2006 oant 2011 juridysk controller by de gemeente Lemsterlân. Njonken dat wie se fan 2006 oant 2011 juridysk adviseur by de Stichting Duurzame Garnalenvisserij.

Politike karriêre

Fan 2007 oant 2011 wie Poepjes út namme fan it CDA lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 2011 ôf is se foar it CDA lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân dêr't se Sjoerd Galema opfolge; dêrmei waard hja de jongste deputearre fan Nederlân. Sûnttiids hat se ferskate portefúljes hân, ûnder oare ferkear en ferfier en miljeu. Fan 2019 ôf oan hat se Klimaat, Enerzjy, Kultuer, Underwiis en taal, Fryslân 2028, Hannelsmissys en Waadfûns yn har portefúlje. Dêrneist is se 3e loko-kommissaris fan de Kening.

Op 28 novimber 2023 waard Poepjes troch de gemeenteried fan Olst-Wijhe foardroegen as nije boargemaster. [1] Op 29 jannewaris 2024 waard bekend makke dat sy beneamd is by keninklik beslút mei yngong fan 27 febrewaris fan dat jier. [2]

Persoanlik

Poepjes waard berne yn streeksikehûs Oranjeoard yn Harns, mar is hikke en tein yn Makkum en wennet dêr ek.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.