Kaart fan Sieriksee yn 2017

Sieriksee (Nederlânsk en offisjeel: Zierikzee; Sieusk: Zurrikzeê) is stêd yn de gemeente Skouwen-Duvelân in de Nederlânske provinsje Seelân. De stêd hie begjin 2016 11.117 ynwenners en is it haadplak fan de gemeente.

Etymology

De namme fan Sieriksee is ôf te lieden ta in gearstalling fan de persoansnamme 'Siric' en it Aldnederlânske 'aa' of 'aha' dat 'wetter' betsjut. Siric of Sigiric is in âlde Germaanske namme, en in gearstalling fan de twa dielen 'sigi' (sege of oerwinning) en 'ric' (ryk, soad). Doe't de genityf -s yn 'Sirics Ee' ("de Ee fan Siric") net mear as sadanich werkend waard, is it lêste diel opfet as 'See' ynstee fan Ee (of Aa), liedend ta de hjoeddeiske stavering mei -z.

Skiednis

Yn 976 komt Sieriksee ûnder de namme Creka (kreek=streamke) foar yn in oarkunde wêryn't de Sint-Baafsabdij troch keizer Otto II befêstige wurdt yn har besittings. De namme Sieriksee komt foar it earst foar, as Siricasha, yn in oarkunde út 1156. [1]

Yn 1248 waarden de stedsrjochten fan Sieriksee troch greve Willem II fan Hollân befêstige en útwreide. De earste stedsrjochten wiene ferliend tusken 1217 en 1220 mar de krekte datum is net bekend. [2]. Oan de ein fan de midsiuwen wie Sieriksee in strategysk wichtich plak yn greefskip Seelân en omjouwing.

Yn 1303 en 1304 waard de stêd meardere kearen belegere troch Flaamske troepen ûnder lieding fan Gwijde fan Namen. De Flamingen slaggen der net yn om Sieriksee yn te nimmen en waarden úteinlik ferslein yn de Slach by Sieriksee op 11 augustus 1304 troch in Sieusk-Frânske fleat, wêrby't Gwijde fan Namen finzen nomd waard. It jier dêrnei waard op 23 juny 1305 it Ferdrach fan Athis-sur-Orge tusken greefskip Flaanderen en in keninkryk Frankryk sluten om de machtsferhâldings te regeljen.

Yn 1414, 1458, 1466, 1526 en 1576 wiene yn Sieriksee grutte stedsbrânen. Yn 1414 baarnde de helte fan de stêd ôf. Yn 1458 foel it bêste diel fan de stêd, wêrûnder it Begynhof en it kleaster fan de Fransiskanen, Minderbruorrekleaster ta proai oan de flammen. Yn 1466 baarnde in tredde fan de stêd ôf, wêrûnder de Grutte Tsjerke. Yn 1526 en 1576 wie de skea respektivelik 77 sâltketen en 125 huzen bûten de muorren fan de stêd (1526) en 50 sâltketen en 200 huzen (1576). [3].

Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard Sieriksee op 8 augustus 1572 troch geuzen ynnomd. Yn septimber 1575 lannen Spaanske troepen op Schouwen en Duiveland, en sloegen it belis foar Sieriksee. De stêd joech him oer op 29 juny 1576, mar fjouwer moannen letter ûntstie der oproer ûnder de Spaanske soldaten dy't harren soldij net krigen, wêrnei't de Spanjerts ôfsetten.

Yn de Earste Wrâldoarloch] waarden op 30 april 1917 troch in ferdwaalde Britske piloat seis bommen op de stêd smiten. De piloat hie Sieriksee betize mei Zeebrugge, der foelen trije slachtoffers. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard by Sieriksee sa'n 30 miljoen kilo munysje yn de Oosterschelde dumpt, it wie dêrmei de grutste munysjestoart fan Nederlân. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de stêd earst yn eastlike rjochting mei Plan Malta, dêrnei mei de bou fan de wyk Poortambacht ("Plan West") yn westlike rjochting útwreide.

Yn 1997 hâlde de gemeente Sieriksee op te bestean en waard de gemeente ûnderdiel fan de gruttere gemeente Schouwen-Duiveland. It gemeentehûs fan dizze gemeente stiet wol yn Sieriksee. Dit gebou is in arsjitektoanysk heechstantsje dat inte liket te wêzen op it Guggenheim Museum yn Bilbao. In skaaimerk is dat it topswier liket trochdat it nei boppen ta breder útrint. It gemeentehûs stiet oan de leane fan St. Hillaire, sa'n 800 meter fan de Dikke Toer ôf.

It besjen wurdich

Sieriksee, sûnt 1971 in beskerme doarpsgesicht, stiet bekend as monumintestêd. Foar in relatyf lyts stedsje hat de stêd in grut oantal monuminten, 568.

De Sint-Lievensmonstertoer is it meast opfallende monumint fan Sieriksee. Mei syn 62 meter is it de heechste toer yn de stêd. De toer wurdt yn de folksmûle ek wol de Dikke Toer neamd. Dizze toer liket as twa drippen wetter op de Sint-Romboutstoer yn Mechelen.

Fierder it besjen wurdich binne de:

  • Nobelpoarte
  • Noardhavenpoarte
  • Súdhavenpoarte, mei it wettersneedmonumint Hifke mar net brutsen (1970) fan Ad Braat
  • Mûne De Hoop,
  • Stellingmûne Den Haas
  • Nije Tsjerke
  • It stedhûs fan Sieriksee, út de 16e iuw. It waard yn 1772-1779 yngreven ferboud. No sit hjir it Stedhûsmuseum Sieriksee.
  • It hûs "De Haene", ek soms Tempeliershûs neamd, is in keapmanshûs út de 14e iuw. It is ien fan de âldst bewarre pânen fan Nederlân.
  • It Gravensteen, út de 16e iuw
  • Om de âlde haven steane ferskate grutte patrysjeswenningen.

Stedspoarten en stedsmuorre

Yn Sieriksee stie in stedsmuorre. De hjoeddeiske Nobelpoarte, Noardhavenpoarte en Súdhavenpoarte binne de ienige noch oerbleaune stedspoarten fan Sieriksee, de Westpoarte, Súddwellepoarte en de Haadpoarte binne yn de 19e iuw sloopt[4]. Wat no de Slingerbosk hjit wie de eigentlike fundearring fan de stedsmuorre, de grêften fan de stedsmuorre binne noch wol sparre bleaun. Der binne lykwols noch oerbliuwsels fan de stedsmuorre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Henderikx, P. A. (1997) "Het ontstaan en de vroegste ontwikkeling van Sieriksee (tot ca. 1300)" yn Kroniek van het land van de zeemeermin - 1997, Zierikzee: Vereniging Stad en Lande van Schouwen-Duiveland, pp. 5-26.
  2. Uil, Huib (1998) "De stadsrechten van Zierikzee" yn Kroniek van het land van de zeemeermin - 1998, Zierikzee: Vereniging Stad en Lande van Schouwen-Duiveland, siden 21-37.
  3. Johan de Kanter, Chronyk van Zierikzee, blz. 39, december 1795 sjoch hjir
  4. Alde stedspoarten
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.