Siegen
Boppestêd fan Siegen
Boppestêd fan Siegen
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
DielsteatNoardryn-Westfalen
KreisSiegen-Wittgenstein
Sifers
Ynwennertal103.370 (2011)
Oerflak114.67 km²
Oar
Postkoade57072–57080
Offisjele webside
http://www.siegen.de
Lizzing fan Siegen yn Dútslân

De stêd Siegen yn it Siegerlân leit yn in fertakke delling fan de boppestream fan de Sieg. De namme Siegen giet werom op de mooglik keltyske namme fan de Sieg. Yn it noarden grinzet de stêd oan it Sauerlân, yn it noardeasten oan it Wittgensteiner Lân yn it Rothaarberchtme, besuden oan it Westerwald en yn it westen oan it Wildenburger Lân. Fan 1421 oant 1815 hearde Siegen ta it besit fan de Nassaus. De Nikolaitsjerke dy't yn de 13de iuw boud waard, tsjinne ta grêfkapel foar de Greven fan Nassau.

Peter Paul Rubens

Siegen is it berteplak fan de ferneamde barokskilder Rubens. Om religieuze redenen wie syn heit Jan Rubens, jurist yn Antwerpen, nei Keulen tein. Dêr krige hy in relaasje mei de frou fan Willem fan Oranje. Hy soe soks mei de deastraf bekeapje moatte, mar om opskuor foar te kommen waard er yn de festing Dillenboarch finzen set. Nei twa jier kaam er op boarchtocht frij, mar moast wol yn Siegen bliuwe. Dêr troude er en waard soan Peter Paul Rubens berne.
It 'Siegerlandmuseum' yn it Oberen Schloss hat njonken in regionale kolleksje ek in seal mei skilderijen fan Rubens.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.