Siddebuorren Siddeburen Sibboern | ||
Herfoarme tsjerke fan Siddebuorren | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.205 (2021)[1] | |
Oerflak | 3,14 | |
Befolkingsticht. | 1021 | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' NB, 6° 52' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Siddebuorren yn de eardere gemeente Slochteren |
Siddebuorren (Nederlânsk en offisjeel: Siddeburen; Grinslânsk: Sibboern) is in doarp yn de gemeente Midden-Grinslân yn de Nederlânske provinsje Grinslân. Yn 2017 hie it doarp 2.895 ynwenners.[2] It wie dêrmei neffens ynwennertal it grutste doarp fan de eardere gemeente Slochteren.
Siddebuorren hearde fanâlds ta de lânstreek Duerswâld. Fan 1811 oant 1826 wie Siddebuorren it haadplak fan in ôfsûnderlike gemeente, mar gie letter op yn de gemeente Slochteren.
Skiednis
Fynsten út de prehistoarje litte sjen dat yn Siddebuorren al ûngefear 4500 jier lyn minsken west hawwe en der ek wenne hawwe. Yn totaal waarden yn Siddebuorren en yn de direkte omkriten 79 foarwerpen út de Stientiid fûn, wêrfan 14 yn in striel fan ûngefear 800 meter fuortendaliks oan de súdkant fan it doarp.[3] It toponym Hondswarf of Hanebulten by Wilderhof ferwiist mooglik nei in ferdwûn hunebêd.
Siddebuorren is – krekt as it tichtby lizzende Wagenborgen – ûntstien yn de achtste, njoggende of tsiende iuw as in rânefeanoanmakkerij. Oars as de rest fan Duerswâld misten yn de buorren de kilometerslange opstrekkende hearden. Ynstee dêrfan wiene dêr meardere oanmakkerijblokken efter elkoar, mei in ies-eftige ferkaveling. Fan noard nei súd:
- it lege gebiet oan de noardkant fan de eardere Molenwijk (no in ôftakking fan de Damsterwei)
- Huisweren of Siddebuorren-Noardside (no: Akkereindenweg)
- it heechlizzende gebiet tusken Oudeweg en Hoofdweg (Siddebuorren-Súdside)
- it heech lizende gebiet oan de súdkant fan de Hoofd- of Nieuweweg, oant de eardere Dwarswatering
- Veendijk
Siddebuorren wurdt yn de trettjinde-iuwske kleasterkroniken fan de abten Emo en Menko fan it kleaster Bloemhof yn Wittewierum neamd as Sigerdachurke. Dy Aldfryske namme betsjut 'de tsjerke fan Sigerd'. Yn de fjirtjinde iuw waard it plak ek wol oantsjutten mei de namme Syerdeberth (1385), dat 'de buert fan Sierd' betsjut. Parochylisten fermelde it doarp as Siardeberch (± 1475), Sidtburen (1501) en Zydtburen (1559); it wurdt fierder neamd as Sirdeberth en Sijrdeburen.[4]
Yn de buorren stiet de herfoarme tsjerke fan Siddebuorren, boud yn romaanske styl. It âldste stik fan dizze tsjerke komt út it begjin fan de trettjinde iuw en is te werkennen oan de grize dowestiennen. Letter yn de trettjinde en miskyn begjin fjirtjinde iuw waard de tsjerke útwreide en waarden der reade bakstiennen brûkt. Oan de Oudeweg stiet de yn 1912 boude grifformearde tsjerke fan Siddebuorren, dy’t hast deselde opset hat as de (letter boude) frijmakke tsjerke yn Schildwolde.
De buorskip Oostwold hie yn it earstoan in eigen parochytsjerke, dy’t omtrint de fjirtjinde iuw ferdwûn is. Oan it begjin fan de njoggentjinde iuw binne oan de Oudeweg de restanten fan in grutte romanogatyske tsjerke. It eardere doarp bleau ek letter in selsstannich kerspel en hie in eigen skoaltsje oan de Veendijk.
Yn it doarp Siddebuorren ha teminsten twa boargen stien, te witten it stienhûs fan de famylje Ewens (fermeld yn 1558, Hoofdweg 91) en it lettere Ufkenshûs, dat yn 1705 sloopt waard (Hoofdweg 99). De earste wie mooglijk it stienhûs fan de haadling Heylke Johans, dat yn 1500 troch de stêd Grins ferovere waaard. Ek op in omgrêfte persiel oan de Hoofdweg 191 hat mooglik in stienhûs stien.
It doarp hie fierders twa kleasterfoarwurken: in foarwurk fan Oldenklooster Feldwerd by Holwierde, dat om 1600 bestie út twa pleatsen dy’t flakby de beide boargen stiene, en it foarwurk Eelshûs fan it kleaster Oosterwierum by Heveskes.
Oan de súdkant fan Siddebuorren rint de Siepsloot, dy’t de grins foarmet tusken Fivelgoa en it Aldamt. It bysûndere fan dy midsiuwke politike grins is dat dy oant hjoed de dei in taalgrins is. Besuden de Siepsloot wurdt de Aldamtster fariant fan it Grinslânsk sprutsen, wylst oan de noardkant in noardlike fariant fan it Grinslânsk sprutsen wurdt. Dy fariant wurdt eigentlik op lytse ferskillen nei yn it hiele Fivelgoa sprutsen.
Oan de noardkant fan Siddebuorren – oan beide kanten fan de Woldweg – wiene twa of mear markes of meerstallen, Dellen neamd, dy’t yn 1765 kartearre waarden troch Theodorus Beckering.[5] Se waarden om 1800 hinne troch de bou fan poldermûnen drûchlein.
Yn it westen fan de buorskip 't Veen waard om 1900 baggelturf wûn. De baggelputten waarden droechlein mei in tsjasker.
Fan 1929 oant 1942 hie Siddebuorren in eigen stasjon oan it spoar fan de stêd Grins nei Delfsyl.
Buorskippen
It karspel Siddebuorren hie fanâlds teminsten fjouwer buertgilden: Westerklauw, Uiterbuursterklauw, Mentedaklauw en Ooster- of Hofsterklauw (cluft oostzijdt Sijdebuirster kerkhoff). De namme Menteda ferwiist nei alle gedachten nei ien fan de boargen, it stienhûs fan de famylje Ewens. Uiterburen betrof ek de Akkereinden oan de noardwestkant fan it doarp en in smelle stripe lân oan de Woldweg tot oan Laskwerd. Ek de lannen oan de oare kant fan De Groeve hearde dêr noch by.
De fjouwer buertgilden wiene ek ûnderdielen fan it Woldzijlvest. Oostwold foarme in ôfsûnderlik kerspel en ek in eigen sylvest, it Oostwolderzijlvest, dat boppedat it measte eastlike diel fan Siddebuorren (mei De Zanden) omfette. Krektas Oostwold hat mooglik ek de buorskip Tjuchem earst in eigen tsjerke hân. De rjochtstoel Siddebuorren hie oarspronklik trije edele heerden: Menteda, Dodinge en Oostwold, yn de 18e iuw mar twa: Ewens en Ufkeshûs, wêrfan de rjochten yn hannen rekke wiene fan de famylje Rengers fan Farmsum.[6]
Om 1700 wiene der seis of sân buorskippen:
- De Akkereinden (it noardwestlike diel fan Siddebuorren) mei Uiterburen
- Siddebuorren-Noardkant, ek wol Huisweren neamd, mei it streekje Gaarland
- Siddebuorren-Súdkant
- Nieuweweg (no Haadwei)
- Tjuchem, mei Steendam en De Hole
- Ooster- en Westerzanden en Oudeweg (ek wol Leentjer neamd). It gebiet oan de noardkant fan de Oudeweg (mei it buorskip Wilderhof) stie ek wol bekend as Oosterweeren (ek Weringe of inde Weeren) en makke mei Tjuchem, De Zanden en Oostwold diel út fan it Oostwoldersylvest
- Veendijk, mei 't Veen en Oostwold (blykber de fuortsetting fan de Nieuwe- of Oostwoldjerweg)
By de ynfiering fan it kadaster rûn 1832 waarden dizze buerten gearfoege ta de seksjes Akker-Einden, Huisweren, Siddebuorren, Tjuchem, de Zannen, Oosterweren (mei De Hole en Wilderhof) en Oostwoud. Tjuchem en it tichtby lizzende Steendam ûntwikkelen har yn de 19e iuw ta selsstannige doarpen.
Dy streekjes joegen letter harren namme oan in hânfol wetterskippen en mûnepolders: Tereveensterpolder (1779?, sûnt 1878 Ruigsterpolder neamd), Grutte (1787/1861) en Lytse Oostwolderpolder (1787/1884), Siddebuurster-, Gaarlandster- of Loegsterpolder (1800), Suder- (1801) en Noorderpolder in de Oosterweeren (1806/1807), Steendammerpolder (1803/1889), Ooster Tjuchemerpolder (1806), Osseweiderpolder (1807), Veensterpolder (1818), Holepolder (1854) en De Duif (1860); fierder it weiwetterskip Geerland (1951). Troch fúzjes en splitsingen ûntstiene de Noardlike en Súdlike Siddebuursterpolder (1879), Veentjerpolder (1923), Holepolder (1965) en Huisweersterpolder (1966).
Bysûnder yn Siddebuorren
- Grifformearde tsjerke
- Herfoarme tsjerke]
- Siddebuurster Bok. Dit is in stânbyld fan in bok dat ferwiist nei it Trijntje-Fop-gedicht fan Kees Stip (1913-2001), dat begjint mei:
In Siddeburen was een bok
die machtsverhief en worteltrok.[7] - Schanspop
- Kloksmeer Siddebuorren
- Ljocht- en Klankwike
- Natuerloop Siddebuorren
- Merke (septimber)
- jeugdhonk De Schans
- Motorcross Siddebuorren
Berne
- Jan Benninga (1894-1970), arsjitekt en wegenbouwer
- Reind Brouwer (1910-1983), romanskriuwer
Literatuer
- R. Alma, Adel en recht in Siddeburen, yn: Bie 't Schild 2 (2002), nr. 1, siden 10-15
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Siddebuorren fan Wikimedia Commons. |
Midden-Grinslân | ||
---|---|---|
Doarpen: Borgercompagnie (foar in part) • Foxhol • Froombosch • Harkstede • Hegesân • Hellum • Kiel-Windeweer • Kolham • Kropswolde • Luddeweer • Meeden • Muntendam • Noardbroek • Overschild • Sappemeer • Scharmer • Schildwolde • Siddebuorren • Slochteren • Steendam • Súdbroek • Tripscompagnie (foar in part) • Tjuchem • Waterhuizen • Westerbroek • Woudbloem | ||
Utbuorrens & buorskippen: Achterdiep • Beneden Veensloot • Blokum • Borgweg (foar in part) • Bokhörn • Boven Veensloot (foar in part) • Bovenstreek • Denemarken • Duurkenakker • Eelshuis • Foxham • Foxholsterbosch • Gaarland • Gaarveen • De Hammen • Heidenschap • Jagerswijk • Kalkwijk • Klein Harkstede (foar in part) • Kleinemeer • Korengarst • Kostverloren • Lageland • Langewijk • Lula • Martenshoek • Medumertol • Nieuwe Compagnie • Noordbroeksterhamrik • Oostwold • Oude Verlaat • De Paauwen • Roeksweer • Ruiten • Schaaphok • Siddebuursterveen • Spitsbergen •Stootshorn • Tusschenloegen • Tussenklappen • Uiterburen • Het Veen • 't Veen • Westeind • Wilderhof • Windeweer • Wolfsbarge • Zandwerf | ||
wizigje |