Sicco Douwe fan Aylva, 1794
troch Reinier Vinkeles

Jonker Sicco Douwe fan Aylva (Holwert, 30 maaie 1734 - Holwert, 1 april 1807), wie in Nederlânsk patriottysk steatsman.

Biografy

Sicco Douwe fan Aylva waard op 30 maaie 1734 yn Holwert Benne. Hy stamme út it laach Fan Aylva dat hast 200 jier lang grytmannen foar de gritenij West-Dongeradiel levere. Syn heit wie jonker Hessel Douwe van Aylva (1700-1774) en syn mem Bowina fan Burmania (1702-1771).[1] Hessel Douwe fan Aylva wie fan 1722 oant 1763 en fan 1769 oant 1772 grytman fan West-Dongeradiel dy’t ûnder syn bestjoer opfoel troch syn religieuze ferdraachsumheid.[2] Hessel Douwe van Aylva ûnderhâlde freonskiplike relaasjes mei tal fan heechleararen oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer.

Sicco Douwe van Aylva folge in militêre oplieding en wie luitenant yn it Steatkse leger[3]. Op 3 maaie 1780 folge hy Eyso de Wendt – in fortúnlike frijfeint weromkommen út de East en in oanhinger fan de Fan Aylva's - op as grytman fan Westdongeradiel.[4] Van Aylva wie in steatsgesind steatsman en wie foarstanner fan de beheining fan de macht fan de erfsteedhâlder yn Fryslân. As sadanich jildt hy as in "foarstanner fan de Fryske frijheid".[4] Court Lambertus fan Beyma, ien fan de foaroanmannen fan de Fryske patriotten, wie de sekretaris fan de gritenij. Yn 1784 waard hy kolonel fan it frijkorps yn Ljouwert. Yn 1787 stipe er de opstannige Frjentsjerter Steaten.[5] en wykte út mei syn broer nei Bremen ta. Syn graasjefersyk oan de prins waard ôfwiisd. Earst yn 1788 kaam hy nei Frankryk dêr't er him by oare Fryske ballingen foege. It kaam hast ta in duel mei Daendels.[6] Hy is skildere troch Peter Groenia. Syn offisjele ôfsetting as grytman wie yn 1789, doe’t hy opfolge waard troch Pieter Edzard baron van Harinxma thoe Slooten, ynearsten in patriot, mar yn septimber 1787 oerrûn nei de steedhâlderlike partij.[4]

Aylvastate yn Ternaard

Sicco Douwe fan Aylva kaam nei de Bataafske Revolúsje yn april 1795 werom yn Fryslân en wie mei ds. Thomas Joha (1750-1812) – dêr’t er mei befreone wie - en Johannes Hubertus Huber ien fan de lieders fan de Federalisten dy’t foarstanner wiene fan de gewestlike autonomy. Troch harren tsjinstanners, de radikale Unitaarjers waarden se sjoen as aristokraten dy’t allinnich fan it Hûs fan Oranje of woene. Yn 1795 waard Fan Aylva lid fan de Gearkomste fan Provysjonele Represintanten, in bûnt selskip dat tydlik de Steaten fan Fryslân ferfong. Yn juny 1795 waard er yn de Rie fan Represintanten fan Fryslân keazen. Yn 1796 waard er troch radikalere krêften twongen om ôf te gean.

Under kening Loadewyk Napoleon (1806-1810) wie Van Aylva fan 1806 oant syn ferstjerren lid fan it departemintaal bestjoer fan Fryslân.[4] Sicco Douwe van Aylva ferstoar op 72-jierige leeftiid, op 1 april 1807 yn Holwert.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gezinsblad van van AYLVA/van BURMANIA (F1205049202) : stamboom Boden
  2. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, side 73
  3. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, side 75
  4. 1 2 3 4 idem
  5. Kuiper, Y. (1987) Friese edelen op patriotse wegen, s. 41-58. In: For uwz lân, wyv en bern. De patriottentijd in Friesland.
  6. Rosendaal, J. (2003) Bataven! Nederlandse vluchtelingen in Frankrijk 1787-1795, s. 196.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.