Besibskip, sibskip of besibbens is it systeem fan 'e troch in kultuer erkende famyljerelaasjes tusken minsken, dy't foar it meastepart ta stân komme op biologyske of genetyske wize, troch ôfstamming (bloedsibskip), en op sosjale wize, troch houlik (oansibskip) of adopsje. Foarbylden fan biologyske relaasjes binne dy tusken twa âlden en harren (troch it proses fan fuortplanting skepen) bern, of tusken twa siblings dy't bern fan deselde âlden binne, of tusken in omke en syn omkesizzer (it biologyske bern fan syn biologyske sibling). Foarbylden fan net-biologyske, mar al sosjaal oanfurde famyljerelaasjes binne dy tusken oarehelten binnen it houlik, tusken in styfâlder en in styfbern, tusken skoanâlden en har skoansoan of -dochter, of tusken adopsje-âlden en in oannommen bern. Besibskip is sadwaande mear in kultuerferskynsel, dat útstiget boppe inkeld bloedsibskip.
Yn 'e antropology foarmet besibskip in wichtich mêd fan ûndersyk, mei't minsklike kultueren besibskipsrelaasjes ferskillend yndiele en ynterpretearje. Dêrby wurdt net eltse biologyske besibskip ek as sadanich kultureel erkend. By bloedsibskip troch ôfstamming wurdt ûnderskie makke tusken ôfstamming fia de heit (of patrilineêre ôfstamming), en ôfstamming fia de mem (of matrilineêre ôfstamming). Bloedsibben oan heitekant wurde dêrby agnaten neamd en bloedsibben oan memmekant kognaten. Yn patriargale maatskippijen, lykas de Westerske, hearre bern dy't fuortkomme út in houlik tusken âlden út twa ferskillende famyljes ornaris ta de famylje fan 'e heit en krije se dy syn efternamme dan ek. (Mei resinte oanpassings yn it houliksrjocht is dat yn Nederlân en guon oare lannen trouwens net mear folslein fanselssprekkend.) Yn matriargale kultueren is it krektoarsom, en komme bern ta de famylje fan 'e mem te hearren.
De kulturele antropology ferdjippet him yn alle manearen wêryn't sokke famyljeferhâldings har fertaald hawwe yn kultureel bepaalde struktueren. Famyljerelaasjes spylje oeral op 'e wrâld en yn eltse minsklike kultuer in wichtige rol, en folgje oeral beskate patroanen. De ferskillen yn dy patroanen meitsje út hoe't bygelyks it erfrjocht en it bestjoer regele binne en hokfoar rjochten en plichten oft men foar jins famylje oer hat (bgl. it respektearjen en/of hearrich wêzen oan 'e âlden of it beskermjen fan susters troch harren bruorren). Ek wurdt sa bepaald wa't al of net mei wa trouwe mei. Yn 'e Westerske maatskippij is it bygelyks taboe foar bruorren en susters om in seksuële relaasje te ûnderhâlden. Datselde jildt foar de measte minsklike kultueren. Yn 'e Westerske maatskippij is it lykwols wol tastien foar neven en nichten om mei-inoar te trouwen, al wurdt faak al wat mei in skean each nei sa'n relaasje sjoen. Yn oare kultueren kin it foar neven en nichten lykwols strang ferbean wêze om te trouwen of krekt folslein tastien, of it kin tastien wêze om mei jins neven en nichten oan heitekant te trouwen, mar net mei dy oan memmekant, of oarsom.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|