Sibrandahûs is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Sibrandahûs leit eastlik fan Ealsum, noardeastlik fan Dokkum en súdwestlik fan Wetsens. Sibrandahûs leit yn de himrik fan Ealsum.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Sybrandawei en de Stinstrawei. De kearn bestiet út 5 adressen oan de Sybrandawei en 1 oan de Stinstrawei.

Skiednis

Namme

Yn 1511 komt de delsetting foar as Sijbranda Huyijs. Yn 1543 waard it plakje fernijd as Sybrandehuysum, yn 1545 as Sybranthuisen, yn 1164 en om 1700 as Sibranda Huys en yn 1855 as Sibrandahuis.

Gemeentlike weryndieling

Sûnt 2019 leit Sibrandahûs yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Gebouwen

Stinstrastate

It fierst eastlik yn 'e buorskip leit Stinstrastate, in kop-hals-romppleats mei in grêft rûnom en mei it binhûs foar in part oplutsen út âlde friezen. De pleats is in ryksmonumint. Stinstrastate wurdt yn 1583 yn it saneamde Weesboek neamd as it hûs fan Jan Peterz. toe Stins, út de beskriuwing blykt dat it om in Aldfrysk langhûs gie. Der is lykwols neat bekend oer in stins op dat plak.

Miedemastate

Westliker stiet de pleats Miedemastate, ek in kop-hals-romppleats, mar mei in 19e iuwsk dwerssteand foarhûs.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Herma M. van den Berg, “De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen” 1983, Aalzum
  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.